In woesteling mei in foarhammer.

 

It moat elts jier yn jannewaris wol in nuver gesicht wêze.

In blauwe RamVan mei in karre der efter. Dy stoppet by in hikke, der stapt immen út mei in wyld bosk hier op de holle, dy docht de hikke iepen en it hiele spul ferdwynt op it hôf. Opnij stapt de woesteling út, dizze kear mei wat papierguod yn de hannen. As in beul rint er by de stiennen del en markearret guon. Dan leit er de papieren wer yn de auto, docht de efterklep iepen en siket syn ark.

In stekkarre, in foarhammer, in stjitizer, in betonskjirre en in bats. Dat guod set er by in grêfstien del. Hy sjocht noch ien kear op it papier en slacht dan mei in pear hurde klappen de stien oan moster.

Foar tafallige passanten in wreed gesicht. In woesteling dy't mei in foarhammer grêfmonuminten oan grom slacht. Ien kear yn de jierren dat ik it no doch, hat de wykplysje op besite west. De man wie tige hoeden yn wat er sizze soe, mar úteinlik kaam de aap út de mouwe. In besiker fan it hôf hie belle mei de meidieling dat der in fandaal oan it wurk wie dy't daliks stoppe wurde moast. Dat wie ik. Wy ha de saak efkes trochpraten en ik liet him it papierwurk sjen, doe ha we der tegearre om lake.

Foar dit jier ha ik se der wer ôf. Noch wat grûn yn de gatten en as de dagen langer wurde wat gerssied der oer.

Wer in oantal oantinkens fuort fan minsken dy't ea yn de Fryske Wâlden omskarrele ha, Sa giet it al ieuwenlang.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen