Damesfuotbal op It Hearrenfean.

It is winter. En dan binne de fuotbalfjilden min te bespyljen. Yn it Hearrenfean ha se ek noch in frouljusteam, alhoewol de direksje en de ried fan kommissarissen oant twa kear ta de stekker der út lutsen ha.
It is foar my dan ek in riedsel wêrom't dy froulju noch yn it shirt mei de pompeblêden spylje wolle. Oant twa kear ta it lid op de noas en dan noch pretendearje dat der frouljusfuotbal op It Feen is. Jo moatte it mar doarre.
No spylje se op freed, op sportpark Skoatterwâld. Mar dat fjild is min, dus woenen de dames graach oer de dyk yn it grutte stadion balje, dat fjild hat ferwaarming. Jo soenen sizze, dat is foar de SC gjin beswier, de gloeilampen dy't winterdeis op dat fjild steane nimme ek in sleat oan stroom. Vriendendienst. De waarme volksclub SC Heerenveen regelt dat efkes.

Ja, minsken, dy tiid hat west. De klup, dy't neffens 'úteinlik' Bart van der Meer noch nea sa goed oanstjoerd wurdt as dat it no it gefal is, is ferwurden ta in snoeihurde, ûnpersoanlike, kâlde feriening. En der binne mear dy't dat fernimme. Lykas de froulju. Lês it berjocht hjirûnder mar. Komt fan dizze side: http://www.vrouwenvoetbalnieuws.nl/?p=10304 

In team dat sûnder fatsoenlike begrutting, it is eins idealisme, fuotballet, €17.000 ôffreegje. Wolkom yn de waarme wrâld fan SC Hearrenfean. Fansels seit Robert Veenstra dat soks net kloppet, mar wat it dan wol kostje moat stiet der net by. En as it, sa as it hearre soe, fergees wie, hie er dat der daliks wol byskriuwe litten, tinke jim ek net?

Heerenveen – Sint Truiden afgelast

donderdag 24 januari 2013
Helaas is morgenavond de eerste competitiewedstrijd van de BeNeleague tussen de Heerenveen vrouwen en het Belgische St. Truiden afgelast. Het veld op Skoatterwald is afgekeurd.
Update: De vrouwen van Heerenveen probeerde het stadion te regelen maar dan moesten de vrouwen liefst 17.000 euro betalen aan het bestuur van SC Heerenveen (!) liet de vrouwenafdeling weten, maar het bestuur van de Friese club (Robert Veenstra) zegt dat dit niet klopt. Een andere optie was het veld van VV Udiros, maar Sint Truiden wenste daar niet aan mee te werken. Andere velden in Friesland waren al afgekeurd voor deze wedstrijd.
De wedstrijd zal waarschijnlijk op een doordeweekse avond overgespeeld worden.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen