Stigma oer it Frysk lêzen.

Stel: jo ha it yn de rêch. Dat komt foar. Dan binne der fan dy lju dy't jo dêr fan ôf helpe kinne. Guon dêr fan komme net út Fryslân, en ha harren yn Ljouwert te wenjen setten. Prate net Frysk, mar moatte it eins wol ferstean as it wurk harren nei in doarp bringt. 

Foar Frysk proaza in ferlerne saak, soenen jo sizze. Mar neat is minder wier. Ik sil jim in fragmint út in mail lêze litte.

Ik ben eigenlijk niet zo'n lezer, een fries boek nog helemaal nooit gelezen, maar jouw boek had ik in  2 dagen uit. Ik vond het echt een mooi verhaal, was spannend tot op het laatst. Ik had niet eens in de gaten dat het fries geschreven was.

Dizze persoan hie foar Sinteklaas foar syn frou It Dak Fan De Wrâld kocht. Syn frou hat it noch net lêzen, hy as net Fries, út de Hoofdplaats, wol.

Kin dat stigma dat op it Frysk leit der no einliks ris ôf? Al dy domkoppen hjir dy't altyd Frysk prate mar net in bek op in stikje Fryske tekst sette wolle omdat: 'Ja, eh... Dat fyn ik sa 'moeilik'.

IT IS NET DREECH!!!

Reacties

  1. Der binne sels Greenzers, dy't it lèze kinne, Ferdinand, en in oprjochte Fries wol dochs net dommer wèze as in Greenzer, Ik bin gjin Fries , mar skriuw en lès it sûnder muoite en as 't my praete hearst is der gjin ferskil. Net mear beare oer jimme '2e rykstael' dy't ferlern giet. {Verbeter de wereld, begin bij je zelf}

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen