Hackers by UPC



Wy binne klant fan UPC. Foldocht prima, der is wolris wat, mar oer it algemien wurket it aardich.

De lêste tiid krij ik geregeld fan dy nuvere mailtsjes, mei it logo fan UPC der by. Yn dy mail stiet dan dat ik 'afwijkend gedrag' fertoan as it op myn mail oankomt, en dat ik mar efkes op in link klikke moat om dat te ferhelpen.

No kin ik der mei libje as ien fan my seit dat ik 'afwijkend gedrag' fertoan, hear. Sille se miskien ek noch wol gelyk oan ha, dus dêr steur ik my net oan. 

In skoft lyn is myn mail in kear hackt, en dêr wurde jo net bliid fan. Pas dan krije jo yn it snotsje hoe ôfhinklik je fan dat digitale guod wurden binne.
As jo mail hackt is, binne jo de sigaar, want foardat se dat by UPC snappe, jo de goede persoan oan de tillefoan ha en wat oan dien wurdt, binne jo sa oardel wike op stap. 'Al onze medewerkers zijn in gesprek, wij doen ons best u zo spoedig mogelijk te helpen.' Jo kinne it rideltsje wol dreame op in gegeven momint.

No hie ik in stik as wat fan dy mail-adressen sammele, en ha niis de UPC belle. De man wie der tige wiis mei dat ik se trochjoech.
Hy hat my, as berne digibeet, ek noch efkes útlein wat ik mei dy berjochten dwaan moat. Markearje as 'ongewenste adressen' en dan binne jo fan dyselde ôf. Mar de kriminelen dy't hjir efter sitte brûke meastal mar ien kear deselde namme, dus sil der ynkoarten wol wer spam binnenkomme. Yn elts gefal nea op dy linkjes klikke en gegevens trochjaan, sei de man fan UPC.

En it wurdt teiwaar. Dat is it slimste noch.

Reacties

  1. Ja , Ferdinand, de mollen sitte hjirre yn 'e daksgoatte, mar dat is better as de helpdesk van UPC en Ziggo, want dy sitte noch tsien meter ûnder de grûn en binne hast net te berikke!

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen