Resinsje De Lêste Trúk

Steane je midden yn De Deelen, noflik oan it reedriden, trillet de Samsung. In berjocht. En dat berjocht wol ik jim efkes lêze litte. Mei tastimming fan de skriuwer.

Mar no it boek... Ik fyn it yn ien wurd prachtich!! Hiel moai geef Frysk, blomkeryk taalgebrúk en wurdenskat, dat it lêzen op himsels al ta in grut genoegen makket. Dat tegearre mei moaie koarte sinnen, wat it ferhaal tige begrypelik hâldt. Soks falt my destemear op, om't iksels as ik skriuw nochalris de fout meitsje fierste lange sinnen te meitsjen. Hawar, jo sjogge dat no sels. It ferhaal noeget al fanôf it begjin út fierder te lêzen...makket tige nijsgjirrich. De aparte persoanen, harren ûnderlinge relaasje, de ynteraksjes e.s.w.h. wurde hiel goed beskreaun; dy komme sadwaande.. 'as minsken ta libben'.. Tsjin de ein, as Sil by Evert sit te gûlen. kaam de emoasje aardich heech by my. Jo moatte witte dat ik nochal in grut 'bewustzijn' ha wat myn gefoel oangiet. Mei myn eardere berop as Psycho-Sosjaal Helpferliner sil dat jo net fernúvere. It ferhaal hie my te pakken..dat fyn ik knap dien fan jo..en oant it alderlêst bliuw it spannend.. ik hie doe noch gjin inkelde fermoeden...hoewol it my al aardich oan it neitinken set hie fansels.. mem wie yn myn holle fanwege har gedrag earder alwol fertochte..mar it bliuw in ferrassing... it hoe en wat. Dat it plot sit prachtich ynelkoar. Dat jo Henkie alle kearen sa prachtich yn in sitewaasje delsette, mei it júste byhearende etiketsje op dat stuit (autopilot/robot/esfh), dat fûn ik hiel ferrassend leuk. Gauris kaam der by my in glimkje as in laits. Myn konklúzje: Terjochte útroppen ta it bêste boek fan 2012, in oanrieder foar eltsenien dy't fan noflik lêzen haldt. Ik ha der tige fan genoaten, Ferdinand. Tankewol. Ik hoopje dat jo d'r wat mei kinne, mei myn resinsje. Hertlike groetnis, Ids Talen. 

Reacties

  1. It kommende boek hat al in titel "Feer yn 'e reet"?Mar gau mei gebak nei Boazum?

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen