Rouadvertinsje

Hielendal ferslein binne wy troch it berjocht dat ... sa ûnferwachts is ferstoarn

Nee, gjin nammen. De famylje dy't it oangiet sterkte tawinske. Mar dit wie al de tekst boppe in rouadvertinsje. En no wurde hjoed-de-dei de tiidwurden geregeld ferkeard om útsprutsen, mar jo meie der dochs fan út gean dat se sa'n wichtich berjocht efkes neisjogge.

Foaral, en dêrom lit ik dit jim efkes witte, foaral omdat dizze advertinsje kaam fan in: Stichting voor Christelijk en Algemeen/Neutraal Bijzonder Basisonderwijs in de gemeenten ... 

As de skoallen it al ferkeard dogge, hoe moatte de bern it dan yn de goedichheid leare?



Reacties

  1. Ik ergerje my kapot as de lytsbern der ûnder steane. Faaks is de grutmem dan ferstoarn.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Noch slimmer fyn ik advertinsjes yn Comic Sans.

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. Ja, krekt. Leuk foar pjutteboartersplakken en wurkstikken in groep 4 mar mear ek net. At se dat yn myn advertinsje sette, kom ik werom!

      Verwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen