Lytse sport

Op de side fan buienradar kinne jo de waarsferwachting fan 14 dagen yn it foar besjen. Blau stiet foar froast. 14 nachten froast, neffens de buienradar. It sil my benije.

Wy binne oars wol oan in winterke ta, kin alles wer moai droech en skjin wurde, en de minsken binne yn 'e regel ek aardich fleuriger as mei dat fize dampe waar dat we de ôfrûne wiken hienen.
Wy sille sjen. De redens bliuwe noch moai boppe, jo moatte de goaden net fersykje.

Ha jim der wer plat foar sitten? It riden, bedoel ik. Tafallich kaam der in tweet foarby mei wurden yn de strekking fan: 100% Nederlânsk poadium, is riden wol in internasjonale sport? Dan is dat nije Thialf wol djoer...
Sa sawat. No meie se om my dat Thialf wol bouwe, it is oeral in drama yn de bou, dus hupsakee. Mei bedriuwen út de regio, graach. Oars ha wy der ek wer neat oan.

Mar om op de fraach werom te kommen, dêr kinne wy koart oer wêze. Nee. Riden is wrâldwiid in lytse sport.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen