Risikoleas libje anno 2013, bah.

UPDEET. Sels Omrop Fryslân wit net mear hoe't de natuer wurket. Yn it nijs fan seis oere wienen bylden te sjen fan de slide yn it beferzen wetter, dêr't se dy notariskeardel fan 84 út fiske ha. De presentatrise sei: 'Dy slide sil hjoed as moarn wol wer loskomme'.
Dus wy binne al sa ûnnoazel wurden dat we miene dat de 12 oant 15 sentimeter iis dy't rûnom yn de sleatten en marren leit, der nei ien dei al út is? Tsjonge jonge. Ik tink dat se healwei nije wike piksjitte yn Earnewâld. Op iis dat neffens ús Omrop nei ien dei krekt boppe nul al ferdwûn is.

It liket wol oft sit eltsenien op teiwaar te wachtsjen. Ik snap dat net. Op alle stjoerders is in triomfantlik 'Vanaf morgen gaat het dooien' te hearren. As wolle se ôfrekkenje mei alles en eltsenien dy't op hokker wize dan ek wille oan it winterwaar belibbet. It wachtjes is op de earste dy't seit: 'En laat het dan nu ook maar voorjaar worden'. Dat sil grif net lang mear duorje.

Dom geseur. Wat is it moai skjin en himmel om 'e doar. Moarn sil it in graad as wat teie, ik sjoch der no al tsjinoan. Ien grutte fize binde. Om my mei it sa bliuwe as dat it no is. In graad as wat froast yn de nachten en deis om it friespunt hinne. Krekt genôch om te riden op it Haskerwide en yn De Deelen, mar gjin geraas oer De Tocht.
Prachtich moai droech waar, de sinne der by.

As we in wike teiwaar ha, sille jo it fernimme. 'Wat in rotweer, de hele dag regen. Was het maar zomer.' Nee, wie it mar wer winter, want dy tiid fan it jier is it. Winter jout deselde foardielen as simmer, allinnich is it in graad as wat kâlder. Mar dat wolle de memmepopkes fan hjoed-de-dei net mear. Dy fine de opwaarming fan de ierde geweldich, 'Is het straks altijd lekker weer.'

It sil my benije wannear't Brussel beslút dat Europa yn prinsipe tsjin de winter is. Omdat we hjir net mear by steat binne om normaal troch te libjen mei in skamperke froast. Treintsjes dy't net mear hobbelje wolle, minsken dy't grutsk fertelle dat se o sa 'defensief rijden met winterbanden'. Domkoppen dy't miene dat as it in nacht ferzen hat de marren beriden wurde kinne, omdat de oerheden harren net melden ha dat soks net kin.

Wy wurde allegearre grutte bern, dy't yn alles tastimming ha moatte as se wat dogge, en as it mis giet op hege toan rehabilitaasje easkje foar harren eigen dommens en ûnkunde. De risikolease mienskip yn West Europa anno 2013.

Wat in feest.

 





Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen