Defensief rijden met winterbanden.

Koart petearke, juster yn in wachtkeamer earne yn Fryslân. Dielnimmers: in man, jeuzelt mei alle minsken mei, dat ha jo nei tsien wurden wol troch. Twa: in frou, dy't ik eins leaver in wiif neame wol. Sa'nien dy't mei in begripende glim op it gesicht harket nei minsken dy't krityk ha op de burokraten en de jildfergriemers, en dêrnei mei in ûnútsteanbere eigenwize kop oerein komt en freget: 'U leest zeker geen krant?' Mei de ûndertoan fan: Do sjochst der neffens myn standert wol sa boersk út dat ik daliks de konklúzje lûk datst ek wol sa dom as in doar wêze silst.
'Nee, nim mar mei, de krante fan sneon lês ik sneons altyd,' sei ik werom. It wiif luts de noas omheech en krige de twa dagen âlde Trouw, gie wer sitten en blêde der sûnder wat op te nimmen trochhinne.

It petear: Man: 'It is wat mei dy snie, net?'
Wiif: 'Ja, ik moest in Leeuwarden zijn, heb er anderhalf uur over gedaan.'
'Oardel oere? Blinder!'
'Ja, maar ik heb natuurlijk ook behoorlijk defensief gereden, in combinatie met die winterbanden was het te doen, maar boven de 30 kilometer per uur ben ik niet geweest.'
'30...' begûn de man, mar hy seach my oan en doe wie it petear oer. Ik wol leauwe dat myn gesicht boekdielen spruts. Ik seach yn gedachten de file dy't it wiif as in lange sliert vermicelli efter har oan hie, in file fol mei minsken wa's bloeddruk omheech fleach, en dy't it wiif wol wat oandwaan woenen. In rinnend wetboek. Sokken dy't foar it twadde part fan dit bloch soargje.   

Moai. It is dan no safier, it hat efkes duorre, mar wy ha it klearspile mei-elkoar. Lokwinske.

Wy wurde in twadde België.
Trochdat we kompleet ferjitten binne hoe't wy sels neitinke moatte, komt der ynkoarten in iisferbod. In strakke brânwachtman út SWF, praat fansels Nederlânsk, ik freegje my ôf oft der yn SWF noch wol minsken binne dy't Frysk prate, sei dat it no mar ris ûndersocht wurde moast.

De plysjesteat yn wording Nederlân. Of sa as John Bosma it juster treflik sei op Twitter: Berichten uit de risicoloze samenleving: IISFERBOD.

Ik tink dat it wiif út de wachtkeamer daliks sizze sil dat se der flak foar is. 'Als de overheid zegt dat we kunnen schaatsen is dat prima, de tijd dat mensen dat zelf maar wat op zijn jan boerefluitjes meenden te mogen onderzoeken ligt gelukkig achter ons.' 

Ik moat der fan koarje. Ik wurd mislik en strontberoerd fan datsoarte folk. It folk dat der fremd fan opsjocht dat je mei de reet troch it iis sakje as it oardel nacht ferzen hat en dan nei it foarbyld fan de USA claime: 'Maar het is ons niet gemeld dat het niet kon, een schandaal is het!!! En zet bordjes op het ijs, dan kunnen we zien waar we kunnen schaatsen!!!' 
Mei oare wurden, sy dogge neat ferkeard. Ik tink dat it wiif út de wachtkeamer begripend knikke soe as se sa'n domkop hearde. 'Volkomen terechte kritiek.' 

Mei ik in amer? Koarje ik him oan de râne ta fol.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen