Iis

Op side 704 fan NOS teletekst is de waarfoarsizzing fan de kommende 5 dagen te sjen.

As ik sa troch it rút sjoch, is it in pracht. In lyts laachje snie. It sil noch krekt ûnder nul wêze. Mar winter? Ja, it liket der wat op. De NOS skriuwt: Koud winterweer. Deis in graad froast, nachts in graad as fjouwer, fiif.
It falt my al mar mear op hoe fluch de media oerstjoer wurde as der wat te rêden is. En de oertreffende trep wat dat oanbelanget is iis.

In dei as wat lyn wie al te lêzen dat troch de grutte te ferwachtsjen iisdrokte by it Haskerwide parkearwachters regele wienen. De einen kweakje fan it laitsjen.

Oprop oan de media: sykje echt nijs.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen