Nij lesmateriaal op skoallen

Opmerklik nijs.

De files nimme ôf. Ien fan de redenen dêr foar is dat de auto by minsken yn de 20, net hip mear is. Dy wenje it leafst yn de stêd, dêr't in auto net handich is. Leaver komme se fia Facebook mei-elkoar yn kontakt, en moatte se al fan hûs, brûke se de trein of oar iepenbier ferfier.

De auto net hip. Tsjonge jonge. Ik wol net leauwe dat de trendwatchers, want dy hawwe dit útfûn, geregeld op it plattelân komme. It wie foar my in befrijing doe't ik myn earste bakje kocht. Wat? Bak. Want in twa liter Toyota is gjin bakje. Hy mocht wol in slokje. Mar ik koe oeral komme. Omdat ik in hekel oan de bus of de trein ha, wie en is de auto tige wichtich, letter ek om it wurk. Mar dy nije generaasje wurket thús. Nee, se dogge neat mei de hannen, behalve toetsen yntikje.

Wat in earmoed. Niis yn Drachten seach ik it wer. Twa fammen dy't njonken elkoar rinne, mei alle twa in mobyl yn de hân. It soe samar wêze kinne dat se mei-elkoar yn petear wienen, in sattelyt as tuskenpersoan.

Oer tsien jier komt der in nij fak op de skoallen. Kommunikaasje. It praten tusken twa minsken, sûnder helpmiddels. Dat sil my in kultuerskok jaan.

Reacties

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen