Robert Veenstra is in angsthaas

Sportklup Hearrenfean stiet op it 13e plak. Dat is terjochte, want de ploech spile net goed, dat sil elts mei my iens wêze.

Op de nijjiersgearsit mei alles en eltsenien dy't wat mei de SC hat, is it tradysje dat de foarsitter in speech útsprekt. 'De club schrijft zwarte cijfers', en sa mear. Ek wol sa'n man dan graach oan de parse melde wannear't se de trener in skop jaan kinne, troch oan te jaan hoe heech it stumper op de ranglist eindigje moat.

Alteast, neffens it ynsjoch fan guon dy't alle dagen op it fjild steane, in berch ferstân fan balskoppen ha en hielendal net fine dat se sels nea gjin flaters meitsje. Ahum.

Hjoed kaam de reaksje fan de trener. Bepaald gjin lulletje rozewater, en ek net benaud. Op it domme gejeuzel dat de SC giet foar Europeesk fuotbal sei Van Basten dat er fynt dat se earst mar ris fatsoenlik opbouwe moatte fan efterút, as dat klear is komme de punten wol, en sjogge jo op de ein fan it jier wol wêr't jo steane. 'Het is niet zo slim om zo te denken,' sei er oer it ranglist-tinken fan de direksje.

Foar de safolste kear stiet der gjin sletten ploech minsken. En 'úteinlik' Bart van der Meer kin dan wol swetse dat 'Ik doar úteinlik de stelling oan dat dy klup úteinlik noch nea sa goed oanstjoerd is', ik ha it op in pypfol.

Dat in klup ambysje hat is prima. Mar by ambysje heart ek refleksje. It soarte dat Riemer van der Velde oandroech. Lit de klup efkes trochljochtsje. Jim wolle dochs dat it sa goed mooglik giet mei de SC? Jim tinke dochs dat jim it sa goed dogge, ried fan kommissarissen en direksje? Jim wolle dochs fan 'de ruis om de club heen' ôf?

Jim binne benaud. Want stel dat sa'n ûndersykje opsmite soe dat de almachtige Robert Veenstra stekken falle litten hat, dat soe safolle gesichtsferlies betsjutte foar him en de RFK dat se yn de bleate kont steane.

Dus dogge wy it mar net. It is kâld bûtendoar, no? Of net, Bart van der Meer en Robert Veenstra? 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen