Wol as net ferbrekke

Heech tiid om de kneppel wer ris yn it hinnehok fan dy sleauwe domme Friezen te smiten.

Stel: Jo geane nei in gearsit. Jo kenne al de minsken dy't dêr komme. Jo witte dat, want jo ha se wolris tasprutsen, jo witte dat se Frysk fersteane. Der binne guon dy't it net prate, mar dat is net sa slim.
Jo fiele je dus aardich op jo plak tusken dizze minsken, einliks in rûnte wêryn't jo prate kinne yn de taal dy't jo mem jo leard hat.

De foarsitter en de earste sprekker miene dat neffens âld gebrûk yn it plak dêr't jo sitte (God ferstiet gjin Frysk) mar yn it Nederlânsk moat. Klear, moatte se sels mar witte. De twadde sprekker komt ta de saak. En docht dat yn it Frysk, omdat er krekt as ik wol wit dat elts it ferstiet. Gjin wolkje oan de loft, nimmen sjocht nuver op fan de gong fan saken.

Dan komt de sprekker. De man set útein yn it Frysk, dat leit him wol, en hy hat fernaam dat it gjin beswieren jout om dat yn dit plak te dwaan.
Nei twa rigels riist der immen oerein en freget, nee, se seit it op in toan dat it mear fan easkjen hat: 'Zou u het ook in het Nederlands willen doen?'

It omsittend laach, Friezen, dus dom en net grutsk, litte it gewurde. De jûn ferrint fierder yn it Nederlânsk, op in pear fragen fan my en de antwurden op alle fragen troch de twadde sprekker nei. It aparte is, dat de dame yn kwestje net te kennen jout dat se de twadde sprekker net ferstiet.
Ek is it sa dat ik wit, dat se it wól tige goed ferstiet.

No is myn fraach: Is it ûnfatsoenlik om 30 minsken te twingen harren te ferbrekken wylst jo de taal wol fersteane, jo al jierren en jierren yn Fryslân wenje en in man hienen dy't Frysk prate? Is dat sa?

Of is it ûnfatsoenlik fan my om dit op te skriuwen? Sis it mar. Ik krij der jokte fan. En slim ferlet fan nikotine.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen