Grut Frysk Diktee 2014

In skoftsje lyn ha ik it oer it Grut Frysk Diktee 2014 hân. Dat soe eins op Omrop Fryslân te sjen wêze moatte, krekt as dat Het Groot Dictee Der Nederlandse Taal op de publike omrop komt. In jûn boartsje mei taal.

Om dat by de Omrop ûnder de oandacht te bringen hie ik in mail nei de ynterim haadredakteur stjoerd. Dêr krige ik dus gjin antwurd op. Mar lokkich is der Twitter yn dizze wrâld, dat lost soms problemen op.

Twa dagen lyn krige ik it berjocht dat it idee oer it op de Omrop útstjoeren fan it Frysk Diktee op de list fan 'mooglik nije programma's' telâne kaam is. En dat der serieus nei sjoen wurde sil. Wy sille it ôfwachtsje, mar it feit dat ik kreas berjocht werom krigen ha, mei ek wol efkes sein wurde.

Dit woe ik jim efkes meidiele. En wat ha we moai waar, net?

Reacties

  1. Hoe is it mooglik dast reaksje krigen hast. Kommunikaasje fine se dêr oars ferskuorrend lestich.

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen