Bommel ding yn Wolvegea

Komme jim wolris yn Wolvegea? Nee, dat tocht ik wol.



Eartiids stie der in grut suvelfabryk, dêr ha ik in skoft wurke. Breatsiis, reade commissietsiis en Cheddar makken se dêr. Prachtige tiid hân, ik mei wol oer dy Stellingwervers. Oant hjoed fansels, nee, grapke.

Wolvegea is yn potinsje folle fierder as Drachten. Se ha dêr al jierren in trein. En dan net ien dy't stil stiet as âldjiersstunt yn Frijsteat Folgeren, nee, in echte. Sa'nien dy't oer it spoar giet. Dochs is Wolvegea wat in grize mûs. Wêrom't dat is? Binne de Stellingwervers te beskieden? It leit topografysk fansels ek folle moaier as Drachten. Tusken Ljouwert en Meppel, ideaal.

Hjoed stiet Wolvegea op de kaart. By it prachtige stasjon fûn in reizger in fertocht pakketsje. En dan is de boat oan, asbest en fertochte pakketsjes binne it ADHD fan de mienskip.

Ik frege my ôf wa't der no in bom yn Wolvegea dellizze wol. Ekstreme Stellingwervers bin ik noch nea tsjinkaam, hoewol se dêr wolris ien omlizze, mar dat komt oeral foar.
Wolvegea hat neat om lilk oer te wurden. In draafbaan, Homecenter en in pear leuke kleanwinkels.

In pear flessen mei triedden ha Wolvegea foargoed syn ûnskuld ferlieze litten. Want it wie fansels loos alaarm, dat wisten hast alle minsken wol. In bom yn Wolvegea? Nee, it stasjon stiet der noch kreas te pronkjen. Lokkich mar.

Gean der ris hinne, it is in leuk plak, en bomfrij. 

Reacties

  1. Net mear nedich om d'r hinne, want ik haw der in jier as fiif wenne, mar freegje yn 'e winkel net om 2 ûns ljirre, want dan miene dy Stellingwarver (ek) Friezen, datsto fan 'e Sudpoal komste

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen