De hoeren fan de wurkflier

Wurknimmers dy't âlder wurde koarte op it salaris. Wat seit sa'n ûntjouwing?

De deskundingen binne it allegearre mei-elkoar iens. Wurknimmers hippe fan de iene baan nei de oare en sitte nea langer as in pear jier by deselde baas. Witte jim dat ik soms in freeslike hekel oan minsken ha dy't harren as 'de deskundige' ûnderfreegje litte?

De situaasje fan jobhoppers is wer typysk 'randstedelijk' tinken. Hjir yn Fryslân wurkje jo by in baas. En dat dogge jo sa lang as dat kin, mocht de baas deagean en der is gjin oername, sille jo wat oars moatte. Giet er fallyt binne jo de sigaar, en moatte ek wat oars. De gewoane minsken hippe net fan baas nei baas. Dy binne bliid dat se in baas ha. De nije generaasje dy't net better wit as dat it útstjoerburo harren baas is, ja dy moatte wol hippe. It binne de hoeren fan de wurkflier. Moarn efkes wat minder te dwaan? Soademiterje mar wer op. As we dy wer brûke kinne bellet de intercedent fan Randstad dy wol wer. Doei!!! 

Juster gie De Vries kezinen fallyt. Minsken dy't der 15, 20 en sels 30 jier wurke ha. En nim de Omrop. Dêr sitte ek al jierren deselden efter de mikrofoan. Binne der net efterwei te baarnen. Hoesa jobhoppers?

En no dus de âldere wurknimmers koartsje op it lean. Net produktyf mear, want se binne boppe de fjirtich, seit de snotaap fan 25, strik foar en leasebak fan Friesland Lease flak foar ít rút parkearre.

Ik bin ynearsten net tsjin dy plannen, hear. Mar dyselden dy't it betinke, dêr krije jo gjin finger efter, en dêr krij ik jokte fan. Amerikaanske graaikultuer, Amerikaanske claimkultuer.

Jo kinne it ek oars dwaan, as jo goedkeaper wolle. Jou alle minsken dy't 65 wurde in kado. In potlead yn in kreas doaske. Dat is ek Amerikaansk...

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen