Referindums, earst mar in Anta Flu

It hege wurd is der út. De Britten meie yn in referindum oanjaan oft se wol of net yn de Europeeske Unie bliuwe wolle of net. Op de dei neidat ien fan syn ûnderdanen op it o sa freonlike Bali ta de dea feroardiele is, hat Cameron syn speech útsprutsen.

Referindums. Ik krij der in fize smaak fan yn de mûle. Earst mar in Anta Flu, sa, dat is better.

Yn 2017 sil de bûter jild jilde yn it Feriene Keninkryk. In simpel ja of nee tsjin Europa. Sa lit Cameron it no foarkomme. De Britten ha skjin harren nocht fan de al mar grutter wurdende macht fan Brussel.
Dat fynt Wilders fansels prachtich, hy wie daliks op Twitter oanwêzich:

Hulde voor premier Cameron die het Britse volk een referendum gunt over de EU. Ook 't Nederlandse volk verdient een referendum premier Rutte

It sil my benije. 2017 is noch in ein fuort, der streamt noch hiel wat wetter troch de Thames by de Houses of Parliament del foardat it safier is. It is mar krekt hoe't de flagge der polityk by hinget. As de Tory Party in bytsje knap yn de peilings stiet sil it wol oangean, oars wit ik it noch ris net.

En wat Wilders syn tweet oanbelanget? Dat sil der net fan komme. Wy binne te lyts, te ôfhinklik, te braaf en te leaf om soks te dwaan. Boppedat ha 'wy' krekt in 'wichtige' post yn Brussel foar de helsdoarren wei sleept, dus de kommende jierren is it yn de lege lannen stil as it op krytyk rjochting Brussel oankomt. Want wat soenen 'se' der fan sizze, no?

Wy binne bûn oan de EU. Oft jo dat no leuk fine as net. Dat is al mei de Benelux begûn.

En in referindum? De lêste kear dat ik sa'n riedplachting meimakke ha, wie yn ús eigen Ljouwert!!! Ja, echt wier. Dat gie oer It Saailânplan.
De ynwenners fan de Hoofdplaats mochten sizze oft se fûnen dat dat wol of net trochgean moast. Fansels kaam der in manmachtich NEE út, 62%. (Een ruime meerderheid van de stemmers, 62 procent, was tegen het project. Maar hun aantal was net niet hoog genoeg om de kiesdrempel (30 procent van alle kiesgerechtigden) te halen. Hierdoor was de uitslag ongeldig.)

En doe kaam de aap út de politike mouwe, en kaam ik foar it earst yn de kunde mei de term: Gekwalificeerde meerderheid.

Sûnt dy tiid hat myn betrouwen yn de polityk in fikse dreun krigen, en der sil noch gâns wetter troch de Linde komme foardat ik sûnder synisme nei it gespartel yn Den Haag, Brussel, Washington, Moskou en Ljouwert sjoch.

Gekwalificeerde Meerderheid. Ik sil dy amer fan juster mar wer opsykje, de mage komt my wer omheech. 



Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen