Posts

Posts uit juli, 2012 tonen

God op ierde

Afbeelding
Ik leau dat it ek al ris oarsom west hat, mar dizze kear is Daam de Vries my folslein foar. http://webdok.nl/?p=2334 Omdat ik kreas herfoarme grutbrocht bin, woe ik it dochs noch mar efkes út dy hoeke wei beljochtsje. Wisten jim wol dat twiveleftige figueren lykas de dame hjirûnder it plak fan God op ierde ynnaam ha? De soarchfersekerders sizze tsjin minsken mei in slimme spiersykte: 'Jammer, jo binne ús te djoer. Gean mar fêst, wy sjogge jo faaks nea wer yn 't libben. Mocht der tsjin ús ferwachting yn wat nei dy tiid wêze, ha we it der dan noch wolris oer. Is alles dochs noch goed kaam, mochten we elkoar dan wer treffe.' Dat se de om it jild ta de dea feroardielden harren libben en dêrmei wierskynlik ek it fermogen en de wille om der noch in bytsje fan te meitsjen ûntnimme, litte we mar foar wat it is. Sy binne no ienkear boppe ús steld, no? 

Wanfertoaning op de Feanhoop

Hjoed wie op de Feanhoop de twadde 'race' fan de skûtsjes. It palaver smiet op dat der op tiid fearn wurde soe. Soks ûnder druk fan de skippers, dy't mei de knappe koelte út west súd west benaud wienen dat se mei de hiele klobbe boppe-op elkoar fleane soenen by Stobbehoek. De kommisje is der foar omlizzen gien. Resultaat: De meast kloaterige fertoaning dy't ik ea sjoen ha. De fiersjogger is net út de tas west, sa saai. De nije generaasje skippers mei himsels wolris efter de earen klauwe oft sy en de fersekering baas wêze wolle. As oar jier wer op dizze wize fearn wurde sil, bliuw ik, en mei my in hiele soad oare minsken, thús. Kinne se moai sûnder gefaar foar oanfarrings harren rûntsjes draaie foar de helte minder minsken. De skippers en de fersekeraars fan de skippen binne drok dwaande it skûtsjesilen út hannen fan de kommisjes te heljen. Ik wol net leauwe dat de Olympyske silers ek mar wat te sizzen ha oer der rûte. Dus as de kommisjes sloppe knibbels ha, binne

Onslow is dea.

Afbeelding
In tryste dei. Ien fan myn favourite Ingelske akteurs is der net mear. Geoffrey Hughes ferstoar dit wykein, 68 jier jong. Hoe't er Onslow spile yn Keeping up appearances wie fenomenaal. Mar hy hat folle mear dien, sjoch mar efkes op wiki.  http://en.wikipedia.org/wiki/Geoffrey_Hughes

Foar guon dy't de Ljouwerter net lêze.

Afbeelding

Douwe Kootstra nije wike yn Omnium

Hast klear mei fervjen, mar it is my no te waarm. It knapt der fan op, oars smiet ik daliks de brot yn de kliko, it is myn hobby net. Goed, hjoed begjinne de Olympyske Spullen yn Ingelân. Ik krige juster in mail fan skriuwkollega Douwe Kootstra, mei dêr yn de meidieling dat er De Lêste Trúk lêzen hie. Moai. Mar dat is net wat ik fertelle wol, Douwe is no yn Londen. Dêr sil er nije wike as in razende reporter alle dagen om healwei tolven in sprutsen sfearferslach oer de Noardsee hinne stjoere. Yn it programma Omnium, fan de Omrop, om healwei tolven moarns te beharkjen. Oanrieder.

Gjin bloch. Drok. Moarn ek.

Rolstoelferfier

It is wer fraai. Minsken yn in rolstoel binne aanst oan hûs bûn, omdat ús regear it jild earne oars brûke moat. Jan Kees en syn maten sitte mear mei de grutte gefolgen fan it omdonderjen fan Spanje en Grikelân dan dat se harren bekroadzje om dizze ferjitten groep. Lokkich brocht de LC ek daliks sydlings de oplossing foar it probleem: Sjoch, it giet om jonge minsken dy't selsstannich thús wenje. Ja, dat is ek dom, fansels. Skop se yn in fersoargings yts en alle (jild) pine is fuort. Ek komme se dan net mear yn in sosjaal isolemint. It is net te leauwen. We ha it hjir net oer fee, mar oer libbene minsken mei in slimme beheining. Se binne soms net by steat om produktyf mei te draaien yn it reguliere proses. Ik krij al mar mear it idee dat je dan net foar fol oansjoen wurde, en der al hielendal net neffens behannele wurde. Lit se mar binnendoar fuortrotsje, mar jild sil it ús net kostje. Moai lân hear, dat Nederlân.  

Maarten de Jong

Afbeelding
  Nei oanlieding fan it artikel yn de LC fan hjoed. Ik ha myn earste flierbedekking kocht fan Maarten de Jong. Hy wurke doe by Lippe Lap yn It Feen. Semi prof by de Sportklup wie er doe. Aardige keardel. Lyts fan stik, mar koe goed ferkeapje. It wie de tiid fan Riemer en de opbou fan de SC ta in folweardige balskopperij. Lippe Lap wie ien fan de grutte sponsors yn dy tiid. We kamen fansels al gau op 'e tekst oer it fuotbaljen. Maarten hie en hat in flotte babbel, en wie en is in úthingboerd foar de SC. Sa as doe sil it net wer wurde, ik sjoch in prof fan no net flierkleden ferkeapjen, miskien soe Breuer noch in útsûndering wêze kinne. It docht my sear om te lêzen hoe't Maarten de Jong behannele is troch de hjoeddeistige lieding. Ik ha my faker bot kritysk útlitten oer de foarsitter, mar no hearre jim it ek ris fan in oar. En fan hokker oar. Ien dy't, op in eskapade by Grins nei, altyd ferbûn west is oan de SC Hearrenfean. In klupman yn ieren en sinen. Ien dy't R

Ligers

Om nei juster noch efkes op it waar troch te gean, it is fansels in drama. Alle minsken roppe en raze dat it no dan einliks simmer is. En dat se der sa lang op wachte ha. No, ju. Wat wol it gefal? It stroomferbrûk fleant omheech mei dit waar. En wêrom is dat, leave sinne oanbidders? Omdat it gros fan jimme no noflik yn 'e hûs sit mei de airco oan, en op twitter set dat jimme sa bliid binne dat it einliks lekker waarm is. Mar as de kniper op 'e skine komt sitte jim binnendoar. Omdat it dochs wol 'vochtig warm' is. En dan begjint it grutte lekskoaien. We ha hjir ek gjin gewoane waarmte, nee, en yn it wykein komme der al wer tongerbuien, hast it wol sjoen op buienradar? Ja, no, en dat wie it dan wer mei de simmer, tink? As wy der oan ta binne sil it wol wer reine. Ja, hoe kâld stiet dy airco eins? It is hjir ek net te bankjen sa waarm. Ligers binne jim. Dêr yn jim ergonomysk ferantwurde kuolle kantoarkes en nijbouhokjes. Der is neat oan, dy hitte. Bisten lizze te sli

Patsers

Okee, efkes koart troch de bocht. It swit rint my by de rêch omheech. En dêr ha ik freeslik de pest oan. Mei oare wurden, it is myn waar net. Soks sil troch de measte minsken as flokken yn tsjerke beskôge wurde, mar dat is dan mar sa. Ik gean net rjocht praten wat bryk is. Noch wat, futters fan it manlik geslacht moatte daliks in fikse bekeuring krije as se mei ûntbleate boppeliif njonken de frou te fytsen gean. Better noch is helje se fan de dyk en slút se in dei as wat op. Leare se it teminsten ôf. It is gjin gesicht. Myn RamVan lûkt ôfgryslik yn it stjoer as ik sokken tsjinkom. Koarte broek is prima, mar doch asjeblyft in himd oan. Der is gjin minske dy't dat grize poddehier op it yn 'e regel útsakke boarst moai fynt. En as se sa nedich sjen litte wolle dat se de godgânske dei de tiid ha om yn 'e sinne te lizzen: It ynteresearret my my gjin donder. As wy der ea oan ta komme binne wy 80 jier en is it jild op. Patsers. Sa.

William Seen's Transport Music - Frankie Laine

Afbeelding

William Seen's Transport Music - Sunkeneyed (OFFICIAL VIDEOCLIP)

Afbeelding
  Moaie middei hân, dizze band fertsjinnet mear oandacht!!!

Teletekst

In lyts drama hjir. De ôfstânsbetsjinning fan de tv is helaas ferstoarn. Soks is net bêst, omdat it model tv noch brûkt is troch minsken doe't se noch op in fyts traapje moasten om stroom te meitsjen. No kin ik dus net op teletekst sjen hoefolste Pieter Weening wurden is. Ik bin in teletekst freak. Wit in soad siden út de kop. 860 is iishockey. 818 is balskoppen. 704 it waar. Sa kin ik wol trochgean. 502 is ek waar, mar dan fan de Omrop. Dus no speure om in nije ôfstânsbetsjinning. Ik ha hjir en dêr al wat sjoen, mar dat is yn Hollân. No wol ik wis wêze dat sa'n nij ding it goed docht, oars ha je dûbel wurk. Dus soe ik it leafst mei immen belje, om te freegjen oft myn Deawoo teleteks it dwaan sil mei dat apparaat fan de online winkel. Dat is net mear fan dizze tiid. Jo dogge alles online. Mar ik set troch. Ik wol perfoarst immen oan de tillefoan ha. Model 14c3. As je it googelje komt er net iens yn byld. Mar hy docht it noch tige, dus ik keapje gjin oare. Nije wike mar ri

Literêr hier

In koart literêr blochje. Hoewol, literêr? Hjoed in primeurke. Skriuwer sil nei in filmset. Ik kin en mei der noch net it measte oer sizze. It feit dat ik nei de kapper west ha, wol net sizze dat ik de haadrolspiler bin, sterker, ik ha gjin rol. Leau ik. Docht der ek net ta, it liket my wol aardich om soks in kear fan tichtby mei te meitsjen. Oer in pear moannen sil dúdlik wurde wat it opsmiten hat. Oer dy kapper: ik krige fia twitter in freeslik ûnearber oanbod út Snits. Omdat ik tige fatsoenlik bin, sil ik net sizze wa 't de skriuwer wie. Dizze persoan bea my in tondeuze oan, blinder! It moat fansels net mâlder. Binne je jierren dwaande om tige soarchfâldich in imago op te bouwen kwa hier, komme se mei sa'n hageskjirre oan. Ik mei myn eigen hûs net mear yn as ik myn krollen der ôf fykje. Dus net wer fan dizze grappen, graach. De Friese Pers Boekerij soe ek raar guod spuie, ha se foar myn lêste boek in djoere nije omslachfoto makke, kom ik mei in keale knikker troch de do

North winter (Norilsk, Russia)

Afbeelding
                                                   It soe samar wêze kinne dat ynkoarten it ferfolch fan De útwedstriid publisearre wurdt. Ik bin my al lekker oan it opwaarmjen, dat sjogge jim wol.

Peter Alliss op Royal Lytham & St Annes Golf Club

Afbeelding
  Kluphûs fan Royal Lytham & St Annes Golf Club Ien fan de hichtepunten fan de simmer is foar my it Britsk Open. Golf. Fjouwer dagen lang streekrjocht op de BBC te sjen, mar foaral te hearren. Hat it hurdfytsen Mart Smeets en Michel Wuyts, dan hat it golf dochs grif Peter Alliss (berne 28 February 1931). Hearlik Britsk kommintaar, mei sa no en dan treflike humor. Alles goed dosearre. Net te bot, mar wol to the point.  Dit jier is it toernoai oan de westkust fan Lancashire. Preston, Fleetwood en Blackpool, dy hoeke. Royal Lytham & St Annes Golf Club hat dit jier de eare om it meast oansprekkende golf evenemint te organisearjen. Foar de 11e kear, de earste wie yn 1926.  Altyd op in Links baan. Dat is Skotsk. Yn de dunen. As it treft, waait it hurd en reint it as in kring. Dat is net foar popkes, mar dêr komme de echte spesjalisten nei it oerflak.  Fjouwer dagen lang. Mar dat is gjin straf, want Peter Alliss ferfeelt gjin tel. As jim witte wolle wat de man allegearre wûn

Smelle Ie en de omkearde himelfeart fan in boargemaster

Ha, in soad dêr't ik oer skriuwe kin. Earst mar efkes Smelle Ie. Dêr is in auto fan in frou fûn. Se is fermist. Soks is slim. Mar de plysje makke bekend dat der net mear socht wurde sil. Yn dit berjocht stiet it: http://www.omropfryslan.nl/nijs/syktocht-stopset No is it meastal sa dat de dei neidat se ophâlde te sykjen, it omskot fûn wurdt. Dus, dwers as ik bin, tocht ik, ik sjoch dêr efkes. It is flak by. It wykein foarsizze se knap waar, dus jo wolle leaver net dat bern dy't dêr swimme sille in lyk tsjinkomme, no? Ik ha it sels in kear meimakke, siet ik te fiskjen, dreau der ien foarby. Net in aardich gesicht. Klear. Ik kom dêr, wat sjoch ik? Krekt. It dûkersteam fan de plysje. Dat wie der dus wol. Miskien is it 'objekt' sjoen, of ha se it parseberjocht útgean litten omdat se gjin pottekikers ha wolle, ik lit dat mar foar wat it is. Feit is dat jo tochten dat se der net wienen en ik sjoen ha dat se der wol wienen, dat woe ik der mar efkes mei sizze. Wêr ik it ein

Eurotoppers yn konsert

Afbeelding
Fan buorman krigen, ik wol it jim net ûnthâlde. Merkel, Sarkosi en Berlusconi yn in werveljende sjo.

Soggy Bottom Boys - I'm A Man Of Constant Sorrow

Afbeelding
Country is net echt myn 'ding', útsein The Soggy Bottom Boys. Machtich!!! Harkje dus.

Abe de Vries en de Kramers

Afbeelding
  Wat is de oerienkomst tusken in Fryske skriuwer fan no en de winner fan de âlvestêdetocht fan 1933? Dat wist ik ek net. Mar no wol. Abe de Vries wûn de tocht yn 1933. Tegearre mei Sipke Castelein. Yn de doku fan de Omrop oer de tocht is dêr in ôflevering oer. Hy kaam as earste oer de streek, mar hie mei syn maat ôfsprutsen dat se tegearre winner wienen. Wat blykt no, hy hat op Pauwenburg wenne. Dat lies ik yn it boek oer Brongergea. Dochs aardich, want dêr bin ik berne. It wurdt net dúdlik oft hy dêr berne is, Wiki seit dat er yn De Knipe op de wrâld kaam is. Syn heit wie boer, dus sille der in soad stapkes fan de jonge Abe op itselde stee lizze as dêr't ik ek as jongbaas omskarrele. Der sit dus nuvere reedriders keunstdong yn de grûn fan Brongergea. Hoedatsa? Myn âld buorman Hindrik Kramer hat 7 as 8 krúskes, syn soan hjit Yep en dy syn soan hjit Sven. En as it my net mist koenen en kinne dy ek in aardich streekje sette.

Claudio Berry

Afbeelding
Witte jim wêr't dit gebou stiet? Der binne grif in soad dy't it net witte. Sels minsken dy't der flak by wennen hienen der gjin idee fan. As jonkje slûpte ik wolris troch in gat yn it gaas en fernuvere my oan de tropyske planten dy't der winterdeis yn stienen. Juster ha ik wer ris nei myn âlde buert west. Brongergea. Jim ha it miskien sjoen op de Omrop, der is in boek oer skreaun. It gea fan Bronger, hjit it. Ik sil it hjir net besprekke, dat lit ik oan in oar oer. Ik stean der ek noch yn, mei heit op de foto, yn de Fryske stâl, mei it reabûnte fee op de eftergrûn. No, toe dan mar. Myn broer en sus komme der wat sneu foarwei, dy binne net ôfbylde. En mear sis ik der net oer. Dit prachtige âlde gebou wie doe't ik lyts wie, in suterich, ferfallen ding. Oars nearne goed foar dan as opslachplak foar de palmbeammen en oare útwrydske soarten dy't de adel simmerdeis yn de tún hie. Wy as gewoane stervelingen mochten dêr net by, fansels. Letter gie de tún iepen

It gelyk fan Robert Veenstra

It die my goed om de ynstjoerde stikken oer Hearrenfean foarsitter Robert Veenstra te lêzen. Der binne dus mear minsken dy't harren grien en giel ergerje oan it dekandente praat fan de man. Ien dy't net yn 'e gaten hat dat der ûnder dy 25000 minsken dy't ien kear yn de 14 dagen de tribune opklimme, guon binne dy't it amper betelje kinne. Ien dy't seit dat as it belied net feroaret, hy de kaartsjes twa kear sa djoer meitsje wol. Ien dy't dêrmei oanjout sels leafst net ynleverje te wollen. Ien dy't it gelok hat dat de Feanfans ta it trouste publyk yn Nederlân hearre. Hy sil grif prima reorganisearre ha, mar dêr stiet ek in boppe modale beleaning tsjinoer. Ja, ik bin gek op it spultsje balskoppen. Ja, ik bin Feanfan. Altyd al west, sil ek wol sa bliuwe. Mar sjoch nei Glasgow. It is ien grutte sjippebel, dy topsport. Opbrocht troch omroppen, sponsors en supporters. In frijwat gemiddelde iishockeyer dy't yn de USA 3 miljoen yn fjouwer jier pakt, it

Ach, toe dan mar. It is dochs nearne waar foar.

Afbeelding

dIRE sTRAITS: Romeo & Juliet

Afbeelding
Op                                                     Op in tryste dei as dizze mar efkes muzyk, tocht ik sa. Giet oer de leafde, wat is der no moaier?

Bloch fan moarn

Afbeelding
Binne je wat oan it oprêden, komme je dit tsjin. Wat is dit? No, dit is it folsleine neislachwurk dat ik brûkt ha by it skriuwen fan De Lêste Trúk. Tige wichtich kultureel materiaal dus. Tresoar soe it graach ha wolle. It is yndie frijwat banaal. In roman op fiif kladbryfkes. De rest siet yn de holle, dat sadwaande.

De Pravda fan Smellingerlân

Afbeelding
Juster stie op side twa fan de Ljouwerter krante in tige nijsgjirrich artikel. Ik bin sa frij west om it te kopiearjen. As dat net mei lûke se dêr yn Ljouwert de boete mar ôf fan myn rynske opbringsten fan de skriuwerij. Ik sjoch it as ekstra reklame, dus dêr komme we grif út, haha! It giet dus oer de jubelkrantsjes fan de oerheden. Eartiids stienen yn de Drachtster krante de gemeentelike saken ôfprinte, mar no ha we hjir yn Smellingerlân ek sa'n gemeentekrantsje. De Breedút, hjit it. Der sil grif in reden west ha om it op dizze wize te dwaan, mar it jout stikem it gefoel dat der gjin hoor en wederhoor tastien wurdt. It blêd, in goed kunde fan my seit der steefêst 'it sukkeltsje fan de gemeente' tsjin, wurdt folskreaun troch kritykleaze skriuwers. Yndie kinne, sa as it artikel hjirûnder al seit, blunders en minder populêre berjochten redigearre wurde nei de mienings en opfettings fan de minsken dy't op it gemeentehûs sitte. Yn Ingelân wolle se dat dus net mear. Boppedat

De Drachtster feart

Afbeelding
  De Drachtster feart komt foar in part werom. Soks is goed foar de hoareka, ûndernimmers en Drachten sels. Sizze se. Ik seach al tweets foarbyfleanen oer in terraske oan it wetter. Ik hoopje echt dat it bringe sil wat men der fan tinkt dat it bringe sil. Mar dat Moleneind is fansels gjin strjitte mei moaie Amsterdamske hûzen. Dêr kinne de minsken dy't dêr wenje neat oan dwaan, en de gemeente ek net. It is wat it is, en dat is 't. Praktysk besjoen lykje de foarútsjoggen net al te geunstich. Jo ha in boatsje en farre moai fan Grou rjochting De Feanhoop. En wat dogge je dan? De hiele Ie del om in dearinnend stik feart te besjen? Ja, jo kinne moai nei de Aldi yn Drachten. Mar yn Earnewâld is ek wol in pak molke te keap. De pest is dat as je der ien kear west ha, ik net ferwachtsje dat it boatsjefolk kear op kear weromkomme sil. Jo kinne net fierder. As de Drachter feart no op ien as oare wize op de turfrûte oansletten wurde koe, ik neam mar wat, dan koenen jo in rûntsje f

De Lêste Trúk

No, ik skyn wer aardich rjocht ynmekoar te sitten. Teminsten, dat seit de wûnderdokter. Hy hat my in pear wiken efterelkoar mei in hammer op de rêch omslein, sadat alle wervels wer sitte sa as dat wie doe't ik op de wrâld kaam. No seis wiken wachtsje oant it brein oan de nije situaasje wend is. Ja, dat is wat. Jo grize massa is it net daliks iens mei it feit dat je wer rjocht binne. Kinne je neigean hoe ploaiber jo geast is. Dy nimt oan dat as de rommel bryk sit: No, it sil wol sa hearre. Eins moast ik no rêstich oan dwaan, sei de dokter. Doe't ik him frege oft er wol wist hoe hurd it gers waakst, begûn er in ferhaal oer Súd Afrika. Dat de bosk dêr ek tige hurd ta de grûn út sjit. No, dêr wist dizze Fryske skriuwer wol rie mei. Ik sei tsjin him: 'Dat stiet ek wol yn myn nije roman, it Kruger Park en sa mear.' 'O?' sei er. Jim fiele it al oankommen, hy hat ien eksimplaar fan De Lêste Trúk kocht. Komme al dy djoere besites wer wat op je ta, is 't net s

Alkohol boppe de 18, kontrôle yn De Sweach?

We gean foar in part werom nei de jierren 20 fan de foarrige ieu. De braafste jonkjes en famkes fan de klasse, ûnder oanfiering fan Sander de Rouwe út Boalsert, ha it safier krigen dat de leeftyd om legaal alkohol te keapjen nei 18 jier giet. De droechlizzing fan 2012. Der is wat foar te sizzen, fansels. Bern dy't harren yn in koma sûpe. Mar hoe komt dat? 20 jier lyn bouden we kastielen fan bierkratten op Skylge. Nea ien yn koma sjoen. It kaam foar dat der ien healwei yn de berm de nacht trochbrocht omdat er paad wat bjuster wie, mar dêr bleau it dan ek by. No bringe se elts wykein guon nei it krankenhaus en slute se der in ynfús op oan. Is de jeugd oars as 20 jier lyn? Of komt it omdat de drank yn de kroech sa djoer is dat se thús yn rap tempo seis soarten trochelkoar sûpe omdat se dan wat 'losser' nei de disko gean kinne? Piltsje der by en de sfear sit der aardich yn. De leeftyd nei 18 jier bringe sil neat opsmite. Omdat eksessen, lykas komasûpen is, der bliuwe sill

Krymsk

Afbeelding
Slim dêr yn Ruslân. It wetter komt mei bakken út de loft. Mar wêr is dat no krekt? Tiid foar in update, dy't de NOS net jout. It plak dat swier troffen is hjit Krymsk. Dat leit flak by de Swarte See. In tige nijsgjirrich plak. Der wenje no sa'n 60.000 minsken, en it is noch net sa âld. It is stichten yn 1858. Mar dat is net wat opfalt. Krymsk hat wat bysûnders. Der sit in eksperimintele plantenkwekerij. In wittenskiplike database soenen je sizze kinne. Wat ha se dêr dan? Earte, mais, tomaten, aubergines, komkommers, perziken, prommen, parren, abrikoazen en ierbeien. It stasjon hat de grutste kolleksje oan stienfruchten en kweeparren yn hiel Ruslân en alle eardere Sovjet steaten byelkoar. Boppedat is it plak ferneamd troch it meitsjen fan ûnderstammen foar fruitbeammen. Op it kaartsje is de regio Krasnodar ôfbylde. Ja, dat lytse reade stikje, dat is it. Ha jim in idee wêr't it sawat leit. Sa sjogge je mar wer. It plak Krymsk hat ek wer wat spesjaals. It liket Brussel

Flokke yn de tsjerke fan Europa

Hjoed in Nederlânsk stik dat ik op it www fûn. It komt út it Nederlands Dagblad. Nei de ministerried skeat demisjonêr minister Jan Kees de Jager daliks yn de ferdigening. Dat docht er altyd as der wat oer de Euro sein of skreaun wurdt, de man is of in fisionêr of hy wol aanst in hege funksje yn Europa ha. Oan jim de kar, it makket by my de pis nei lij. Lees en huiver. Dit is in earste klas stikje flokke yn de Europeeske tsjerke. Euro is voor Finland niet heilig Finland overweegt de euro te verlaten. Als doorgaan met de munt betekent dat het land de schulden van andere landen moet dragen is een afscheid een mogelijk scenario. Dat heeft de Finse minister van financiën Jutta Urpilainen gezegd tegen de Finse krant Kauppalehti. Finland is volgens de minister in de krant ‘toegewijd’ is aan de euro, maar het land ‘zal zichzelf niet ophangen aan de euro’ door de monetaire unie tegen elke prijs te behouden. “Het land is voorbereid op elk scenario”, zei Urpilainen. Finland wil ni

Viva Olympia, viva Bombatsia

Afbeelding
  Jûn sil it heve. De musical fan OBS De Finneblom. In soad tiid en muoite is der yn stutsen. Wêr't in lytse skoalle grut yn wêze kin. Undersyk hat opsmiten dat it ferdwinen fan in legere skoalle net de deastek foar in doarp is. Wat opfoel is, dat de dame dy't it presintearre Nederlânsk spruts. Ik wol dêr gjin konklúzjes en suggestive opmerkings oer meitsje. Mar lit ik dit der oer sizze, it wie net oertsjûgjend. Fansels is it ferdwinen fan in legere skoalle in ramp foar in doarp. Wat de mei mienskipsjild betelle ûndersiken ek sizze. Bollestront, dat is it. Stel ik wie 20 jier jonger, hie krekt de lapen gearsmiten en wy wienen fan plan om neiteam oan te setten. Dan moasten we noch earne wenje. Doarp A: Leuk doarp. Winkel en bakker. Gjin legere skoalle, dy is trije kilometer fierderop. Doarp B: Leuk doarp. Bakker, winkel trije kilometer fierderop. Wol in legere skoalle. En wat tinke jim dan? Krekt. In waardeloas ûndersyk. Fansels soenen we yn doarp B wenjen gean as de

It orizjineel

Koarte skiednisles: Gallows pole, geweldich nûmer fan Led Zeppelin is net it orizjineel. Dat is fan Leadbelly en stiet der ûnder. Man koe ek in aardich poepke gitaarspylje. Oft er it skreaun hat wit ik net, mar yn 1939 sette er it foar it earst mei sukses op de swarte skiif.

Led Zeppelin Gallows Pole

Afbeelding

'The Gallis Pole' LEADBELLY, Blues Guitar Legend

Afbeelding

Led Zeppelin-The Rain Song

Afbeelding
Foar aspirant gitaristen, #dus.

Bilker en de Ljouwerter krante

Als iedereen zegt: het is waardeloos, het wordt hier ook niks, of men speelt op de man, dan heb je echt een imagoprobleem. Dat is in sitaat fan boargemaster Bearn Bilker. Hy skreau in kollum oer de saken dy't yn Kollumerlân spylje, en it ferslach dat de LC dêr oer docht. No wit ik út tige betroubere boarne dat mocht der earne in negatyf stik skreaun of filme wurde oer bygelyks de sintrale as, der daliks in oantal âldfaders, djip út de Wâlden, oan de bel hingje om harren ergernis dêr oer út te sprekken. Dus hoe't de LC en de boargemasters troch de tiid komme is my wol goed. It giet my om it sitaat. Nijsgjirrich. Draai dat ris om. Dat wurdt it sa yts as: As eltsenien seit dat it geweldich is, as we it net dogge wurdt it hjir neat, en we spylje dêr by op de man, is it paad sljochte foar in prima imago. Sjoch, dan ha jo de keutel by de skjinne ein. It is mar krekt hoe't je der yn sitte. Beide sitaten binne brûkber. Ik neam mar in pear dwersstrjitten: Euro, Europa, Sintral

Oepke en Sukkeltsje, wâldpiken

It is al in skoft lyn dat ik berjochte ha oer de beide (wâld)piken dy't hjir út it aai krûpt binne. Ik wie daliks al net al te optein oer de twa, mar it is allinnich mar minder wurden. Oepke is in echte hoanne. Fjoerreade kaam, en sa eptich as guon politisi yn Den Haag. Dat is ek daliks it probleem. Sukkeltsje mei net bûtendoar komme. It stumper sit dei oan dei yn it binnenhok, wylst Oepke stoatersk troch it moaie waar rint. Rotsak. Sukkeltsje hoecht de kop mar troch it lûkje te dwaan of Oepke ropt en raast as in idioat en jaget har fuortendaliks wer nei binnen. No ja, Sukkeltsje is der wol grut om wurden, sterker, twa dagen lyn hat se har earste aai lein. Fansels net yn it nust, dêr is it Sukkeltsje foar. No ha 'k it as in koai-aai op it goede plak lein, sjen oft ik har wat manieren bybringe kin. Fan Oepke hoech ik neat te ferwachtsjen. Mar ik ha in ferrassing foar him yn petto, dêr wit er noch neat fan. Twa hokken fierderop sitte seis hite wâldpiken op him te wachtsjen. T

Postbus 51

Afbeelding
  Sa stadichoan ferdwine der in oantal saken út it deistich libben wêrfan't je nea tocht hienen dat se ferdwine koenen. Nee, ik ha it net oer it swurd fan Grutte Pier. Myn generaasje is fan de Brinta, stichting korrelatie en Toon Hermans. En fan Postbus 51. Gjin idee wat je der mei koenen, mar it wie sa wis as de bank, Postbus 51 wie der en soe wol nea wer fuortgean. No, wol dus. Wat in ellinde. Wie der wat mis mei Postbus 51? Ik ha noch nea in brief nei Postbus 51 stjoerd, mar it koe wol. Je wisten dat it der wie. Komt der wer sa'n snelle jonge dy't him fansels ferfeelt yn syn net besteande funksje as twadde graads manager fan in net neier omskreaun, mar tige wichtich takomstich út te fieren projekt, en dy tinkt op in dei: Kom, lit ik der ris mei dwaande om Postbus 51 in oare namme te jaan. Jo dogge wat om yn de skiednisboeken te kommen. Wat in dweil. Hie him de húskepotten skjinmeitsje litten. De heale naasje yn ûnstjoer omdat Postbus 51 aanst eh... Hoe hjit it aans

Ynterview

Afbeelding
'En, wat hast allegearre sein?' Tsja. Praat mar ris oardel oere oer fan alles en noch wat. Witte jim dan noch krekt wat je der út flapt ha? No, it measte noch wol. Saken dêr't je wat oer kwyt wolle. Dingen dêr't je de fingers fan jokje. In fraachpetear oer skriuwerij, Frysk en wat je der fan fine. Aardich, hear. Besykje om net gierend út de bocht te fleanen, want der binne wol dingen dy't je graach oars sjen wolle. Altyd opbouwend wêze wolle, wylst je soms... Hawar, ik mei it earst lêze foardat it publisearre wurde sil. In oantal stekwurden sille der grif yn foarkomme: Frysk, Omrop en grutsk. Yn septimber mear, yn tiidskrift Ensafh. Wol as net op papier.

Astronaut

Afbeelding
  Dat liket my in aparte sneintemoarn foar sa'n Andre Kuipers. Niis is er op de steppe fan Kazachstan delkaam. It soe neat foar my wêze. Claustrofobie yn optima forma. Dêr sitte je yn sa'n blikje en je kinne der neat oan dwaan. Sûn liket it my ek net ta, se komme der as sloppe poppen út. De astronauten wurde de kommende moanne libbe. Revalidaasje om wer oan de swiertekrêft te wennen, medyske ûndersiken en in sperfjoer oan petearen hoe't se it dêr op 400 kilometer hichte hân ha. Foardat se wer in eintsje mei de frou omfytse kinne is it ein july. Foar in soad minsken is astronaut wêze in jongesdream. En as je de bylden sjogge oer hoe't se gewichtsleas nei de blauwe ierde loere kin ik my dat wol yntinke. Mar de reis hinne-en-wer-werom? Brrr, ik moat der net oan tinke. Krekt wat te faak nei de film Apollo 13 sjoen.