Abe de Vries en de Kramers

 

Wat is de oerienkomst tusken in Fryske skriuwer fan no en de winner fan de âlvestêdetocht fan 1933?

Dat wist ik ek net. Mar no wol. Abe de Vries wûn de tocht yn 1933. Tegearre mei Sipke Castelein. Yn de doku fan de Omrop oer de tocht is dêr in ôflevering oer. Hy kaam as earste oer de streek, mar hie mei syn maat ôfsprutsen dat se tegearre winner wienen.

Wat blykt no, hy hat op Pauwenburg wenne. Dat lies ik yn it boek oer Brongergea. Dochs aardich, want dêr bin ik berne. It wurdt net dúdlik oft hy dêr berne is, Wiki seit dat er yn De Knipe op de wrâld kaam is. Syn heit wie boer, dus sille der in soad stapkes fan de jonge Abe op itselde stee lizze as dêr't ik ek as jongbaas omskarrele.

Der sit dus nuvere reedriders keunstdong yn de grûn fan Brongergea. Hoedatsa? Myn âld buorman Hindrik Kramer hat 7 as 8 krúskes, syn soan hjit Yep en dy syn soan hjit Sven. En as it my net mist koenen en kinne dy ek in aardich streekje sette.

Reacties

  1. Dan is der ek noch in Abe de Vries, dy wie sportsjoernalist by de Friesche Koerier. Ek gjin famylje!

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen