Posts

Posts uit juni, 2013 tonen

Swart Langstme

Afbeelding
foto makke troch Piet Douma It like juster wol in Reboelje reuny yn teater Romein. In soad fan de gesichten dy't ik seach (in jier as wat âlder) mar guon noch mei deselde spikerjas oan. Prachtich. En se ha in moaie jûn hân by de rockoperera Swart Langstme. Bart Kingma en de band ha der in echt spektakel fan makke, dat net in tel ferfeelde. Dat kaam mei troch it treflike fertellen fan it wrede ferhaal oer Bertrand Cantat. René van der Laan die dit mei oertsjûging, wrede wurden en (sabeare) wodka sûpend. It ferhaal is ek wreed, moard, seks, drugs en rock 'n roll. Marius de Boer en de oare bandleden ha der yn de lêste dagen noch in hûd fol wurk fan hân, omdat de platebaas en/of eks bandleden fan Noir Désir it ferhaal oer de moard fan foaroanman Cantat op aktrise Marie Trintignant, dêr't er in stoarmeftige leafdesrelaasje mei hie, leaver net wer yn it nijs ha woenen. Dus moasten fiif nije nûmers skreaun wurde, mar dêr wie neat fan te hearren. It stie as in hûs. Foar i

BREKKEND: Staveringshifker yn oktober klear

Afbeelding
Justerjûn wie der in gearkomst yn de Fryske Akademy oer de standert en stavering fan ús taal. Omdat ik ek nei de fergadering fan it skriuwersboun west ha, woe ik sjen en hearre hoe't der yn akademysk fermidden oer tocht wurde soe. Ik makke my yn 't foar op foar in soad wurden, mienings en lulle oer punten en komma's. Lokkich wie Gerard van der Veer as seremoanjemaster oanlutsen, sadat we meielkoar net fersopen binne yn te lange presentaasjes. #goedwurk soenen se op twitter sizze. De provinsje, de akademy en de opposysje krigen sprektiid. Foar alle ferhalen is wat te sizzen, mar yn de kearn komt it der op del dat der net goed kommunisearre is tusken de partijen. Dat wylst se elkoar hast bepisje kinne as de straal noch ynoarder is. Hoe is it dochs wer mooglik, mar ik ha sels meimakke dat in brief yn de reis fan in baly en in keamer 15 meter fierderop spoarleas ferdwine kin, dus sjoch ik dêr al net mear nuver fan op. No't alle partijen einliks yn ien romte (rûmte) si

Rockopera Swart Langstme doorslaand succes!!!

Afbeelding
Succes rockopera Swart Langstme te groot Organisator Bart Kingma: ‘Snútslach, mar wy sette troch!’ Van onze cultuurredactie LEEUWARDEN- Rockopera Swart Langstme, die zaterdag aanstaande opgevoerd zal worden in poppodium Romein te Leeuwarden, was bijna ten onder gegaan. De onbekende Franstalige, niet meer bestaande en volledig onbelangrijke band Noir Désir, die toevallig de rechten op de muziek heeft, maakte bezwaar tegen het op voorhand al legendarische project. Uw verslaggever, die onder Noordfranse gruttojagers informatie lospeuterde, weet dat het enkel en alleen kinnesinne betreft. ‘Het te verwachten succes van de opera was een doorn in het oog van de ex bandleden, die er in hun eigen leven maar wat een zootje van hebben gemaakt,’ aldus een naar knoflook stinkend lid van wildbeheereenheid Parijs Noord. ‘Alles boven de lijn Parijs is minderwaardig, die lui uit Bordeaux schijten op ons,’ aldus de jager. Slechts door de extreme inspanningen en kwaliteiten van de Sw

Krisisberied yn de Fryske Steaten

Afbeelding
Spotten yn it publyk by de Fryske Steaten doe't se fergaderen oer it nije Thialf:

Versterker

Afbeelding
Hjoed gjin bloch, mar in oanbieding, tsjin elts oannimlik bod.

Undersyk

Afbeelding
No, Koopmans en Vaessen binne los mei harren ûndersyk nei de handel en wandel binnen de muorren fan it Abe Lenstra Stadion. Teminsten, dat moatte wy mar oannimme. Foar itselde sitte se te kaarten of spylje in potsje biljert. Se lykje my wat te âld om te poolen. Ek soe it sa wêze kinne dat se 'om wat aan elkaar te snuffelen' in besite oan de sauna makke ha. Wy witte dat net. It soe kinne. Miskien ha se wol in kuier troch de bosken fan Oranjewâld makke wylst it hurd reinde. Gjin idee. Tegearre yn ferware lange reinjassen ûnder in brêge in flesse wyn leech dronken? Sis it mar. Witte jim hoe't sa'n ûndersyk wurket? Ik in bytsje. Ja, út de wazige ferslaggen dy't je dan hearre, dogge ditsoarte 'swiergewichten' altyd tige harren bêst om it sa abstrakt en foar gewoane minsken net te befetsen oer komme te litten. Oars koenen jo en ik it ek wol, no? Ik stel my foar dat it wolris minder dreech wêze kin as dat it liket, sa'n ûndersyk. Gewoan oan de sekretares

Is it oarloch?

Krapte yn oanbod en dêrtroch slaanderij by de voedselbanken. Wolkom yn ien fan de meast rike, ûntwikkele en beskaafde lannen fan de wrâld. Wy bedarje yn in delgeande spiraal. Fan it regear moatte wy jild útjaan om de ekonomy wer op gong te helpen. It regear jout jild út oan te djoere en soms ûnnedige projekten. In tige lytse groep minsken wurdt smoarryk, wylst de rest wit dat de leanen beferzen binne as wurde. Hoe moatte wy dan jild útjaan, bêste hear Rutte? It jild is oan de ein fan de moanne skjin op by de measten, as se de ein fan dy moanne al helje. Hoe fier stiet de polityk fan de gewoane minsken ôf? Alles wurdt djoerder, de wearde fan de hûzen sakket, de soarchpreemjes binne hast net mear te beteljen, de kosten fan dy soarch is mei miljarden omheech gien, wylst der op besunige wurde soe. Sjoch, de grutste domkop kin wol neigean dat hjir yts folslein ferkeard giet. De ferdomde partijdissipline makket dat sels al sjocht in blyn hynder dat it oars moat, nimmen út de skoalle klapp

Tips voor de onderzoekers bij SC Heerenveen

Afbeelding
Van der Zwan Vaessen Koopmans De weledelgestrenge heer en tevens burgervader Tjeerd van der Zwan heeft ons alhier en in vele andere focusgroepen het zwijgen opgelegd hangende de uit te voeren diepgravende onderzoeken die de onderste steen boven moet halen betreffende de doorlopende casus bij de door velen op handen gedragen en zichzelf graag met het Friese verbonden ziende SC Heerenveen. Voor dat wij ons neer geven zijn wij van denken dat enige aandachtspunten in de richting van het onderzoekend trio op zijn plaats zijn. Vele handen maken licht werk, so to speek. Gezien de grondtaal van het debat, is de breedte van de inhoud iets waarmee wij een goede stap kunnen maken. De mannen aan tafel kennend zou het zomaar kunnen dat we nog even naar de inhoud kijken, daarbij niet uit het oog verliezend: We zullen op de inhoud aan elkaar moeten wennen. Dat gezegd hebbende: We moeten focus houden om ons bestaansrecht te rechtvaardigen, echter een teveel aan focus kan schad

Moslims op it iis?

Afbeelding
It soe samar kinne dat it iishockeyseisoen yn de USA hjoed oan syn ein komt. Yn de finale fan de Stanley Cup ha de Chicago Blackhawks noch ien oerwinning nedich om de Boston Bruins te ferslaan. No net miene dat Boston al ferslein is, want yn iishockey binne jo oant in tel foar de ein meastal net wis fan de priis. Dit jier wie in nuver seisoen yn de NHL. De spilers staakten omdat se mienden dat se noch mear bûsjild ha moasten. Sa is der úteinlik mar in heal seisoen spile. Dochs wurdt der om de Stanley Cup spile, wylst dat net hielendal earlik is. In seisoen NHL is net samar wat, dat is hurd wurkjen. Yn de tiid dat Ruslân noch USSR en CCCP hjitte, wienen de spilers fan bygelyks CSKA Moskou eins gewoan soldaten. As se net earne yn in fleantúch sieten, wachte harren treningskampen yn Archangelsk, op de poalsirkel. Frou en bern seagen se amper. De tiid fan de KLM line. Krutov, Makarov en Larionov. Legendarysk. Mar ek de NHL is net foar mietjes. Fan begjin oktober oant ein april wur

Niet meer over het weer emelen, graag

Afbeelding
Nu, het is weer zover, hoor. Nog niet zo lang geleden was het hele gee zo droog als rijs, de hoge wind ratelde de pannen op het dak en het wereldrecord sjaal- en sokbreien ging tot halfweg de bloemenmaand vrolijk door, alarmfase een (1) werdt afgekondigd aangaande het bluisterige boomtegroen dat door er alleen naar te kijken al in de hens vloog, Piet Paulusma wist niet hoe dit gebeuren kon. Wij wisten dat vanzelf wel, als de wind een (1) keer hoog is, blijft hij vaak hoog, maar dat geheel terzijde. Het mag dan geen weer zijn om het liggende willewerk buitendeur te doen, maar om nu na een (1) stuiver dadelijk weer moord en brand (?) te schreeuwen over het weer roept aan de spreeuwen. Beppe zei altijd, 'Het zal hen er naar gaan,' en deze wijze woorden doen nog immer opgeld. De natuur was glad verlegen om enige milimeters water dat aan de wortel komt, geachte lezers van Stijkelsteker. U zult er nog van spreken hoe bluisterig over een paar weken de krijte er heen ligt, deze mou

Kanker

Afbeelding
Kanker. Op ien as oare wize krijt eltsenien der mei te krijen. Om jo hinne is altyd wol ien dy't de aaklige sykte hat, hân hat of der guon troch ferlern is. Juster om acht oere begûn yn Surhústerfean, yndie, It Fean, de SamenLoop voor Hoop. 24 oeren lang rinne in stik as 60 teams folkontinu rûntsjes om jild yn te sammeljen foar de Kankerbestriding. Foppe de Haan joech it startskot. Doe't er dat dien hie, wie it earste rûntsje foar manlju en froulju dy't sels mei de sykte te krijen hân ha, as noch ha. Dat wie in emosjoneel barren. De organisaasje fertsjinnet fansels alle kompliminten, it is in rotsykte en dêr moat ûndersyk nei dien wurde. Mar my sakket de moed soms wol yn de skuon as ik al dy goed bedoelde en needsaaklike aksjes sjoch. Al dy frijwillige kollektanten, al dy ynspannings. Nee, ik wol net eamelje. Nee, ik wol net negatyf wêze. Ik wol dat der goed ûndersyk dien wurdt. Mar ik kin der neat oan dwaan en jim sille it miskien net aardich fine, dochs wol ik it

SC Hearrenfean moat no fierder bouwe

Veenstra exit, hoe no fierder? Dat Robert Veenstra opstapt is, jout in weach fan opluchting yn alle media, digitale kranten ensafh. Mar eins begjint no it grutte wurk pas. It ûndersyk oer it bedriuw SC Hearrenfean? Wat sil dêr mei barre? Moat gewoan trochgean, lit de klup mar ris goed trochljochtsje. Der is genôch te ûndersykjen. De rol fan de RfK en it Stiftingsbestjoer moat ûnder it fergrutglês. It boadskip wie helder: It betrouwen yn de folsleine direksje en RfK is opsein troch Nieuw Noord en Feanfan. Dy moasten allegearre fuort. De klup moat skjin skip meitsje. Alle publikaasjes moatte no net ferjitten wurde troch it opstappen fan Veenstra. Dat it in wichtich begjin is, liket my helder. Mar no goed wekker bliuwe en lit Klaas Vaak jim gjin sân yn de eagen struie. De earste stap is setten. No fierder bouwe oan It Hearrenfean dêr't wy grutsk op binne. Ynearsten steane de winsken fan de opposysje noch rjocht oerein.

Streekprodukten

Afbeelding
Skriezefestival op lêste momint ferbean Unbegryp en lilkens by organisaasje Bier en Skries. ‘Hjir binne skriezen genôch!’ LJOUWERT- Yn sân hasten moast it beslút naam wurde, mar de skriezen yn de krite Idzegea kinne harren mar rêstich deljaan. ‘Yn Sina ite se hûnen, wêrom meie wy dan net in knapperich stikje skries op de barbekjû ha?’ Romke Fûgelflapper rint read oan as er de brief sjen lit wêryn’t de earste útfiering fan ‘Bier en Skries’ troch de provinsje ferbean is. ‘Alles wie regele, de skriezen wienen krekt fet genôch om se lekker systerje te litten op it fjoer en dan krije je dit,’ foetert Fûgelflapper. ‘Wy ite hjir al jierren skriezen, it tilt hjir op fan dy bisten. Boppedat hienen wy der in goed doel oan keppele, it doarpshûs moat in septic tank ha, mar no hat alles fergees west.’ Mei in wazige blik yn de eagen stekt Fûgelflapper in sigaarke oan. ‘Dy lju fan Kening fan de Greide sille der wol efter sitte. Dy miene dat der gjin skries mear is, no, lit se ris efter

Frankfurter merke

Afbeelding
Wij willen slechts on ze fiets terug Van onze plaatselijke verslaggever MIJGDUINEN- Het is weer hommeles in de kruidje roer me niet wereld van de Friese literatoren. Nu maakt dat ons in de regel de pis niet lauw, echter er kwam ons alhier ter ore dat in de Hoofdplaats enige geldelijke middelen vrijgemaakt waren ter meerdere eer en glorie van het immer tot den verbeelding sprekende Friestalige proza en de edele dichtkunsten. Plaatselijk redacteur Josef von Keulen tot Donderen heeft op het stuit de buizen uit het hok gehaald en is afgezet richting het domicilie van degenen die boven ons gesteld zijn om helderheid en kopij voor de plaatselijke dorpskrant De Ontbinding te vergaren. Nu zijn wij niet zo van het omkijken, maar als het over klokken en rijwielen gaat willen wij nog wel eens uit een groot gat blazen over onze oosterburen, waarover wij overigens niet te mal willen, zij laten zich elk jaar braaf uitmelken op onze eilanden, dat we moeten hen ook weer niet te bot