BREKKEND: Staveringshifker yn oktober klear

Justerjûn wie der in gearkomst yn de Fryske Akademy oer de standert en stavering fan ús taal. Omdat ik ek nei de fergadering fan it skriuwersboun west ha, woe ik sjen en hearre hoe't der yn akademysk fermidden oer tocht wurde soe. Ik makke my yn 't foar op foar in soad wurden, mienings en lulle oer punten en komma's. Lokkich wie Gerard van der Veer as seremoanjemaster oanlutsen, sadat we meielkoar net fersopen binne yn te lange presentaasjes. #goedwurk soenen se op twitter sizze.

De provinsje, de akademy en de opposysje krigen sprektiid. Foar alle ferhalen is wat te sizzen, mar yn de kearn komt it der op del dat der net goed kommunisearre is tusken de partijen. Dat wylst se elkoar hast bepisje kinne as de straal noch ynoarder is. Hoe is it dochs wer mooglik, mar ik ha sels meimakke dat in brief yn de reis fan in baly en in keamer 15 meter fierderop spoarleas ferdwine kin, dus sjoch ik dêr al net mear nuver fan op.

No't alle partijen einliks yn ien romte (rûmte) sieten, die geandewei bliken dat de ferskillen fan ynsjoch hielendal net sa grut binne. In flesse bearenburg, reade wyn of wodka fierder en we binne in ein op streek, soe ik sizze. Mar sa fluch giet soks net, dus lit se mar efkes jeuzelje. Gun se dy tiid. Efkes wat droech (drûch) materiaal troch en dan ha wy in list. Soks kin noch wol in jier as langer duorje, skat ik yn. Gjin probleem, as der yn de tiid foardat dy list der is, mar skreaun wurde kin mei kontrôle nei de hjoeddeistige mjitte.

Op de jûn fan it boun wie it nije systeem fan de akademy yn kombinaasje mei de besteande wurdlist al besprutsen. Jan Schotanus miende dat dy list yn it nije digitale systeem maklik noch in skoft tsjinst dwaan koe, dat waard juster troch de akademy ek tasein.

Deputearre Jannewietske de Vries sleat ôf mei de moaie meidieling dat de nije staveringshifker der yn oktober wêze sil, mei de âlde wurdlist, as de nije noch net klear is.

Dochs in puntsje fan krityk, hie Jannewietske dat oan it begjin fan de jûn no sizze litten. Hienen we daliks oan de drank kinnen. (smiley)  

Reacties

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen