Posts

Posts uit januari, 2011 tonen

11 oere

No, ik ha niis noch alle social media bydel west, mar gjin nijs oer Bas Dost. Dat ik jou my mar del. Moarn sil wol yn alle kranten stean dat er om fiif foar tolven ferkocht is, mar it is my wol goed. Ik ha mear noed oer wat der yn it midden easten spilet. Finzenen dy't troch smokkeltunnels werom komme yn Gaza en daliks ferklearje dat se noch like folle hate tsjinoer Israel ha as dat se hienen foardat se yn Egypte yn in sel bedarren. It minske dat foar dat krûdfet yn oplossing wit moat noch berne wurde bin ik bang. Foar no en de kommende jierren sille we it mei noch mear selsmoardoanslaggen, bommen op skoallen en noch mear ellinde dwaan moatte. Goede ried is djoer, en alles út namme fan de allerheechste. Dat wa ek mar wat docht, se ha it gelyk oan har kant. Fertel my wat de oplossing is en ik keapje in gleske bier foar dy, miskien wol twa. Of trije.  

Covers, i hung my head

De wrâld wurdt oerspield mei covers. Yn Fryslân kinne we der ek wat fan. Dylan yn it Frysk, Cohen yn it Frysk, covers fan Heart (fielt sa goed ofwol bûkemantsje is I love you yn it Frysk), Vreeswijk yn it Frysk en noch folle mear. Wêrom is dat? Is de ynspiraasje fuort? Of wie wat dizze minsken makke ha sa goed dat we der ek wat fan meisline wolle, of is it gewoan leuk om te dwaan? Nynke Laverman hat in Halleluja delsetten dêr't se yn Hilversum in puntsje oan sûgje kinne, sa moai. Mar je kinne je ek núver fertille oan sa'n cover, foarbylden genôch, mar ik skriuw dit stikje net om minsken yn de bleate kont te setten, dat dogge se sels wol. Nee, ik ha in probleem, want wat lies ik hjoed? No komt Johnny Cash oan bar. Sjoch, alles hat in grins. Der binne sjongers dêr't je net oan komme meie, dêr moatte je ôfbliuwe. Sels as je út Drachten komme en de rest fan je libben wrakselje mei it leauwen, dan noch net oan Cash komme! As je sizze dat Cash jo held is dan draaie jo syn platen

Johnny Cash - I Hung My Head

Afbeelding

De senuwen krije je derfan

Sûnt koart ha 'k in account op twitter. Mar dat wie it dan ek wol. Ik snap net wêr't dat goed foar is, dat twitter. 'efkes nei it húske' 'bin der wer, it woe wol aardich' mei fiif minuten dertusken. Ik skriuw wolris wat, sa as no op myn bloch. (en soms noch wat mear) Mar dat gejeuzel? Ik krij der de senuwen fan. Fiif kear yn it kertier in berjocht fan Omrop Fryslân, dat hie ik al op de radio heard! Fraach is, hoe ha dy fanatike twitteraars it de godgânske dei oan tiid om te dwaan wat se dogge? As noviteit foar minsken dy't wolris wat oars yn de hannen ha as har iPad, iPhone of Blackberry soe in protese wêze kinne, sadat je ûnder it wurk konstant it skermke yn it each hâlde kinne. In soarte fan bûtenboardbeugel, mar dan net mei blokjes om de tosken rjocht te setten, mar mei in hâlderke foar de mobyl. Echt linige minsken soenen dan mei de tonge reagearje kinne as ien fan de folgers wer in ûnsinberocht twittere hat. Neffens my is twitter wat foar de nije eli

Kânsen

"Alles wat u vraagt zal u gegeven worden," sei minister Hillen fan definsje. Om de missy yn it noardeasten fan Afghanistan der troch te krijen, blykt de oppposysje machtiger as ea. Geert wol neat, dus sil der stipe komme moatte. Posityf ynstelde minsken sizze altyd dat je yn kânsen sjen en tinke moatte. Dan kinne it noch wolris spannende tiden wurde. Stel: it CDA hat in plan, en kriget de VVD mei. Geert wol nea wat, dus mar wer lobbye en flaaikje om guon mei te krijen. Dan kin links it dus meitsje en brekke. Wat no de PVV hat it foar it sizzen? Der wurdt op it stuit oan alle kanten wikseljild frege en útjûn. Dit plysjeoplieden kin mar better trochgean, net omdat it no sa'n fraai plan is, mar foar de kommende jierren. Hoe mear wikseljild der op dit stuit oer en wer giet, des te minder kâns dat Geert syn ynfloed grutter wurde sil. En dat is wat de polityk wol, dochs?  

It fallyt fan it aaisykjen

Ik wit it noch as de dei fan juster. It wie yn de iere maaitiid fan 1979. As jonkje fan in jier as tsien frege ik my alle dagen ôf wêr't myn buorjonge dochs eltse dei hinne gie, der moast fuotballe wurde, blinder! Mar hy fytste dei oan dei de modderreed del en gie te aaisykjen. Dat wie nij foar my, mar ik bin in kear meigien. En as spile de dúvel der mei, fyn ik net it aai dêr't hy al dagen op rûn? Op in plak dêr't nea in aai lizze koe, se laken my út doe't ik omtrint troch it wetter rûn. Mar der wie in lyts stikje dat net splis stie, en dêr lei it. Myn earste echte ljipaai. Ik wie ferkocht, en waard tige fanatyk. In oantal jierren letter, ik ried doe al yn in auto, waard de wille ferballe trochdat de plysje my in kear nei myn aaisikerskaart frege. Dy hie ik net, en wie ek net fan plan om ien oan te skaffen. It moast net mâlder, wa hie lêst fan my, midden yn de Mildaamster polder. De koarts wie oer. Ik ha nea wer aaisocht. Ik mei noch graag sjen en hearre as der in â

Sensaasjesucht

Foar wa't it noch net wit, Doutzen hat... lit mar. It is eltse kear wer in iepenbiering, de sucht nei sensaasje. Ik ha der neat mei. Mar foar party minsken is it shownijs mei dy relnicht fan in Albert Verlinde it hichtepunt fan de dei. Hy is ek noch riddere, twa kear al, as it my net mist. Fanwege it omtinken foar de homokultuer en de kultuer yn it algemien. Twa kear kul. Ik ha neat op homo's tsjin, sterker, yn de regel binne it fatsoenlike minsken. Mar neffens my soe de homoscene better ôf wêze sûnder sa'n provokative lawaaimakker as Verlinde. De flibe rint him súver fan it kin ôf, as er wer in blokje breaking news hat oer de ien as oare BNner. Mar der skynt in merk foar te wêzen. Krekt as foar alles dat mei in lytse poppe fan in topmodel te meitsjen hat. Niis lies ik dat se mar gau soargje moast dat se wer yn foarm kaam, oer in pear wike soe de earste fotoshoot wer op de aginda stean. Yn foarm? It bern hat noch nea sa yn foarm west as no! In sûne poppe op de wrâld, en

Moaie tiden

Jan van Friesland (whats in a name), haadredaksje fan de Omrop, hat hjoed tasein dat er neitinke en brainstoarmje sil oer mear skreaun Frysk yn de programearring. Der komme moaie tiden oan, bêste minsken. Wêr't in boekpresentaasje al net goed foar is! No mar hoopje dat it net tefolle oer deade skriuwers gean sil, want dy wurde dochs wol lêzen. Boppedat liket it my lestich om dy live yn de útstjoering te krijen, ist net sa? Reklame wurket, neffens de oanwêzige deskundige op it mêd fan saken yn de merk settte, en hoe soe dy dat no net witte. Nee, ik tink dat de presentaasje fan de sammele wurken fan Steven HP de Jong (whats in a name!) in pylder yn de skiednis fan it skreaune Frysk blykt te wêzen, as der oer in jier as wat op weromsjoen wurde sil.

It smoar yn ha

Je ha fan dy dagen dat je better neat opskriuwe kinne. Omdat alles ferkeard útlein wurde sil, of omdat alles ferkeard begrepen wurde sil, of omdat je dingen opskriuwe wêrfan je yn't foar al sa je betinkingen ha oft se wol goed falle sille. Dan binne der twa opsjes: je dogge it al, of je litte it. Dat is in dilemma. As je it idee ha dat wat je yn't sin ha om op te skriuwen wier is, mar je binne der net hielendal wis fan, en dat it nei in dei besakjen wolris wat oars, wat mear nuansearre wêze kinne soe, wat te dwaan? Goed, sa'n dei dus. Mei tank oan de reade tried. En ik gean it net útlizzen.

Drug Enforcement Administration en de WIKI leaks.

De D.E.A.is in machtige organisaasje dy't him dwaande hâld mei it opspoaren fan drugs, wrâldwiid. Dat hâld yn, in Amearikaanske klup, dy't him neat fan wa dan ek mar oanlûkt. Under it motto: as je de grutte boeven pakke wolle, is alles tastien. It iepenbier ministearje yn ús moaie Nederlân hat wetten en beheinings as it om it oppakken fan kriminêlen giet, en de D.E.A. hat dêr lak oan. Dat smyt wer moaie TV op. De Wiki leaks jouwe in oantal foarbylden, wêryn't helder opsein wurdt hoe't ien en oan yn syn wurk giet. In freeslik net mei de saken op de hichte frommis fan it IM seit dat wat der ek oan de hân is, alles moat binnen de kaders fan de wetten fan ús moaie lân. Eks minister Rouvoet wol de minister befreegje, want hij wist niet hoe dit kon gebeuren. Neffens my siet dyselde yn it foarrige kabinet, ha se dêr nea oerlis hân dan? Wy tinke dat we in autonoom lân binne, dat sels betinke mei wat we dogge en wolle. Dat is ek sa, mar dan giet it oer peanuts, net oer saken dy

Berlusconi

Lekkere jonge is dat dochs, dy Silvio. Hy hat it fel sa strak lûke litten dat er mear op in perkaminten etalaazjepoppe liket dan op immen oan it haad fan in lân. Mar dat moat er sels witte, as er al dy rimpels net fuorthelje litten hie, wienen dy froulju fan ûnder de tweintich fansels net sa happich west om nei ien fan ome Silvio syn sliepfeestjes te kommen. Oan alle kanten driget er no in soad frije tiid kwyt te reitsjen oan rjochtsaken, en dat is skande. Wat kinne jo in soad moaie dingen dwaan yn al dy yn ´t foar al ferlerne oeren dy´t sa´n rjochtsaak duorret. En dus betocht ús Silvio in list! Hy kaam op syn eigen TV stjoerder en spruts it folk ta. Dizze kear mei droege eagen leau´k, mar as der triennen by komme moatte? Ome Silvio is fan alle merken thús, hear. It skaaltsje mei sipels wurdt kreas bûten byld holden troch de kameraman. No fertelde er oan syn ûnderdanen dat er noch nea betelle hie as er mei in frommis ûnder de lekkens strûpt wie. Ja, hallo! Sa kin ik it ek! Party mins

Wurk foar de diplomaten dus

It stikje hjirûnder komt út de NRC, en slút moai oan by wat ik juster op it bloch skreau. Moatte jim oplette yn hokker bochten Hillen aanst gean sil, want it projekt moat en sil trochgean. Neffens sizzen binne de earste diplomaten al troch Willem Buiter op it fleantúch set... De Joint Strike Fighter (JSF) kost Nederland minimaal 59,7 miljoen euro per stuk. In 2009 werd uitgegaan van een stuksprijs van 47,4 miljoen euro. Dat heeft minister van Defensie Hans Hillen geantwoord op vragen uit de Tweede Kamer. Defensie-redacteur van NRC Handelsblad Jaus Müller zegt dat het voor het eerst sinds 2009 is dat Defensie met een update komt over de aanschafprijs van de JSF. “De vorige bepaling kwam vorig jaar, maar werd al opgetekend in 2009. Hoewel kabinet-Rutte de beslissing over de aanschaf van de JSF heeft doorgeschoven naar het volgende kabinet, is het interessant wat de Kamer gaat doen met het voornemen om twee testtoestellen te kopen. Die prototypes gaan per stuk veel meer kosten dan d

Nieuwsuur

No't de top ekonoom Willem Buiter ús yn Nieuwsuur efkes ferteld hat hoe't it sit mei it grutske Nederlân, ha ik in fraach. Dizze hotshot fan de Citibank sei dat we binnen fjouwer jier de hypteekrinte net mear ôflûke kinne, en dat we derfoar as beleaning wurkje meie oant ús 70ste. Aardige keardel, dy Buiter. Wurket hjir net, mar bringt sa no en dan in blikembesite, en dan mei Twan Huijs nei Schiphol om him dêr te befreegjen. Hy is berne yn Den Haach, en hat sawol in Britsk as Amerikaansk paspoart. Hoe sa: as je sinten ha krije je saken foar elkoar. Mar de fraach is, wêr moat it jild weikomme dat we brûke moatte om plysjeminsken op te lieden yn Afghanistan. Fansels seit it kabinet dat it út de pot mei ûntwikkelingsgearwurkingsjild komme moat. Mar dan krije jo gjin stipe yn de keamer, en Geert wol neat yn dy negerij dwaan, dus moat Mark op 'e strún om te sjen oft er by it folk dat er yn de ferkiezings foar ferrotte fisk útmakke hat, stipe krije kin. No, dy JSF pot mar? Nee,

Aaisykje mei Geert

Oei, no rint it de fêstige oarder tin troch de broek, tinke jim ek net? Geert wol mei ús te aaisykjen, noch efkes en hy folget in kursus by de Afûk! Fryslân hat in status aparte wat de kultuer oangiet, it koe net op foar alle Frysksinnige lju dy't de grutte blonde lieder op de TV seagen. En dy ferhipte ûne dêr by Harns? Slúte dat kring! En ek gjin fersakkings mear, want as it oan Geert leit, is it sâlt op. Doe kaam it kommintaar, laitsje! 'Oneliners,' neffens Konst. 'De FNP rekkenet der op dat de minsken har ferstân ha,' neffens Toering. De moaiste: dêr is er wer, ús fergaderboer. 'De PVV is in oanwinst foar it politike fjild...' Syn stjittroepen wienen al dwaande om de rânestêdpartij (nij wurd!) D66 in hakke te setten troch klaaid yn bûrka's de fergadering te ferbaljen. Alles rint dat it slydjaget, neffens Geert geane we in moaie simmer temjitte. Tsja... ik sit net yn de organisaasje, mar de kommende sprekker by de betinking fan de slach by Warns?

Fergaderboer, of binne it der no twa?

Twa mienings, ien persoan. De iene miening as listlûker, de oare as deputearre. Dat is dus polityk. Om safolle mooglik stimmen te heljen dogge se oan kânsberekkening. Dat giet sa: 'Stel we litte yn dizze saak it Hearrenfean yn de kjeld stean, hoe pakt dat út?' De stêfmeiwurker hat it al troch rekkene. 'It Feen is in read gat, dêr komme we nei de ferkiezings op werom. Skarsterlân, dêr moatte we goed om tinke, dat smiet altyd in soad griene stimmen op. En Gaasterlân ek, wat dy pear Lemsters dogge is my wol goed, mar tink om Skarsterlân en Gaasterlân, trouwe CDA stimmers, hear!' 'Okee, (sucht) mar dan sille se yn de steaten wol wer sitte te eameljen dat ik mei twa petten op stean te lullen.' 'No, en? Dat is dochs noch nea oars west?' 'Nee, mar it leit der no wol hiel dik boppe-op.' De stêfmeiwurker klapt it mapke ticht. 'Sis mar hoe't it oars moat dan?' Us fergaderboer klaut him om it kin. Alles wurdt foar him betocht, hy is allinn

Earme goes.

Der is in protte dat ik net begripe kin. Nim no dy goes dêr yn de hoofdplaats. Dat bist hie lêst fan kâlde poaten, dat snap ik dan noch, omdat er op it iis siet. Gean sels mar in skoft mei bleate fuotten op in skos sitten, dan wolle jo wol omlyk. Ik ha sels ek guozzen, dy sitte winterdeis ek plat op de grûn. Dat dogge guozzen, sa binne se evaluearre. Wa't net evaluearre binne: de minsken. Dy stumpers belje dan helpferlieners, dy't dy goes fan it iis helje moatte. Want it bist hat it kâld. Frjemd, no? Ik ha it neisocht, in brânwachtauto, noch in brânwachtauto, in heechwurker en tsien (!) man personiel. Dy goes sil wol tocht ha, wat is dit hjir foar gedonder, ik ha al sokke kâlde poaten, kinne se my hjir op it iis ek al net mei rêst litte? Hawar, nei in skoft drok oan it wurk west te hawwen wie it hast oan de ultime rêdingsaksje ta. Wat bard? Dy goes slacht de wjukken út en lânet 50 meter fierderop. Noch altyd mei kâlde poaten. Oan ien kant woe it bist wol flokke, oan de oare kan

EK of Oberhof?

As Nederlanner hearre jo dit wykein mei in skaaltsje nútsjes foar de TV te sitten om nei Mart Smeets te sjen. Der wie wer in EK reedriden yn it sfearfolle Collalbo. De omjouwing wie better as it riden, mar ja. Lokkich ha se Anni der by helle, oars wie der hielendal gjin donder mear oan. As sportidioat ha ik al in jier as wat in goed alternatyf foar de einleaze rûntsjes, oanelkoar jeuzele troch dy Drint dy't eartiids ek wolris in streekje sette. Ik sjoch nei Biathlon, op Das Erste. It hiele wykein topsport, dizze kear út Oberhof wei. 25000 man op de tribune en geweldich spannend. Wy ha hjir noch it idee dat riden in wrâldsport is, mar ik soe jim oanriede wolle in kear nei biathlon te sjen, dat is wat oars. De kombinnasje fan skye en sjitten op fiif skiven liket wat frjemd, mar it is prachtich. De kânsen feroarje eltse fiif minuten, en dan ha ik it net oer in pear rûntsjen dy't in tsiende te stadich riden wurde, nee, je kinne foarop lizze en mei in minne sjitbeurt samar in minút

No ek al fisken!

Twa dagen lyn hie ik it oer de fûgels dy't hjir er dêr dea út de loft falle. In nij haadstik yn dit ferhaal is dat der no ek deade fisken oanspiele. De Belgyske krante Het Nieuwblad skriuwt dat yn Nij Seelân, Brazilie en opnij de US of A massaal sardines ensafh op de kust oantroffen binne. Net yn blik, mar gewoan dea. De ferklearringen wurde moaier en moaier. Ek Snappers binne de klos. No wit ik net oft jim wolris sjoen ha nei de fiskaventoeren fan Rex Hunt, dy man wie gek op Snappers. It liket wol wat op in snoekbears, sa'n Snapper. Bytsje dikker, mar skynt hiel lekker te wêzen. Mar Het Nieuwsblad seit ek dat net tsjinsteande in soad teorien, in offisjêle ferklearring fan de oerheden útbliuwt. Kom ik dochs wer werom op de komplotteorie, hearlik is dat. Lit it mar ris yn jim omgean, wat soe der oan de hân wêze?

Kobayashi

Elts jier stiet yn de âldjierskrante in oersjoch fan minsken dy't yn dat jier ferstoarn binne. Yn 2011 sil dat grif net oars wêze. Mister Feyenoord, Gerry Rafferty, it begjin is der al wer. Hjoed hearde ik dat Pete Postlethwaite der ek net mear is. Net omdat syn namme hast net út te sprekken is, mar omdat er prachtich aktearje koe foel er my op. Foar my hie er ien fan de bêste byrollen yn de film The Usual Suspects. Dêr spile er Kobayashi, in soarte fan butler, mar dat kaam oan it ein fan de film pas út. Prachtich plot, yngewikkeld, mar troch it aktearjen fan Kevin Spacey en Pete Postlethwaite fan begjin oant it ein freeslik spannend en ûnderhâldend. Hy komt sa no en dan foarby op de telefyzje, no't Pete der net mear is sille se him ynkoarten wol wer útstjoere. Foar wa't him noch nea sjoen hat: sjen!

Beebe syn manna

Wolris fan it plakje Beebe heard? Dat leit yn de USA, yn de steat Arkansas. It gat yn de dyk is it, mar de lêste dagen bot yn it nijs. Op âldjiersdei mitere der in kloft klysters út de loft. No wist ik net dat Beebe ferlet fan manna hie, mar it kaam der al. No falle de gelearden oer elkoar hinne hoe oft dit no kin. Fjoerwurk, tongerslach of hagelbui? De moaiste ferklearring is dat se lêst hawwe soenen fan in trauma. Klysters mei in trauma. It lykje wol Russyske of Sjineeske tastannen dêr. As der yn Sjina in man of fyftich efterbliuwe yn in wrakke koalemyn komt der ek nea in ferklearring foar, meastal witte we it hjir net iens. As der hjir op âldjiersjûn mei pylken en carbit sjitten wurdt ha ik noch nea sjoen dat der in flecht guozzen nei ûnderen kneppele. Sterker, se fleane rêstich troch. Dus ha ik dy gelearden dêr yn de USA op in piipfol. As je de conspiracy theories of wol de komplotteory der op los litte, kin der fan alles oan de hân wêze yn Beebe, Arkansas. Mar klysters mei in

Hans de Jong

It waarberjocht, we geane oer nei Hans de Jong. Hans de Jong is der net mear. Jierrenlang wie de boppesteande oankûndiging om efkes oer healwei ienen by ús yn de keuken te hearren. It waar wie Hans de Jong en Hans de Jong wie it waar. Hy wie in autoriteit, in man fan oansjen. Hy sei wat it waar wurde soe en dêr pasten jo je op oan. Wol of net meane? Earst efkes nei it waar hearre. Ek it berjocht út de libbene natuer wie in fêst punt yn syn waarpraatsje. Ien kear ha ik dêrmei de radio helle, dat wie doe't ik in das seach dy't by ús om de kuilbulten hinne skarrele. Doe ha 'k Hans de Jong opbelle, ik sil in jier as tolve west wêze. Ik ha neat op hjoeddeistige waarminsken tsjin, mar foar my sil it waar altyd Hans de Jong bliuwe. It sil wol yn de namme sitte.

Resepsje

Litte we foarop stelle dat de PVV in soad nuvere, frjemde en idioate stânpunten hat. Mar as se in resepsje idioat fine omdat it 150.000 euro(!!) kostet, betelle troch de belestingbeteller yn Den Haach? Hoe sit it dan? Ha se dan gelyk, of is it normaal om oardel ton oan hânskodzjen te besteegjen? Neffens in wurdfierder wie it foar alle Hagenezen. Mar dy koenen der lang net yn! Hjir yn Smellingerlân (sis mar net Drachten) ha se ek sa'n feest. De hiele Lawei ôfhierd, folle en net genôch. Wat it kostet? Ik wit it net, mar der koenen mear as tûzen minsken komme. Rekkenje mar út. De kaarten wienen samar fuort. Gjin wûnder, gewoanwei betelje je al gau 25 euro pp foar in net al te goede foarstelling. Wat wie der mis mei west as eltsenien moandei op kantoar elkoar it nijjier ôfwûn hie? As ik de sifers leauwe mei hat de gemeente SM rûchwei 55000 ynwenners. 54000 dêrfan meie de kosten foar in part opbringe fan in feest dêr't se net west binne, net komme koenen, net wisten dat it der wie