Posts

Posts uit juli, 2013 tonen

Skjin myn nocht fan Firefox

Afbeelding
Dizze ikoantsjes sille jim bekend foarkomme. Ynternetbrowsers. Dêr is in soad oer te sizzen, mar ik ha it leafst dat se dogge wat ik wol. Dat wol sizze dat ik rap de side foar my krije wol dy't ik keazen ha. Ek wol ik graach dat de siden dy't ik faak besykje oersichtlik yn in wurkbalke steane. De lêste tiid wurke ik mei Firefox. Op himsels wol prima, allinnich de Ljouwerter krante ferhipte er te iepenjen. Daliks de boel plat. Dus hie ik Chrome delhelle, want dêr wurke dat wol. Op de eftergrûn stie it âlde ikoantsje fan de good-old Internet Explorer der ek noch, mar dy brûkte ik hast net mear, omdat my troch alle nerds ferteld waard dat dy út de tiid, traag en foar âlde minsken wie. Nee, ik moast dochs echt oan de Firefox, Safari of Opera om der by te hearren. No is it sa dat der om dizze tiid hinne 13 skûtsjes efter Snits oan farre, de reden dêrfoar komt grif nochris boppe wetter, mar dy SKS hat in prachtige side. Track and trace sit der ek by. Dan kinne jo fiif minuten w

BREKKEND: ôfskiedsgedicht fan de potfisk fûn!!!

Afbeelding
Stikelstekker hat beslach lein op it ôfskiedsgedicht fan de potfisk, dy't hjoed oanspielde op Skylge. Ha, hjir lis ik dan, it moast der wol fan komme. Troch sykte of oar ûnk, dat kin ek neat ferdomme. Ik wol jim witte litte, jim skreppen hat gjin doel. Krewearjen tsjin better witten yn, alteast foar myn gefoel. Myn libben wie goed, ik ha oeral hinne swom. Mar no, hjir op dit strân, sjoch ik minsken, hoe dom. Wie ik noch sûn en fluch, lei ik hjir net dea te gean. Al dit gegriem om my hinne, ik hie it ferbean. Fan arktyske wetters, hast oant beide poalen. Alles ha ik sjoen, mar nea sa'n stel omkoalen. As it net sa tryst wie, lake ik ik grif hurd. Om dochs wat te sizzen, sla ik mar ris mei myn sturt. Ik fiel myn ein oankommen it libben gliert út my wei. No skuorre se my ek noch om, mar it is myn lêste dei. It lêste dat ik sizze wol: tige tank foar dizze show. As je dan dochs deagean moatte, what a way to go!!!

Heerenveen gaat naar Mars!

Afbeelding
Sondeerfrachtwein Omdat ik as eks ynwenner fan de gemeente It Hearrenfean graach op 'e hichte bliuw fan wat dêr spilet, lês ik de Heerenveense Courant. Op dagen dat de SC fuotbalje moat, helje ik dy fan in wike as wat by myn âlders wei, dy't se trou foar my garje. Meastal is it gewoan trochblêdzje, de lytse nijsberjochtsjes besjen. Juster wie it wer safier dat de bal rôle yn it Abe Lenstra Stadion, dus hie ik fannemoarn ûnder de kofje wat te lêzen. Yn de edysje fan 10 july stiet op side 3 in nijsgjirrich berjocht. Ik kin mis wêze, mar ik ha it net yn de oare Fryske media heard en sjoen. Dochs is it in net te missen berjocht, wat my oanbelanget. Op It Hearrenfean sitte in soad bedriuwen. Yn Ljouwert ha je Wetsus, it provinsjale troetelbedriuw dat him mei wetter dwaande hâldt. Mar net allinnich Wetsus is innovatyf dwaande. Op It Feen ha je ek knappe koppen en prima bedriuwen. Ien dêrfan is it Ingenieursbureau A.P. van den Berg, dy't likernôch 45 jier dwaande is mei

JJ Cale (Stereo:HQ) - After Midnight / River Runs Deep

Kaltgestellt: Albert van Keimpema en Klaas Jansma?

Op google vertalen is de fertaling fan kaltgestellt bûtenspul sette. Albert van Keimpema miende juster op Omrop Fryslân TV noch altyd dat er yn syn baggerkollum yn de Corner gelyk hie. Sterker, Klaas Jansma fierde de 'klupman' Van Keimpema op as de 'reiniger' fan SC Hearrenfean. No wit ik net wat Jansma besielde doe't er dat sei, mar it biedt kânsen. En wy moatte altyd yn kânsen tinke. Jammer dat Simone Scheffer der net yn batste!!! Hjoed kaam it rapport fan de kommisje Vaessen-Koopmans út. Ik wie by de presintaasje oanwêzich en yn 't foar fregen wy ús ôf wat we ferwachtsje koenen. In algemien praatsje? No, dêr wienen we rap fan genêzen. Boargemaster Van der Zwan syn ynlieding wie foarboade fan wat in snoeihurde middei krityk wurde soe. Ien ding mei helder wêze: Abe Lenstra, Riemer van der Velde en Foppe de Haan binne de ikoanen fan de SC.  Riemer van der Velde is folslein rehabilitearre.   En dan ha wy ús 'klupman' Albert van Keimpema noch. Ju

Na Thialf ook SC Heerenveen naar Almere

Afbeelding
Ontwerp voor de nieuwe Kuip Na de KNSB lijkt ook de KNVB Almere te omarmen als 'place to be'. Uit uitgelekte plannen, die in handen gekomen zijn van Stijkelsteker, blijkt dat naast het nieuwe Thialf ook de nieuwe Kuip in Almere gebouwd gaat worden. Een consortium dat zich de werknaam 'The sky is the limit' heeft aangemeten, wil in 2017 het nieuwe stadion opleveren. Nog niet helemaal duidelijk is welke vaste bespeler in de nieuwe Kuip te bewonderen zal zijn. Burgemeester Jorritsma zei hierover het volgende: 'Het is klip en klaar dat we hier in de polder met een kunststukje bezig zijn dat zijn weerga niet kent. We zijn in tegenstelling tot Friesland een groeiregio, het is dan ook logisch dat we de grote evenementen hierheen moeten halen om ze rendabel te houden,' sprak de VVD-prominent. 'We vinden dat hier een 'Traditionsverein' moet komen spelen. In Amerika worden klups ook van de ene naar de andere stad gebracht als dat economisch beter is, ik

Albert van Keimpema en Klaas Jansma fertsjinje 'Duiding'.

Bêste minsken. Ik bin der hast fan oertsjûge dat jim fan my ferwachtsje in reaksje te jaan op it petear fan Klaas Jansma mei de nommele klupman Albert van Keimpema, dat hjoed op de Omrop te sjen wie. It petear wie dusdanich djipgeand dat ik der wol in wike foar nedich ha om de júste 'duiding' te finen. Sit der mar net oer yn, it kwartsje sil ynkoarten wol falle en sil jim needrich tsjinner fan boppen út de himel as ûnder út de hel wei wol trochkrije wat de briljante gedachtekronkels fan dizze matsjedoaren ynhâldlik oan ús as dom folk sizze wolle. Foarearst sûpe jim jim as rjochtaarde Friezen mar in stik yn de kraach, dan switte de poriën ek wer ris goed troch. It foarbyld is alle oeren om likernôch kertier foar it oere te sjen. (fan dy poriën, bedoel ik, ik soe net doarre om ien fan yts te beskuldigjen) Ik sil de rest fan de wike yn in kleaster om ta mysels te kommen en hooplik kin ik jim dan fertelle wat jim hjoed sjoen ha, want jim begripe wol dat hjir lang en djip oer

Fakânsje yn Dútslân

Afbeelding
  Merke.  Oberaula, dielsteat Hessen, leit yn de lome jûnssinne. It liket wol of is der gjin minske thús. Dizze hiele hoeke fan Dútslân oereagjend soenen je net sizze dat de motor fan de Europeeske ekonomy hjir yn dit lân syn wichtichste brânstof kriget. It hat mear fan in oanienskeakeling fan  sliepende doarpkes dêr’t de tunen kreas oanharke binne, mar wat dy minsken dogge om troch de tiid te kommen is my, op in pear boeren nei, folslein ûndúdlik. Wat in ferskil mei ús jachtige, mar och sa heldere en oersichtlike noarden fan Nederlân. Yn de fierte hear ik Siciliaanske maffiaklanken, it is merke yn Hausen. Juster begûn dy mei in dirigearre bierdrinkerij, in speaker der by, dy’t om de fiif minuten besocht de stimming wat oan te fiterjen. No hat it op ôfstân wat fan in sêne út The Godfather, in begraffenis yn Italjaanske sfear. Kin ek in brulloft wêze, dêr wol ik ôfwêze. It útsjoch dat ik ha is oars wol prachtich. It middengeberchte yn de regio is oerdutsen mei dinnebeam

Strawelte en de Hûnekop kinne folle better

Afbeelding
De earen piipje my noch wat nei fan justerjûn. Om in oere as njoggen bin ik op it fytske stapt en rjochting de Feanhoop sukkele. Oars kinne jo om dy tiid wol in mitrailleur leech sjitte sûnder wat te reitsjen op it fytspaad by de Noarderkrite, no skarrelen der manlju mei as sûnder t-shirt om. Dat ha je mar ien kear yn 't jier. Juster wie der ek plak foar de wat âldere jongerein, omdat Strawelte wer ris in Heintje Davids act die. De lêste kear dat ik de mannen live sjoen hie, wie op in NCRV jongerendag yn Thialf. Stjerrende wier, eins bin ik wol benijd oft se sels noch witte dat se dêr ea spile ha. As it my net mist, die Henk Mouwe doe de oankundiging. Doe't Strawelte daliks snoeihurd útein sette, skrok er al wat, mar hie doe wol troch wat al dat punkfolk op de NCRV jongerendag socht. Machtich moai. De grutte tinte fan it Veenhoop festival wie juster rûchwei healfol. Dat foel my wat ôf, snein koenen je op de koppen wol rinne, sei immen tsjin my. Miskien dat it wat mei de priis

SC Heerenveen stilte voor of na de storm?

Afbeelding
No, boargemaster Tjeerd van der Zwan kin mar grutsk wêze, liket my. Nei syn oprop om it ûndersyk by Sportklup Hearrenfean syn tiid te jaan, is der net in sjoernalist mear west dy't ek mar ien kritysk wurd op papier setten hat. Wat in leaf folkje dochs, dy Friezen. Of soe it troch it natuerlik oerwicht fan ús Tjeerd komme? Grif. Der is nimmen dy't mei de hammer op tafel slein hat. Is it terjochte dat der net oer de situaasje by de SC skreaun wurdt, hingjende de útkomsten fan it ûndersyk dêr't Koopmans en Vaessen mei dwaande binne? Of binne der oare oarsaken dat der gjin kanttekeningen mear pleatst wurde? Wêr wienen de opinystikken oer it fuortgean fan de RfK? Okee, ik siet in wykje internetleas yn Dútslân, mar doe't ik alle kranten trochblêde hie, moast ik suver gnize. Binne alle kritikasters miskien efkes op fakânsje? It opstappen fan de RfK wie by myn boarnen (en by my) al in skoft bekend, mar dat se it dwaan soenen foardat Koopmans en Vaessen op 26 july in pa

En de kat is ek noch fuort

Afbeelding

Brief oan de provinsje- en Smellingerlânamtners

Afbeelding
Je binne in wike fuort en de boel is wer yn ûnstjoer. Net omdat de skûtsjes wer farre, de RfK fan SC Hearrenfean opstapt is of de rjochter it sirkus om Thialf hinne noch wat ekstra piper yn 'e kont jûn hat, nee, de dwaze plannen oer wynmûnen stekke de kop wer op. Bêste provinsjeamtners yn Ljouwert en lokale kopstikken yn de gemeente Smellingerlân. Yn de LC fan tongersdei stiet dat Drachten miskien wer yn byld komt foar wynmûnen. It Hearrenfean soe dan ôffalle. Hearen en dames amtners, witte jim wol wat ien fan de easken is om wynmûnen rendabel te meitsjen? Nee? Nea oer neitocht? O. Wyn. Wyn blaast oer it algemien op plakken dêr't er net brutsen wurdt troch skaadzjend beamtegrien. Dat is dus op see en as it dan al op it lân moatte soe, op de Ofslútdyk of op ien fan de eilannen. Dat wolle se fansels net op It Amelân en Skylge en de oare toeristeplakken en se ha gelyk. Op It Feen en Drachten sille wynmûnen nea safolle redamint opsmite as op 'e klaai as op see. Wê

De mammoet komt terug!!!

Afbeelding
Russische wetenschappers met mammoet Maria In het uiterste noorden van Rusland zijn wetenschappers erin geslaagd een ingevroren mammoet tot leven te brengen. Door de opwarming van de aarde was het perfect geconserveerde dier uit de permafrost tevoorschijn gekomen. Anatoli W. Odka, begenadigd wetenschapper en deskundige op het gebied van cardiologie, wist met een goed gerichte stroomstoot het hart van het eeuwen geleden ingeslapen dier weer op gang te brengen. Naar verluid is het project gesponsord door energiegigant Gazprom, dat op deze manier haar betrokkenheid bij het terugbrengen van oude inheemse soorten wil laten blijken. De mammoet, een vrouwtje, heeft Maria als naam gekregen. Dit, nadat één van de eerste geluiden die ze maakte, verdacht veel leek op het gekreun van tennisster Maria Sharapova.    

Sutelaksje en in wedstriid

Afbeelding
Justerjûn moast ik nei Easterwâlde. In skoft lyn bin ik frege oft ik yn in sjuery woe. Twa saken dy't ik net alle dagen doch. Sjoch, dat se yn de Stellingwerven wat mear oer saken neitinke as dat wy boppe de Tsjonger dogge is al in skoft helder. Dy Angelsaksen smite yn tsjinstelling ta ús, domme Friezen, net wat fuort foardat se wat betters, of wat oars ha. Wy skaffe hjir rêstich de sutelaksje ôf sûnder in goed alternatyf. En wa fernimme dat? Krekt. De skriuwers en de útjouwers. It jierren sparteljen om op in oare wize in boekje oan de man te bringen is fan in nivo om jo de bûsen út te skuorren. En mar prate en mar prate. Boeken ferkeapje is in fak apart, al dat praten soarget derfoar dat it netwurk dat der wie, noch lytser wurdt. (de standert reaksje: 'It wie al mar dreger om minsken te finen' traapje ik net yn. Better dyselden brûke dy't der noch wienen as dizze konstruksje, as der al sprake fan in foar de minsken sichtbere konstruksje is. Op dizze wize feroaret

Frouckje State nei Ljouwert. Needsprong?

Afbeelding
Frouckje State giet nei de boppeste etaazje fan it WTC yn Ljouwert. Wy ha ek al ris in kear as wat nei Ryptsjerk west te iten. Ien kear sil ik nea ferjitte, in stamppot buffet mei de famylje. Yn 'e regel tink ik der wol wat om, mar doe ha ik my echt hast ûnpaslik fretten. Wat wie dat lekker. It stee is ek prachtich, dy âld pleats. Soks hat wat. Hjoed lies ik dat se yn de skuldsanearing sitte. It priiskaartsje oan sa'n miel iten is foar de measte minsken net mear op te bringen. Is it dan better en gean nei Ljouwert? Neffens my is de boppeste ferdjipping fan it WTC in grutte stap tebek. Ik kom der net, moat der net oan tinke. Leaver sit ik op in eilân en yn sa'n moaie âlde pleats te iten. Oud Sluis, al jierren it bêste restaurant fan Nederlân, sit yn in útbuorren en sa binne der in soad. As je sa heech yn de beam sitte mei it iten, makket it net út oft je no yn Ryptsjerk sitte as yn Ljouwert. It publyk dat nei de keuken mei in 'Ster' komt, wol der graach in kil

De Onderzoeksraad voor de Veiligheid: Stront mei stientsjes

Afbeelding
Grut nijs hjoed. De Onderzoeksraad voor de Veiligheid sil in healjier ûndersyk dwaan nei it drama mei de dongsilo en wat der fierder yn de stront sit. Ik skat sa yn dat it gros fan de minsken yn dy Onderzoeksraad, dy't grif in knap salaris ha, noch nea mei de kop boppe in dongsilo hong ha. Hienen se dat al dien, wie sa'n djoer ûndersyk net nedich. De oplossing is net sa dreech. Stap ris nei in pear boeren op leeftyd ta. Freegje dy wat se oer dong- en jarrekolken witte, grutte kâns dat se ûnder it genot fan in bak kofje mei in stik âlde wive koeke oant yn de details te witten komme dat jo better net yn in, troch Brussel betochte, ôftichte silo stappe kinne. Ien fan de libbenslessen dy't ik (en myn broer) fan heit meikrigen ha wie: 'Makket my neat út hoefolle stront der ûnder yn dy put sitten bliuwt, jim komme der NET YN!!!' Alle jierren wer komme der guon om it libben troch jarrekolken en pinkebollen. It is my in grut riedsel wêrom. Se soenen better witte m

Johnny Cash Hurt

It is feest, sizze se.

We binne hast út de resesje, ha in pear hotemetoten sein. Prachtich nijs, dan kinne wy wer foarút buorkje. Wy bouwe in balskopstadion foar 365 miljoen. De fraach wa't dêr ryk fan wurde sil, stel ik mar net iens. Slimmer fyn ik dat de top fan de Rabobank ek mar efkes 30 miljoen oan bonusjild ferdiele mei. Omdat se yn de krisis de bank oerein holden ha? Dat is harren wurk! Sa lang der noch safolle jild is dat oan ditsoarte ûnsin fergriemd wurde kin, moatte wy ús hjir dea skamje as we it oer in krisis ha. De minsken dy't thús sitte omdat it systeem dat troch de 'boven ons gestelden' net wurket, dy ha lêst fan de krisis. De happy few dy't gewoan trochgean mei dikke salaris- en bonus easken harren sels noch riker te meitsjen, dat is it bedjêr fan dizze wrâld. Sjoch, en dêr hear ik it regear no net oer. Rutte syn partij sil dêr fansels nea wat oer sizze, want dy sitte foar in grut part yn dy ynklauwershoeke, mar hoe dan mei de PvdArbeid? Ik fyn it prachtich dat der ne

Russyske froulju en in online casino

No, dat wie my de middei wol wer. Net omdat ik de hinnen yn bad hân ha, de simmer bringt ek de luzen mei, nee, my kompjûter hie kueren. As skriuwer kinne jo soks net ha, dus al myn kunde oangeande de digitale wrâld yn de striid smiten. Wat wie it gefal? Wy sille ynkoarten in dei as wat fuort. En as skriuwer wolle jo meidwaan yn de nijmoadrige tiid, dus ha ik in TomTom kocht! Stjerrende wier. Hy leit hjir neist my, it is in XL, omdat boppe de fjirtich de skermkes net te lyts mear moatte. Ik nim oan dat wy it ding ien kear yn it jier brûke sille, mar dan ha je ek wat. Fryslân kin ik mei de eagen ticht wol beride. Hjir kinne jim út opmeitsje dat we oer de grinzen fan ús moaie heitelân gean sille. Mar ik dwaal ôf. It duorret ek noch in skoft foardat it safier is. Digitaal min ûnderlein sa as ik, mar wol op ynternet te finen, is in foarboade fan drama en ellinde. Hie no mar gewoan nei de Kijkshop riden en sa'n ding ophelle. Freebees ynleverje en klear. Mar nee, De Jong woe online sy

Hypokrite wielerfanaten

Nuver hoe fûleindich der reagearre wurdt as je it oer hurdfytsen ha. Ik folgje de Tour al sûnt ik lyts wie. Al dy tiid kamen der ferhalen oer doping, mar doe makke my dat noch net safolle út. Smoarhite etappes út de Pyreneeën, de keale kop fan de Ventoux en de oranje polonêze op Alpe d'Hues, ik siet der plat foar. Michel Pollentier dy't in ballon of in kondoom fol mei urine ûnder de earm hie om sa de dopingkontrôle te fiter te nimmen, it binne ferhalen dy't yn de marzje meidienen. De berchetappes bleaunen altyd moai. In tropyske ferrassing dy't samar as in speer tsjin de Madeleine opfleach? Jo tochten der net by nei, mar fûnen it prachtich. As je wat âlder wurde feroaret dat. Doe't ik Jarmila Kratochvílová yn 1983 yn Helsinki draven seach, like dat net op in dame, mar mear op dy ienmans destruksjebedriuwen út Ruslân. En sa kin ik noch in rige atleten en oare foarbylden neame. It koe net, it wie gjin earlik spul. Letter kaam dat allegearre út. Ben Johnson syn tr

Blues.

Afbeelding

Trijekwart fan de Nederlanners brûkt doping

Afbeelding
In tige nijsgjirrich artikel yn de LC fan hjoed. De komplete ynternasjonale ferslaving oan de smartphone. 'Mijn telefoon is net ze belangrijk als mijn huissleutel,' is in quote út it artikel. No kinne jo mei in iPhone of Samsung gjin slot iependraaie, mar yn teory kinne jo mei in app wol in digitaal slot op de doar fan jo hûs iepen en ticht dwaan. It ôfhinklik wêze fan de smartphone giet yn in net te kearen tempo, krekt as it folslein 'verBrusseljen' fan ús wrâld. It twangmjittig mear as 20 kear yn it oere jo skerm op berjochten kontrolearje. It lêst fan hertritmestoarnissen krije as jo de telefoan kwyt binne. Desoarientearre troch de dei komme as jo ferjitten binne de telefoan nachts oan de lader te lizzen. As it net bloedserieuze problemen wienen, soenen je der lûdop om laitsje. Mar sa leit de wrâld fan de jongerein en guon âlderen der hinne. Net mear by steat om in boek te lêzen, omdat je konstant dwaande binne in link te sykjen dy't jo nei in oar skerm b

Aap, noot, mes!!!

Afbeelding
Hjir yn 'e Wâlden binne wy fansels net fan de benaude. Justerjûn wie yn in efterseal fan in kafee oan de Noardkade de offisjele ôftraap fan De Groove Project, in no al legendaryske band. Wy hienen nei de soundcheck ús drugsdealer efkes fia speed dial op de hichte brocht, de kisten bier en flessen Jack Daniëls stienen op ús te wachtsjen. Troch hagen fan minsken moasten wy fan it poadium nei de lounchroom. Tige ferfelend bykommend feit: al dy froulju mei fan dat wite hier, al kamen se streekrjocht by Hugh Hefner út de Playboy Mansion, oan ús om te klauwen. En mar krijse. No witte wy pas wat dy fjouwer opslûpte jonges dêr út Liverpool meimakke ha. Sa tsjin âlven sei ús manager, dy't ek aardich high troch de keet rûn, dat it safier wie. No, de reis fan de lounchroom nei it poadium wie in echte trip, dat sil ik jo sizze. Dy wiven hienen allegearre oan de drank sitten, net te hâlden, heite. Mar wy ha trochsetten en doe't we einliks te plak stienen ha wy de saak efkes ûnderstebov

Earste optreden fan The Groove Project

Afbeelding
The Groove Project Dit wurdt in bysûndere dei. Of eins in bysûndere jûn. Foar it earst as bandlid op de planken. In skoft lang ha ik gitaarles krigen by De Groove Factory yn Drachten. Net om de nije Knopfler of Gary Moore te wurden, dan hie ik 35 jier earder begjinne moatten. Nee, omdat it gewoan aardich is. Doe't Nathaniel, myn learaar, frege wat ik oer bandcoaching tocht, wist ik eins net wat ik dêr fan tinke moast. Dat wit ik no al. Mei fiif minsken yn in oefenhok sitte en muzyk meitsje, it is hiel bysûnder. Ik hie nea tocht dat ik dat nochris dwaan soe, mar it is al sa. Fansels bin ik fierwei de âldste fan it stel, mar dat skynt net folle út te meitsjen. Hjoed is de foarspyljûn fan de muzykskoalle yn kafee Peije yn Drachten. Alle learlingen meie dan meispylje ûnder lieding fan harren leararen. Kin net folle mis gean, jo kinne altyd noch luchtgitaar spylje as je it efkes net mear witte. Hoe oars is dat oan de ein fan de jûn. Dan moatte wy! En is der gjin orkestbân of

De takomst van de Fryske media

Afbeelding
Dinsdag 2 juli 2020                                                                         www.lc.nl LEEUWARDER COURANT                                              Sinds 1752 Provinciaal besluit Omrop, FD en LC CvdK: Sander de Rouwe: ‘Alle Dagen Nijs…’ LEEUWARDEN- In een tumultueuze Statenvergadering is gisteravond het voorgenomen beleidsplan over de Friese media bekrachtigd. Het zogenaamde ‘Alle Dagen Nijs’ plan, dat in het diepste geheim door topambtenaren is bedacht, behelst het weekschema van Omrop Fryslân, het Friesch Dagblad en de Leeuwarder Courant. ‘Hoofdlijn is en blijft dat er elke dag Fries nieuws beschikbaar is,’ vertelde Commissaris van de Koning Sander de Rouwe. ‘In dit baanbrekende plan gaan we echt iets anders doen.’ De presentatie van de provincie gaf aan dat vanaf 1 september op maandag en donderdag de Omrop uit zal zenden, op dinsdag en vrijdag het Dagblad en op woensdag en zaterdag de LC zal verschijnen. Op zondag is een compi