Posts

Posts uit januari, 2015 tonen

Boeken fan Fryslân, boeken foar neat

Boeken mei leafde, boeken foar neat It djiptepunt yn de Fryske boekewrâld is no wol sawat berikt. It lêste treurige projekt fan Boeken fan Fryslân, stipe troch de provinsje en in pear busbedriuwen, is wat my oanbelanget reden om dit stik te skriuwen. It is op persoanlike titel, mar sjoen in oantal telefoanpetearen dy't ik hân ha, meie jim der fan útgean dat der mear binne dy't it hjir net mei iens binne. Ik sil net om de hite brij hinne draaie. Foarop: Wat wie ik bliid mei de takenning fan de Rink van der Velde priis foar myn twadde roman, It Dak Fan De Wrâld. Ik krige út hannen fan de wethâlder fan de gemeente Smellingerlân en frou Van der Velde in jildbedrach en in moai byld, dat oant de dei fan hjoed foar ús rút stiet. In stikje erkenning fan wat je as skriuwer dogge. Efter jo kompjûter sitte en optekenje wat liede moat ta in moai ferhaal. Dat je der dan in priis foar krije meie is bonus. It jout wearde oan dêr't je mei dwaande binne. Dy 15 euro foar in

Lang libje de Krimp!!!

"Trek naar de stad zet door',  stie in skoft lyn yn de krante. Der skynt in magnetyske wurking fan in bult libjend fleis op ien bult út te gean. In mannichte dy't elkoar net kin, elkoar net groetet, rêstich trochgiet mei alles en net iens in berjochtsje op facebook set as bliken docht dat buorfrou in healjier dea yn it hûs njonken dat fan harren lein hat. Safolle tegels en beton dat it reinwetter net mear fuortkomme kin, dat wylst it al mar mear reine sil trochdat de ierde opwaarmet. Mar dat lêste is fansels de skuld fan de boeren, want je moatte as fersmoargjende, konsumearjende en enerzjyfrettende stadjers doch in stok fine om in hûn te slaan. Wat is dan makliker as de boeren de ellinde yn de skuon te skowen. Gemakshalve ferjitte se dan as stêdsbewenners mei in vega-ynslach en oerdoasis falske bisteleafde mar efkes dat dy boeren it deistich brea produsearje en alles dat by de Subway, McDonalds en oare frettinten en stedske supermerken te krijen is ek op harren konto sk

Logo fan in ikoan

Afbeelding
Wy ha hjir yn Fryslân in oantal ikoanen dêr't we yn opdracht fan de kulturele elite ferplicht wiis mei binne. In pear foarbylden mei in koarte útlis der by: De ko (ding op fjouwer poaten dat molke jout. Nee, dat komt net út de fabryk. Ien ko, twa kij) It hynder (swart ding op fjouwer fuotten, kin moai gean. Ien hynder, twa hynders) De greidefûgels (gjin sijsjes en/of drijfsijsjes, mar waadsijsjes, Frysk eigen. Ien, twa, poef, dea) Jan Jaap van der Wal (058, need I say more) Lytse Teake (Ek op It Amelân yn feestinten te boeken) Akke Radsma (Net mear te boeken, sels net oer de hage. Wol op youtube werom te finen) Harm Niesen (eh...) Dy lêste komt mei stip binnen. Hy makket in grutte kâns it nije gesicht fan Kulturele Haadsted 2018 te wurden. De man dy't it ferdomde Fryske folk einliks fan 'het eierrapen' genêzen hat. Hy komt postúm noch alle jierren klear as de ljip wer oer de wjuk giet. Teminsten, as de lêsten net as in Frânske snack roemleas ferdwine yn in Frâ

Gastles op it Drachtster Lyceum: De top fiif

Afbeelding
Hjoed mocht ik in gastles jaan op it Drachtster Lyceum. Yn de eksamenklasse Frysk. Ien lesoerke fertelle oer Fryske boeken en wat dêr mei gearhinget. Leuk om te dwaan en je stekke der ek noch wat fan op. Boppedat blykte hjoed dat de gemiddelde gearstalling fan in klasse fol bern net folle oars is as ien sa'n 30 jier lyn wie. Der binne guon dy't altyd prate en der binne oaren dy't minder te melden ha. Dat blykt fan alle tiden.  Dan folget no de top fiif fan saken dy't ik hjoed opstutsen ha. Foar de digitale lêzers sil it in kâlde douche wurde.  Ter lering ende vermaeck: 1: E-readers binne net populêr by jongerein 2: Lêze dogge jo it leafst út in papieren boek 3: Jongerein dy't lêze, lêze faaks spannende boeken 4: Skandinavyske thrillers binne favoryt. Amerikaanske op in twadde plak  5: En chicklits dan? 'Wat binne dat?'  En op plak 6: 50 minuten binne samar om 

Dêr komt in klap(bân) op

Man doorgereden na klapband Drachten- De politie in Drachten heeft vandaag niet een man aangehouden die na een klapband schijnt te zijn doorgereden. De man, een redelijk onbekende Friese schrijver, was met een vracht puin onderweg naar de puinbreker op het altijd gezellige industriepark De Haven, in het bruisende Drachten. Het was een gemiste kans, volgens de bewuste persoon. Vrijwel alle omstandigheden die vereist zijn om aangehouden en beboet te worden leken, ik benadruk: leken, aanwezig. Een inkoppertje. Ziet u het voor u? Een auto met aanhanger, beladen, met slechts drie van de vier wielen die het werk deden. De vierde band was eigenlijk het vijfde wiel aan de wagen, want lek, plat, hij maakte de aanhanger en auto tot trillende vibrators en hij rookte bovendien witte rook. Dit mogelijk ernstige vergrijp is door de politie niet waargenomen, nog is de betreffende persoon er door een vriendelijke medeburger bijgelapt, verlinkt en of is er doorgegeven dat er een vreemde optocht me

Ik ha in hekel oan mûzen

PIIIIP... Ik bin benaud foar brune rotten, mar dy sjogge je net sa faak. Muskusrotten binne ek brún, mar dy ha mear fan bevers. Eartiids sieten wy te fiskjen yn it kanaal tusken Oranjewâld en De Knipe, dan swom der wolris ien foarby mei in pôle reiden yn de bek. Ek passearre der wolris in ringslange. Dy bisten hienen net folle kwea yn 't sin. Dy muskusrotten ha de pech dat se de iggen ferniele, dêrom moatte se bestriden wurde, oars komme der tefolle. Ik ha in hekel oan mûzen. Altyd al hân. Ik fyn it ferfelende bisten. Wy hienen op de pleats twa wc's. Ien oan de ein fan de gong, mar yn de skuorre op de deel wie ek ien. Mocht it sa wêze dat jo hastich út de broek moasten, koenen dêr de learzens oan bliuwe. Net dat it húske smoarch wie, it waard kreas skjin holden, krekt as it húske yn de gong. Mar jo hienen de stjonkerij yn hûs net. Yn de simmer wie it ek gjin straf. Der siet in kreaze lampe yn, mei in 75 watt pit. Gjin Hepkema oan in spiker, mar gewoan in rôle papier.

Marijkemuoiwei op syn Grinzers

Eins soe ik wol meidwaan kinne oan in ferhalewedstriid. Mar dat doch ik nea wer. Ien kear dien, net wûn, dan is it foar my klear. It wie oars in prachtich ferhaal, mar jim sille it nea witte.  Dy wedstriid, seach ik op feestboek, soe gean moatte oer Maria Louise van Hessen-Kassel. No, dy namme komt my net ûnbekend foar.  Op 22-02-1969 waard ik berne. Wat hat dat no mei frou Van Hessen-Kassel te krijen? No, dat hat te krijen mei it plak dêr't ien en oar plakfûn.  Wy wennen op nûmer 23 oan de Marijkemuoiwei yn Oranjewâld. En frou Van Hessen-Kassel is hjir yn Fryslân foaral bekend ûnder de namme Marijke Muoi. It sil in prima minske west ha, ik kin har allinnich fan namme. En wat wie it foar oare minsken dreech om op te skriuwen. In koarte dialooch. Yn it Hollansk fansels. As it net alte alte is, ferbrekke Friezen harren gauris, is 't net sa? Dit koarte ferhaal spilet him ôf, earne tusken de Marijkemuoiwei 23 en de legere lânbouskoalle yn It Feen, op dat plak stiet no

Tagongsdyk sporthal De Splitting is in drama

Us bern sitte op in sport. Soe foar ús ek net ferkeard wêze, mar dat is in oar ferhaal. De froulju sitte op volleybal yn Drachten. De Hoofdplaats. Yn Drachten ha se in prachtige sporthal, se ha se wol mear, mar de Splitting is in moaie akkomodaasje. It lêste healjier is de reis der hinne net sa'n pracht. Fan de minirotonde ôf, moatte jo in paad sykje troch wat it meast hat fan in mynfjild. Se binne dêr earne mei dwaande, sil wol rioel wêze of sa. De training begjint as it al tsjuster is, dan is it hielendal in drama, je sjogge inkel glimmende wetterplassen. En it is ien fan de drokste stikjes dyk yn Drachten. Want der sitte lokkich in soad bern en folwoeksenen op in sport. Hat de gemeente Smellingerlân no net mear in pear sinten oer om dat stikje daliks folslein mei rydplaten oan te pakken? Nim my net kwea-ôf, mar op de Veenhoop ha jim fiif jier lang kosten noch muoite sparre om in iepenbrutsen stikje dyk fan 200 meter mei rydplaten te bedekken. Foar €7500.00 ex BTW yn it jier.

Fier, resjerzje en Bedoarne Hannel

Afbeelding
In heale dei nei de ferlerne bekerfinale yn Eindhoven, hie ik fan 'e moarn in ôfspraak yn Ljouwert. Oer in hiel oar ûnderwerp. In ûnderwerp dat je der daliks fan bewust wurde lit dat sport úteinlik mar bysaak is en dat der folle wichtiger saken binne. Dat nimt net wei dat je nei in ferlerne finale wol efkes it smoar yn ha, neat minskliks is my frjemd. Oer it smoar yn ha sprutsen: Nei Ljouwert op moandeitemoarn dus. Ahum... No de flauwekul mar efkes litte foar wat it is. In skoftsje lyn kaam myn fjirde roman Bedoarne Hannel út. In boek oer de hannel yn minsken. Swiere tematyk. Noch net faak beskreaun yn it Frysk, wol ik leauwe. Yn de LC bedarre it boek sels yn de top trije fan Fryske boeken fan 2014, dat is in pracht. Mei Josse de Haan en de Mearkes fan Dam Jaarsma yn in top trije stean is neat mis mei. Dan leit it boek der en wat dan noch? De tiid dat de boekhannels it wurk foar jo dienen en it boek oan de man brochten, is prate yn alearen. Dy tiid hat west. Jo sille sels wa

Unis Flyers vs Destil Trappers

Afbeelding
Dit is de gearfetting fan de finale. Het is een wedstrijd die je nooit winnen kan. Dêr woe ik it mar by litte.

Bespotlike tagongsprizen

Stel:  Jo ha hjoed de krante lêzen en der falt jo wat op. Dus sykje jo Google op en jo fiere dizze tekst yn: bezoekersaantallen schouwburgen. Wat tinke jim dat je dan te sjen krije? Op de earste side foaral de tekst: Minder bezoekers schouwburgen en Schouwburgen trekken minder bezoekers. Guon berjochten kome út 2014, mar ek guon út 2011 en 2009. It liket dus in struktureel probleem. Fansels binne der útsûnderingen, mar oan de resultaten te sjen is it gjin fetpot. Hjoed stienen yn de krante in pear tips foar programma's dy't jo oerhelje moatte om in jûn nei it teater of skouboarch te kommen. In pear foarbylden: Mexicaans mei Joris Linse en Caramba yn de Lawei. Sjonger Douwe Bob yn De Skâns Keihard saunacabaret van Vrijdag en Sandiford yn De Lawei Jan Akkerman yn De Harmonie. No, aardich. Wêr sille wy ris hinne? Wy ha twa dochters, dus dy sille Douwe Bob wol de bêste opsje fine. Ik hie leaver nei Jan Akkerman gien, mar ik bin dan ek al stokâld. Wy geane foar Douwe Bob.

Skuldgefoel fan de Postcodeloterij

It earste goede foarnimmen fan 2015 hat krekt syn gerak krigen. Wy spylje net mear mei yn de Postcodeloterij. Wy ha skjin ús nocht fan de jierlikse papieren kalender yn in ringbân dy't oankundige wurdt as 'Gefeliciteerd met uw prijs!!!' Hy bedarre by ús yn it âld papier en dat is nea de bedoeling. Foar it oare ha wy nea wat wûn dat de annalen helle hat, in badhandoek en in ûnnoazel spultsje miskien.  Ik tink dat de buurt de folgjende kear de haadpriis winne sil omdat wy der mei ophâlde...  Dat is de earste falkûle dêr't je omhinne moatte. Want jim tinke dat it maklik is om op te hâlden mei de Postcodeloterij? Ferjit it mar. Wy binne no sawat oeral skuldich oan. As je de euvele moed ha om der oer nei te tinken om op te hâlden, komme jo hiel wat tsjin. Ik sil jim der trochhinne prate.  1: Neidat jo der frede mei ha dat dy hufter fan in buorman miskien de priis winne sil en jo net, komt it del op online opsizzen.   2: Jo klikke op: 'Opzeggen.' Dali