Posts

Posts uit december, 2022 tonen

Kom op mei #PS2023!

Afbeelding
      It jier 2022 leit achter ús. No net daliks 365 dagen dy’t je as al te fleurich omskriuwe kinne. It jier fan it bleatlizzen fan grutte, djippe en fûnemintele ferskillen tusken regio’s en de dêrby hearrende ynsjoggen. Want wat de deskundigen der ek oer te sizzen ha, dy ferskillen ha nea sa helder yn byld west. De tûzenen omkearde flaggen by de snelwegen hingje der net foar neat, wat de media jim ek leauwe litte wol. Yn in pear jier binne de plattelanners en ridders fan de woeste weagen dy’t harren al generaasjes lang bekroadzje om de wrâld fan sûn iten te foarsjen, feroare fan nasjonale helden mei ynternasjonaal oansjen, ta de paria’s fan it kabinet Rutte4, de EU, it WEF en it domme klootjesfolk dat dêr braaf achteroan rint en net mear sels neitinkt. Yn grutte wurden roppe ús folksfertsjintwurdigers dat se dwaande binne mei in wet wêryn’t politike partijen dy’t neffens harren net yn in demokratysk model passe, ferbean wurde kinne. Resinte foarbylden yn de skiednis ha ús leard