Posts

Posts uit december, 2011 tonen

Frysk yn 2012?

It Frysk mei bliid wêze dat de top 2000 mar in wike duorret. De radio sit hjir oars fêstruske op 92.2 FM. Mar ik bin al in wike sûnder Omrop. As stopje mei smoken sa maklik wêze soe as tajaan oan de top 2000, en je soenen smoken ferfange troch Frysk? Dan like it net bêst. It nijs komt dizze wike út de krante, en út eardere blochs witte jim al dat de LC ek al foar it Nederlânsk keazen hat. Dus ha ik wat lêst fan it gewisse. Sels de top 100 lit ik oan my foarbygean, foar it earst. Kate Bush en Jimmy Hendriks winne it hjoed fan Gryt en Gurbe. Yn myn buske stiet de radio noch wol ôfstimd op de Omrop, omdat de antenne yn sa'n deplorabele steat is dat er oars gjin sinjaal oppikke wol. Dus as ik nije wike wer oan it wurk sil, is de kâns grut dat ik wer nei de plysjeberjochten fan de Omrop hear. Der sit ek in CD-spiler yn, mar dy hat winterdeis lêst fan de damp, dus ferhipt er it. Bandsjes wurde opfretten, dus je meie wol sizze dat de Omrop rêden wurdt troch in waardeloaze radio. En dat

De oudste stapper fan it doarp?

Afbeelding
Blinder, dit koe wolris in aparte jûn wurde. It Brune Jaske oan de kaden yn Drachten is der al lang net mear, en dat wie de lêste kroech dêr't ik mei regelmaat hinne gie. Dêr draaiden se lekkere alternative muzyk en it rûkte der nei túnkrûden, foaral yn it efterste stik. The Cult, Pearl Jam en De fûgel yn dy fan Reboelje, datsoarte wurk. Killing in the name of. Mmm, lang lyn. Hjoed ha 'k it hok opromme, en daliks it ljocht fan de fyts mar neisjoen. Ja, hy sil op stap. Allinnich. Nei de woeste kaden, dêr't it mes noch wolris flikkert, en je in het laatst der dagen de meast frjemde gesichten sjogge. Ik bin no al wurch...  En wêr gean ik dan hinne? Hjir. UPDEET: FOAR DYSELDEN DY'T DER NET WIENEN? IT WIE GEWELDICH!!!

Top 2000? Nee, dus.

Afbeelding
Der binne nûmers dy't net yn de top 2000 steane. In pear foarbylden hjirfan, en sels dêr is in moaie top 10 fan te meitsjen. 1: Talk talk, Tomorrow started 2: Reboelje, Sielesiik 3: UFO: Profession of violence 4: Green day, Basket case 5: The tragically hip: Blow at high dowe 6: Heart: Mistral wind 7: Journey: Winds of march 8: Foo Fighters: Leaning to fly 9: Bad company: Seagull 10: Status Quo: Rain Foaral it feit dat Steve Perry mei syn maten der net ien kear yn stiet, is apart. Dus: as earbetoan oan ien fan de moaiste rockstimmen fan alle tiden: hjir wol te hearren. (Steve sit al in skoft yn de fut.)

Krystferhaal

It is de dei nei de kryst. Guon neame dat de tredde krystdei. Auke sit mei in daam yn de mage wat te kompjûterjen. Twa kear al is er nei it húske west, en noch borrelet him it liif, hy heard it boppe de muzyk fan de Top 2000 út. Wat soe it west ha dat de terms sa in de war bringt? Hy giet it miel nochris bydel, ûnderwilens produsearret er de meast ûnnoazele tweets, yn de hope dat der op reagearre wurdt. Twa bakken patat en in hânfol bitterballen, omdat er dy oansjoen hie foar kroketten. Fjouwer glêzen Jack Daniëls foar it boadskipjen is gjin goed idee, hy is bliid dat er de karre as in soarte fan rollator brûke koe, dy ferhipte terms ek.     Auke sit al jierren eltse tredde krystdei efter de kompjûter, omdat der dan faaks leuke berjochten op ynternet komme oer de krystdagen. De besites oan famylje, de fretpartijen, de reiskes nei Ikea. Dêr fynt er soms in stikje fan it krystgefoel dat er sels jierren lyn ek fielde. Dêr priuwt er de foute feestjes, it byelkoar opswearen oer hoe go

Statement

Afbeelding
Boarne: FroonAkker, Facebook, tekst Lida Dykstra en Koos Tiemersma. Sympatyk, dizze aksje. Mar mei ik der wol wat kanttekeningen bysette? Yn it foarste plak moat in skriuwer dat sels witte. Foarbyld: op ús legere skoalle ha in oantal âlden de bern út de heechste groepen sjen litten wat se sa al dogge. Oar jier mei ik ek fertelle oer it skriuwen. Dêr wol ik neat foar yn rekken bringe. As se my op in oare skoalle freegje leit de saak oars. Der is dus wol ferskil yn leafdewurk en tiid dêr't je in fergoeding foar ha wolle. Foar it oare bin ik ik der folslein mei iens, de slútpost mei en moat net dyselde wêze dy't it materiaal levert. Dy konstruksje is yn alle lagen fan de hjoeddeistige wrâld werom te finen, en neffens my is dat de wrâld op syn kop. Opfretters yn de bestjoerslagen boppe de produksje binne sa stadichoan in grut bedjêr, hoe't it safier kaam is lit ik graach oan jimme oer om oer te oardieljen. As ik noch efkes trochskriuw freegje ik aanst ek noch in deihier

Top 2000

Sjoch ris oan. It libben is sûnt tolve oere in stik oersichtliker wurden. Gjin flauwe krystfilms, gjin werhellings fan hokker ûnsinshows dan ek, mar noflik nei de radio lústerje. Foar de jongere lêzerkes: in radio is in nuveraardich kastje dat meastal by wat âldere minsken yn de keuken stiet. Der komt de godgânske dei muzyk út, en in soad (Frysk) geouwehoer. Mar no efkes net. De plysjebrjochten fan de Omrop oer it safolste jonkje mei in ferbean rotsje en de safolste keardel mei in pear pilskes op: dat komt oar jier wol wer. Fierder is der dochs neat te melden, dus tiid foar wat oars. Noflik nei alle âlde nûmers harkje dy't je hast allegearre meisjonge kinne. Dizze wike hearde ik in man dy't sei dat in libben yn muzyk útbylde wurde kin, en dat is ek sa. By de measte songs witte je daliks wat je by de ein hienen. It is fansels falske romantyk, hjoed-de-dei binne al dy platen op youtube te beharkjen, en as ik myn bêst dwaan soe, kom ik der ek wol 1900 op myn bandsjes en LP'

Roomsker as de paus

Ja, hear. We sitte der wer middenyn. De wiedergutmachungstiid fan it jier. E-cards, berjochten op Twitter en Facebook en net te ferjitten de stream oan kaartsjes troch de brievebus. 'Wij wensen iedereen geweldige kerstdagen en een gelukkig 2012'. Steltsje ligers binne jimme. Allegearre. Fan my sil der gjin berjocht yn algemiene sin op hokker poadium dan ek te finen wêze. Omdat it ien grutte leagen is, dy hiele winskerij. De helte fan de minsken gunt elkoar it ljocht yn de eagen net, allinnich yn desimber binne we dat efkes ferjitten. No, moai net? Foar alle minsken dy't echt miene wat se skriuwe: alle goeds. En foar de ligers en mei dûbel fel foar de kop segene minsken: myn beppe sei dan altyd, it sil jimme der nei gean.  

Bleate konten feest

In dejavu fan komsa, justerjûn. In wyldeman op in fuotbalfjild, dy't it op de ballefanger fan AZ fersjoen hie. Doe't it âlde stadion fan It Feen noch net Abe Lenstra stadion, mar Gemeentelijk Sportpark hjitte, kaam soks folle faker foar. Ik wit it noch goed, der draafde geregeld ien yn de bleate kont oer it fjild, man as frou. Datlêste fûn de hurde kearn moaier, en der gie dan in stoarmeftige jui troch it stadion. De raddraaier waard grepen, en dat wie by froulju fansels in earebaantsje. In taast mear of minder om har fêst te pakken? Ik wol leauwe dat se it der om dienen. Keardels wie minder aardichheid oan, dy wienen swier de bear as se troch de knokploech yn de kraach pakt waarden. Mar it krat bier wie binnen, en 14 dagen letter stienen se wer fleurich tusken de minsken op de tribune. Frijwat ûnskuldich. Yn dy tiid wie de oarder yn goede hannen. Ien fan de mannen út de knokploech koe ik wol. Ik sil gjin nammen neame, mar hy wist der blinders mei te rêden. Dat wist ik, wan

Sytske, R.I.P.

Afbeelding
Iennichst oansizzing. Wy binne in stik meubulêr kwyt. Sytske is niis yn myn earms deagien, en soks is net aardich. Alve jier hat er mei de holle foar it rút fan syn hok stien, yn de hope dat er wat oandacht, en wichtiger, wat te fretten krije soe. Omdat er gjin tosken mear hie, libbe er de lêste jierren op bôle en biks. Mar de lêste wike gie it hurd, en hjoed kearde er him net iens mear om as we it hok ynkamen. Triljend produsearre er in tin lûd dat yn de fierte noch wat fan mekkerjen wei hie. De amer mei bôle en biks taalde er net mear nei. Dan is it nimmen fan it beslút dat dit sa net mear kin rasjoneel goed te meitsjen, mar as de feedokter dan it hiem opkomt is der gjin wei werom. Hy wie it oars daliks mei my iens, dit koe net mear. Fiif tellen, langer hat it net duorre, doe lei Sytske de holle del. Nei in lêste sucht einige 20(!) jier geitelibben. En ik ha it smoar yn. In waardeloaze dei, en gjin wite kop mear foar it raamke as ik aanst thúskom. Ik sil him yn de kroade l

Ik skamje my djip

'Dames en heren. In verband met het tragische overlijden van de kat van onze terreinknecht Auke, zal voor aanvang van de wedstrijd een minuut stilte in acht worden genomen. Wij als club zijn in gedachten bij Poekie en haar naasten. Om dit nog meer te onderstrepen spelen we natuurlijk met rouwbanden. Dank u.' Sportklup Hearrenfean fûn it snein net nedich om foar oanfang fan de wedstriid tsjin PSV stil te stean by it ferstjerren fan de Grand old lady, Hil Lenstra. Supermerkfoarsitter Robert Veenstra sei dat soks net paste yn it belied fan de klup. Twa opmerkings: Dizze foarsitter snapt der gjin donder fan, en hjirby wol ik de famylje út namme fan de supporters ús plakferfangende skamte oerbringe foar it ûnbenul fan de lieding fan SC-Hearrenfean. Ik skamje my djip.  

These Dreams: Live w/ Alison Krauss 2010

Afbeelding
As je dan dochs in cover dwaan wolle: einepikefel. Wat in stim.

Net ferlieze

Je ha fan dy wykeinen dat jo kwa balskoppen net ferlieze kinne. Moarn bygelyks. As lytse jonge dy't noch net nei it stadion op It Feen gie, moast der in kar makke wurde. Heit wie fan Rotterdam-súd, dus dat makke it wer in stikje makliker, it soe gjin Feyenoord wurde. Ajax wie skjinmakkersguod, en doe't PSV de Europakup wûn, wie it klear. Moarn komt Eindhoven nei it Feen, en ik hoopje dat It Feen wint. Earder reizge ik mei in maat gauris nei de ljochtstêd, mar dy tiid hat west. Oars wol aardich, tusken de fanatike PSV oanhing. Alle wiken yn it jier dat der fuotballe wurdt, hoopje ik dat Ajax en Feyenoord ferlieze, sels yn Europa. Sa dik mooglik. Foaral Ajax, mar dat wisten de fêste folgers al. En PSV? Och, dy meie har punten wol helje, mar moarn efkes net, graach. 

Min waar op 'e Lemmer?

Stel jo ha ambysje om in krystmerk op poaten te setten. Yn de regel spilet soks him ôf yn desimber. Leuk idee, Glühwein en in soadsje evergreens út de blikkerige lûdsynstalaasje wei, prachtich. Dat freget tarieding, en dat spilet him dan faaks yn de simmer ôf. En dêr sit it gefaar.  Moandei spile de waarman fan de Omrop mei fjoer troch doe al te sizzen dat it freed âlde wiven en foarketinen reine soe, mei stoarm der op ta. En daliks reagearre de organisaasje troch mei in sneu ferhaal oan te sizzen dat it spektakel net trochgean koe. Fout, minsken, der is neat feroarliker as it waar, en de foarsizzings.  Wat wolle jim dan? Op papier is it winter. Yn ús lân is dat meastal wat waaie en in bui hjir of dêr. Dat witte jimme yn de simmer ek al. Niis bin ik efkes bûtendoar west, en yndie, it waait wat, mar de skûtsjes hienen sels yn Langwar noch wol farre kinnen. En der foel wat rein, letter op de dei koe it wolris op snie útdraaie. No, dat is waar foar in krystmerk. Miskien dat oar jie

Wat stiet der yn?

Ha, ik wie oan it strunen op ien fan myn favorite siden, it hiemstee fan de gemeente Smellingerlân, sis mar net Drachten. Moai, dy beslutelist, dan witte jo wat der spilet yn de buert, no? Kom ik dit tsjin: Ont. 5. Ingekomen brief van de Hypotheker over de Starterslening   Probleemstelling: De Hypotheker heeft een brief aan uw college gestuurd waarin zij de noodklok luiden voor de starters op de woningmarkt. Zij doen een dringende oproep om opnieuw budget beschikbaar te stellen voor startersleningen. Zij stellen dat de starters in Drachten nergens terecht kunnen.   Besluit Er wordt ingestemd met de concept-antwoordbrief aan de Hypotheker. Ja, hallo!!! Ik mar skrolle, want ik tocht, no komt it, de oplossing. Nee, dus. Witte we dus noch neat. Tansparant bestjoer is machtich moai, mar op dizze wize sjit it syn doel foarby. Wy wolle witte wat der yn dat brief stiet. Komt der jild frij, of is it op? Beide kearen soe ik der begryp foar ha, mar no bliuwe we yn it ûngewisse. Ik leau d

2018 en it Frysk

Moai dat sa'n man út Liverpool hjir komt en ús besiket waarm te meitsjen foar kulturele haadstêd 2018. Mar de fergeliking giet al wat mank. Sûnder immen tekoart te dwaan, Liverpool hat The Beatles, wy ha Dy Twa. Liverpool hat Anfield Road en The Kop, wy ha Cambuur. Liverpool is kultuer, en wat ha wy? Jaseker, kultuer genôch. Mar, oars as dy Britten, binne wy der oer it generaal net grutsk op. Efkes in sydstrjitte: de Fryske muzyk docht it hartstikkene goed. Der komt sels oerdei in Klipkar. Klipkar, ja. De kar is makke foar de klip. It is fansels prachtich dat de Fryske muzyk libbet as nea earder. En de Omrop docht dêr ek in soad oan. Dêr wol oan, ja. Mar allinnich mei de Bonkefeart wurde je gjin kultuer haadstêd fan Europa. Dan sil der ek oan oare keunstfoarmen dien wurde moatte. En troch de Omrop yn byld brocht of op de radio te hearren wêze. In programma oer skreaun Frysk bygelyks. It sit sa: wy ha gjin skyn fan kâns om kulturele haadstêd fan Europa te wurden, te min jild,

Sionsberg

It sil wol wer oan my lizze, mar ik snap it wer ris net. It safolste prestiizje objekt, de sintrale as, is amper goedkard, of yn Dokkum slute se it sikehûs. Want dat ha se fansels yn it sin. Earst noch wakker skermje mei alles dat noch wol iepen bliuwt, mar úteinlik sil de stjerhûs konstruksje derfoar soargje dat de Sionsberg ticht giet. Te djoer, net mear rendabel. Sjoch, dan heakje ik ôf. Wêrom wurdt dy dyk oanlein? Om de regio libben te hâlden, nei't ik mien. De twadde reden is no dus ek helder. As ien of oare Dokkumer de poat midstwa hat, of de rikketik docht it net mear sa as gewoanlik, ha de oerheden der foar soarge dat jimme oer in prachtige fjouwerbaansdyk nei de Hoofdplaats, of slimmer, nei Grins ride kinne. Dy dyk hat neat mei it ûntwikkeljen fan de regio te krijen, hy wurdt makke om der sa fluch mooglik wei te kommen.  

UFO 2 -- flying -- One Hour Space Rock -- 1971 Foar de echte trochsetters.

Afbeelding

Seks en de dea

Afbeelding
Nee, dit wurdt gjin obskuer stikje oer in nekrofyl. Foar my leit de Boerderij fan alles dat mei funêre saken te meitsjen hat. De Libelle fan de deagravers. Op it earste gesicht miskien wat dreech foar it wykein, mar dat falt ta. De Begraafplaats is in glossy, dy't fan alles skriuwt oer de dea, en alle omballingen dêromhinne. Yn full-color. Echt in oanrieder. It nûmer foar de feestdagen hat as tema de leafde meikrigen. Dat ropt al wat mear assosjaasjes op. De leafde foar immen dy't je ûntfallen is, bygelyks. Mar der is mear. Dizze quote stiet boppe it ferhaal dêr't ik it hjoed oer ha wol: Toch is seks op de begraafplaats van oudsher een heel gewone bezigheid. (Anja Krabben) In befêstiging fan eat dat ik al in skoftsje wist. Sûnt it Noarderhôf yn Drachten fan syn beskûljende beammen en hagen ûntdien is, omdat se oan ferfanging ta wienen, merk ik der neat mear fan. Hoe oars wie dat doe't je dêr noch wol út it sicht wienen. Moandeis lei der geregeld wat oars dan ôffa

Manuskript

Afbeelding
Juster gjin bloch. Dat kaam, en de fêste twitterfolgers wisten dat al, omdat ik drok dwaande wie om in aai te lizzen. De wike yn de arke smiet nochal wat ynspiraasje op. En dan is it krekt as mei in teleks, it rammelet der oan ien wei troch út. Dus no leit der in earste ferzje fan in manuskript. Op it stuit dat ik dit skriuw is myn fêste redaktrise tusken it fleisbrieden en earpelskilen drok dwaande om it te lêzen. En gean der mar fan út dat it je daliks meinimt, want ik leau dat der krekt wat tefolle reek boppe de fleispanne hong. Goed teken, dat lêzers nei tweintich siden der sa yn sitte dat se it iten oanbaarne litte, is 't net sa? Mei dat iten komt it oars wol wer goed, hear. It rûkt hearlik. Triedsjefleis mei reade koal en earpels, wat wol in minske noch mear? De fraach is hoe't it mei it manuskript ôfrinne sil. Ik ha sterk oanstriid om nei iten mar te sizzen dat ik de boel wol oprêde wol, dan ha'k earder útslach. Oan de oare kant, dy ferhipte gitaarlearaar hat m

Barre klem

Sinteklaas hie it bêst mei my foar. Ik ha no guod foar yn de dûs, en as ik dat brûk, steane der daliks in hânfol hitsige froulju om my hinne, as ik de reklame leauwe mei. De fraach is wêrom't Sinteklaas my dat ta ha wol, maar dit terzijde. As kompensaasje krige ik in anty rimpelkrêm. Sjoch, dan witte je daliks hoe't de flagge der by hinget. In BlackBerry siet ek yn de semintbak. Efkes útlizze: wy brûke sa'n swartenien om de kado's yn te sammeljen, maklik en der past in soad yn. Dy BackBerry wie fan sûkelarje. Fjoerstientsjes, fêste prik, ik kin krekt in jier ta mei seis yn in pakje, ornearre far de Zippo. Dan dy barre klem. Witte jimme wat dat is? In handich device dat jo in toantsje heger sjonge lit. Of wol: op de hals fan in gitaar sitte fretten en as je dêr dy klem op sette, spylje jo in toansoart heger. Prachtich, en daliks klear foar oanpassings, want ik stjitte my de fingers der tsjinoan. Nei wat tsjinakselen fan minsken dy't net al te folle betrouwen yn

Reade diseltenk

It each foel my op dit berjochtsje: De boer kin oer ynternet meisjen wat der bart, net allinnich om stellerij en ynbraken foar te kommen. Sa komt der in kamera dêr't de boer mei sjen kin oft de melkrobot steuring hat en ien dy't it kealjen yn de gaten hâldt. In tredde kamera komt by de tank mei reade diesel te stean, omdat dêr wolris út stellen wurdt. As it goed wurket, tinkt it befeiligingsbedriuw mear boeren sa fier te krijen dat se kamera's ophingje. (OF) Doe't wy jong wienen, yndie, lang lyn, barde dat dochs wat oars. Net om nostalgysk te wêzen en op de emoasje te spyljen, mar it is wol wat. Soe der noch immen wêze dy't wit wat ôfljochtsjen betsjut? As der by ús in ko it wetter kwyt wie, moast der in kear as wat nachts hinne reizge wurde. Wie der in fuotpok? Touwtsjes om de poaten en lûke. As it net woe:  Mei de keallelûker it keal der ôf, droech wriuwe, hânwaskje en wer op bêd. Neat gjin kamera's. Wy brûkten ek reade disel. Skean foar de pleats

Camataru

Afbeelding
It Feen wint fan AZ. Dat is moai. Oan de oare kant soe it gjin nijs wêze moatte, want It Feen heard thús fan alle klups yn de eredivisie te winnen. Moai wie ek de fraach oan Ron Jans oft dit de bêste wedstriid fan It Feen ûnder syn lieding west wie. Hy koe noch ien echte klapper betinke, foarrich jier tsjin Twente. Sa. Hjoed foel op dat de mannen allegearre krekt in stapke hurder rinne woenen. Sels by Elm like it wol of hie er wat frjemd guod rektaal ynbrocht. Soe dat komme omdat er tsjin syn broer spile? De grinttegel tsjin it snoepke by de boadskippen? Dizze kear hat it snoepke wûn. En de trainers? Verbeek stie it grutste skoft neist de dug-out, en lies neitiid in gedicht foar. Like nochteren as dat er is. Jans stie mei in glimmende holle de parse te wurd, om te orakeljen hoe goed der spile wie. Dat mocht er ek dwaan, foar dizze kear. Dêr sil ik neat oer sizze. Mar om no daliks te sizzen dat It Feen twawykliks de 25000 op in show traktearret? No, nee. Dit wie de earste kear

Frysk yn de LC, diel trije

Afbeelding
HAHAHAHA!!!  Dêr ha ik jimme moai te pakken. Foar alle jittikmigers: hjoed in fleurich walske, want it is winter!!!  

Reitse Spanninga syn klontsje bûter

Ha jim ek sa'n hekel oan reklame? De ergernis sit him soms yn de lytse dingen. Omrop Fryslân TV hotshot kok Reitse Spanninga is yn it foarste plak net fan de buis ôf te slaan, mar dêr giet it net om. It giet ek net om de reklame dy't er makket, want ik wit net iens wêr't dat foar is. En dàt komt dat wer omdat ik my ergerje oan de lêste sêne fan dy spot. Eltse kear sit ik der mei krûme teannen op te wachtsjen. En as ik ferteld ha wat ik bedoel, sille jim dat ek dwaan, hoopje ik. Ha jim wolris besocht in klont bûter mei in houten spatel yn in panne te krijen? Dat wol dus net. Reitse giet der prat op dat er oeral boerebûter by brûkt, en dat stiet him te priizjen. Boerebûter plakt as de sykte as it sêft genôch is om mei sa'n stompe houten spatel snijd te wurden. En dus moatte je dan in kear as wat op de râne fan de panne tikje om it der ôf te krijen, faaks ek noch der bydel skraabje. Reitse net. Dy ferneukt de hiele bende. Hup, hup en it klontsje falt kreas yn de pan

Thialf moat nei de Flevopolder

Afbeelding
It bliuwt griemen yn de marzje mei dy bestjoerders. Nim no de KNSB. De Keninklike boun fan preamkeskowers. Dêr ha se yn al har wiisheid miend om Doekle as foarsitter oan te stellen. Ik ha net folle mei dy man, omdat er allinnich wat sizze kin oer ûnderwerpen dêr't er syn jild mei fertsjinnet. Dêr byt er him yn fêst, en komt op alle fragen mei troch amtners ynflústere klisjee antwurden. Neffens my hat er sels noch nea wat betocht. Dat docht ek wol bliken, no praat er de minister wer nei de bek, as dy seit dat Thialf net perfoarst yn It Feen komme hoecht. Dat is in iepening, sei ien fan syn souffleurs. En sprekpoppe Doekle docht syn ding. Jeuzelje oer de fluchste leechlânbaan yn de wrâld, en dat it him net útmakket wêr't dy komt. As foarsitter. As Fries woe er dan noch wol sizze dat er it wol aardich fine soe as Thialf wol yn it Haachje bleau.(......) Hjir stie in raar wurd. Dat sil ik net op it web sette, want alles wat u zegt... Wêr binne de ideeën? Wat ha we hjir oan in baa