Reitse Spanninga syn klontsje bûter

Ha jim ek sa'n hekel oan reklame? De ergernis sit him soms yn de lytse dingen. Omrop Fryslân TV hotshot kok Reitse Spanninga is yn it foarste plak net fan de buis ôf te slaan, mar dêr giet it net om. It giet ek net om de reklame dy't er makket, want ik wit net iens wêr't dat foar is.

En dàt komt dat wer omdat ik my ergerje oan de lêste sêne fan dy spot. Eltse kear sit ik der mei krûme teannen op te wachtsjen. En as ik ferteld ha wat ik bedoel, sille jim dat ek dwaan, hoopje ik.

Ha jim wolris besocht in klont bûter mei in houten spatel yn in panne te krijen? Dat wol dus net. Reitse giet der prat op dat er oeral boerebûter by brûkt, en dat stiet him te priizjen.
Boerebûter plakt as de sykte as it sêft genôch is om mei sa'n stompe houten spatel snijd te wurden. En dus moatte je dan in kear as wat op de râne fan de panne tikje om it der ôf te krijen, faaks ek noch der bydel skraabje.

Reitse net. Dy ferneukt de hiele bende. Hup, hup en it klontsje falt kreas yn de panne. Folksferlakkerij. Ik ha de natuerkunde derop nei lêzen, hy docht dat mei in yn it foar ferwaarme houten spatel. Kin net oars. No, en dêr ergerje ik my dus oan. Wa ferwaarmet no in houten spatel?   



Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen