Posts

Posts uit september, 2010 tonen

Ekstra sjoernaal of earste aai.

Nijs! Alaarm! Foar in ekstra sjoernaal wurde alle programma's ûnderbrutsen. Wat soe der wêze? Obama syn hûn dea? Hat Ahmadinejad sein dat Beatrix tenei in bûrka oan ha moat? Is de Geliefde Leider demint ferklearre? De strjitten streame leech, eltsenien skood hymjend foar de kykkast. Earst noch in blokje reklame fansels, dan is it safier. 'Er is nieuws uit Den Haag,' seit it minske. Och heden, no je. Soe der wer in kamera fêstlein ha dat ien fan de fraksje fan it CDA nei it húske moat? Hat shownieuws útfûgele dat Geert en Mark yn har studintetiid stiekem wolris oan de wetterpipe sitten ha? We geane streekrjocht oer nei Ferry. 'Vertel Ferry, is er witte rook?' 'Ja, ik denk dat er witte rook is!' Underwilens stroffelt er oer in kabel en komt mei in fan pine ferlutsen gesicht wer oerein, mar dan sjocht er de trije oankommen, Maxime, Mark en Geert. Alle pine is ferjitten. Sil ik jim ris wat nijs fertelle? Juster ha ik tegearre mei myn dochter it earste aai

Trein

We skriuwe 17 maaie 2009. Foar in soad Feanfans sil dizze datum wol wat betsjutte, ja, dy dei wûn de Sc de beker. Wy wienen der ek by, yn de Kuip. Mar dêr woe ik it net oer ha, ik woe it oer de reis ha. Hinne stienen we as fee tusken hikken yn te wachtsjen op de trein, mar, we kamen der. Weromreis sei ik tsjin myn heit, krekt 70 west, mar gau nei it stasjon, oars moatte we lang wachtsje. We rêden it op, yn de earste trein, we koenen sels noch sitte. Yn Swol, sûnder opjêfte fan reden stie it spul stil. Gjin tsien tellen of sa, nee, in healoere. Oant de dei fan hjoed wit ik net werom, de lêsten komme krekt foardat it ljocht wer oan de kym ferskynt oan yn it Haachje. Neffens de NS wie it knap gien. Hjoed mei de trein nei Starum, mei as tagongskaartsje Los sân fan Greet. Dy treinen ride dochs, dus jo hoege gjin miljeubeswieren te hawwen. Goed, yn de auto hie ik al hinne en wer werom west, mar it is foar de bern ek wer ris wat oars. Komme we weromreis yn Snits, de trein ryd fuort, flak foa

Ynstallaasje 2

Earst it goede nijs: Heit en mem binne online. Alles wurket, ik ha mar net frege wat de monteur oer myn oanslútings sein hie. Dan no de probleemstelling: Stel jo ha twa kompjûters en jo wolle op beide e-maile kinne, mar dan wol sa dat myn e-mail op myn tastel binnenkomt, en de rest op it oare. Google hat dan in foarbyldprogram dêr't it sels in blyn hynder mei slagje moat om dat klear te krijen. No, my net dus. No ha ik wol in 'mantsje' mar dy hat fansels syn eigen drokte ek, boppedat is it eins myn eare te nei dat ik it sels net klear krij. Ut earmoede en nei twa middagen omgrieme mei ynstellings ensafh mar nei de kompjûterwinkel belje. It siet sa, it twadde tastel koe wol mail binnenhelje, mar net weromstjoere. 'Dan staat de server voor uitgaande mail niet goed,' klonk it fleurich oan de oare kant. 'U moet naar... dan klikt u... dan verandert u dat in... en dan nog een keer proberen.' Klear. En it reint ek noch... 

Ynstallaasje.

De installatie duurt 10 minuten. Kenne jim dy? Nei lang berie wie it dan sa fier, heit en mem sille ek online. Soanleaf hat in wike earder nei de Hoofdplaats west en sa'n selde pakket ophelle en mei grut gemak yn gebrûk naam. Kin er einliks nei eredivisie live sjen sûnderdat it om de twa tellen liket dat it spul stillein is wylst yn it echt krekt in goal fallen is. Te min delhelsnelhyd. Mar no giet it as in spear! Dus dat sil ik yn in moarnskoft wol efkes klearmeitsje. Hie ik tocht. Alles wurket, mar it oantal ljochtsje dat in teken fan libben jout bliuwt efter by myn thússituaasje. Nei in lytse tsien minuten in frommis yn it ear dy't seit dat alle meiwurkers it tige drok ha blykt dat it modem net online komt. Dat koe ik ek wol sjen! Moarn sil in monteur sjen oft ik alle triedden goed oanelkoar knope ha. Sil wol net.

Stikelstekker?

De krêft fan de ferbylding . As jo stikelstekker yn it Frysk wurdboek opsykje, sjogge jo dat it trije betsjuttings hat. De earste is in lyts skepke om stikels út it lân te stekken. Ek kin it de persoan wêze dy’t de stikels út it lân stekt. De tredde betsjutting is wat dreger. Een hekelaar, ofwol vitter. Hekelje betsjut flaaks of himp hikkelje, it sied fan it kaf skiede, dreech wurk dat eartiids op min trochwaaide souders of yn tsjustere skuorren barde. (sjoch de tsien fan Martens Afke der mar op nei). Een vitter is een stikelstekker, der komme jo net fierder mei, mar yn Van Dale sjen. Vitterij is kleingeestige bedilling, moaie omskriuwing. Kleingeestig is yn it Frysk neargeastich, of nearzich, en dat dekt de lading fan wat it wurd ynhâld better as yn it Nederlânsk, (oarsom komt ek foar). Bedillen is dan wer min of meer gezochte aanmerkingen maken. Immen dy’t stekken ûnder wetter jout. Dat is technysk besjoen de betsjutting van it wurd. Dermei is de skriuwer bekend makke, en soe it

Mei tank oan de doarpskrante.

Wieke de Haan seit dat alle Fryske skriuwers in eigen webloch begjinne moatte, wa bin ik dan om dat net te dwaan! It reint dat it miigt en it is snein, moaier kinne je it net krije. Myn âlde skûlnamme wer út de kast helje. Efkes útlizze: foardat ik mei Guozzeflecht oan it skriuwen wie, skreau ik stikjes foar de doarpskrante, de romrofte Boarnhimster bining, wa ken it net. Under de namme Stikelstekker. Ien kantsje foar elts nûmer. Dat printe ik dan út en stoppe it yn in slúf, wachte oant it tsjuster wie en wipte it dan by it redaksjelid dy't de kopy sammele troch de brievebus. De earste kear tige spannend fansels, soe it wol of net pleatst wurde? Mar ferdomd ast net wier is, it stie deryn! Sa krige ik de smaak te pakken en die der flyt op om de stikjes op tiid klear te krijen. Oant dy kear dat der ûnder myn epistel in oprop stie dat de skriuwer him bekend meitsje moast oan de redaksje, oars soe it net wer pleatst wurde. Ik ha it noch ien kear besocht, mar de reaksje wie koart en hel

blogge

Nei Twitterje ek blogge, it sil noch wol efkes duorje foardat ik it ûnder de knibbel ha, mar we dogge ús bêst!