Ynstallaasje 2

Earst it goede nijs: Heit en mem binne online. Alles wurket, ik ha mar net frege wat de monteur oer myn oanslútings sein hie.
Dan no de probleemstelling: Stel jo ha twa kompjûters en jo wolle op beide e-maile kinne, mar dan wol sa dat myn e-mail op myn tastel binnenkomt, en de rest op it oare. Google hat dan in foarbyldprogram dêr't it sels in blyn hynder mei slagje moat om dat klear te krijen. No, my net dus. No ha ik wol in 'mantsje' mar dy hat fansels syn eigen drokte ek, boppedat is it eins myn eare te nei dat ik it sels net klear krij. Ut earmoede en nei twa middagen omgrieme mei ynstellings ensafh mar nei de kompjûterwinkel belje. It siet sa, it twadde tastel koe wol mail binnenhelje, mar net weromstjoere. 'Dan staat de server voor uitgaande mail niet goed,' klonk it fleurich oan de oare kant. 'U moet naar... dan klikt u... dan verandert u dat in... en dan nog een keer proberen.'

Klear. En it reint ek noch... 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen