Posts

Posts uit december, 2021 tonen

Boer ôf

  Lêstendeis hie ik in petear mei twa minsken. Dat komt faker foar, mar dit wie wol bysûnder te neamen. De lêste kear dat ik mei se praten hie, wie yn de simmer fan 1987. En dan ek noch oan de oare kant fan de Atlantyske oseaan. No hoegde ik der mar fyftjin kilometer om te riden. Ik wie doe in jonge fan in jier as njoggentjin, no in fyftiger dy’t normaal sprutsen mei de twadde helte dwaande is. Se koenen myn gesicht net mear, wol hienen se in âlde foto opskarrele fan ús besite yn dy Kanadeeske simmer, mar dêr stie ik net op. It praat gie oer eartiids, want dat wie myn doel fan de besite. Sa as ik ferwachte hie, fleach it petear alle kanten út, in soad brûkbere ynfo ha ik net krigen, mar de middei wie der net minder moai om.   In wike as wat lyn krigen wy it berjocht dat ien fan ús geiten deagien is. No wenje wy yn in hûs dêr’t geiten op it hiem net by past, mar op papier wienen we noch altyd in bytsje boer. Us bistjes ha in geweldich plak krigen neidat we nei It Feen ferhuze bi

'Ik ha ferlet fan jild'

Buorfrou fan fier yn de 80 komt oan de doar. 'Ja, ik ha in nuvere fraach. Ik sykje in kipefear om de klok te smarren.'  'Rin mar even achterom, dan sjogge wy even,' sis ik.  Yn it hok lizze altyd wol wat fearren, ik krij ien en jou him oan buorfrou.  'Hoe is it mei de hoanne?' freget se.  'Dea.'  'Och, spitich. Do bist mar warber, dat lês ik yn de krante!'  'We grieme wol wat troch.' 'Wy ek, al 65 jier troud en noch altyd troch ien doar, is't net moai?'  'Dat is prachtich, der binne net in soad dy't dat helje. Mar dy fear...'  'Ja, ik ha noch wol wat naaimesine-oalje, dus dan rêd ik my der wol mei. Dy klok is al hiel âld, Durk hat him niis skjinmakke mar der moat noch wat smarring komme, sjoch.'  'Krekt.'  'Ik sil nei de bank, want ik ha ferlet fan jild.'  'Ik ek, mar ik ha it net.'  Buorfrou draait har om en seit: 'Dan hast de soarch der ek net oer.'  Myn dei is goed. 

Nea wer snie yn Nederlân

Afbeelding
  De blêden binne foar it grutste part fan de beammen, it is wintertiid, der leit in nij boek fan my yn de winkels en by de jûnskuier ferskine oeral eltse dei mear krystljochtsjes. De moaiste tiid fan it jier brekt oan, mei wat gelok kinne wy ynkoarten ús loopke in kear troch de snie dwaan. Dat hat wat magysk, al komt it net sa faak mear foar. Dêroer daliks mear. Want: ha jim it noch in bytsje nei it sin? Steane jim as wol as net faksinearre minsken linerjocht tsjinoer de oare groep? Wat in pandemy mei gewoane minsken dwaan kin, draait as in minne B-film op dit stuit alle dagen yn it deistich teäter dêr’t we allegearre yn figurearje. Foar mysels ha ik in hiel skoft lyn de kar makke om net mear nei praatprogramma’s te sjen, it nijs fia de telefoan en in papieren krante ta my te nimmen en fan myn frou mei ik my deis mar fiif minuten ergerje. Ik jou it daliks ta, dat mislearret hast alle dagen. Der komt in momint dat der drastyske maatregels naam wurde moatte om it deistige ergerjen t

Artikel oer myn nije roman yn de LC 3-12-2021(Klik op de foto foar mear ynfo!)

Afbeelding
  Tekst Elisabeth Post Ferdinand de Jong hat syn twadde krimi skreaun. Syn wenplak It Hearrenfean en berteplak Oranjewâld binne it dekôr dêr ’t De museummoard  begjint. Spannend oan de ein ta. Der driuwt in lyk yn de Prinsewyk. Publyk dat de iepening fan in útstalling fan de wrâldferneamde skilder Paolo Lione út Itaalje yn it museum yn Oranjewâld bywennet, slacht ferskrikt de hân foar de mûle. Dêr leit se, op har búk en klaaid yn in wite jurk. Om har hinne driuwe reade roazebledsjes. Wa’t ienkear yn De museummoard  begûn is, kin net mear ophâlde fan lêzen. It is noflik yn ’e kunde kommen mei resjersjeur Annet Hillema en har âld-kollega Paul Graafsma. It ferhaal nimt healweis in ûnferwachte draai en it plot is like nijsgjirrich as de prolooch. It troch Ferdinand de Jong (1969) fan It Hearrenfean skreaune ferhaal lêst yn ien azem út. Hy moat in bytsje gnize. ,,Fynst it spannend?’’ Oan de keukenstafel yn syn hûs op It Hearrenfean hat de skriuwer farske kofje ynskonken. Hy giet der ris foa