Posts

Posts uit februari, 2023 tonen

Twa petearen op freedtemoarn.

Afbeelding
  Twa petearen   Hjoed hie ik oant no ta twa petearen dy’t ik even mei jim diele wol. Ik sil gjin nammen neame, dêr giet it ek net om, it giet oer de ynhâld. As earste krige ik in telefoantsje fan in dame dy’t my attindearre op eat dat mei myn wurk te krijen hat. Omdat de namme fan de frou my bekend foarkaam, frege ik wêr’t se wenne. Foardat we it wisten wienen wy yn petear oer har bern en al dy frachtweinen fol feefoer dy’t ik foar harren laden hie doe’t ik noch yn Snits wurke by wat doe Koudijs Wouda hjitte. Op myn fraach hoe’t de bern de hjoeddeistige konjunktuer yn de lânbou en de polityk belibben, kaam in ferbittere antwurd. Generaasjes hurd wurkjende minsken wurde mei in pinnestreek omtsjoene ta net mear winske. Se neamde in foarbyld, lisbatterijen binne hjir al jierren ferbean. Wat de griene tsjerke net wit, of net witte wol, is dat der massaal aaien út oare lannen ynfierd wurde, dy’t dêr produsearre wurde yn: Jim riede it al. Grutte kâns dat de meast fanatike tsjinstanner

Hongerwinter

Afbeelding
  Sneontemoarn. Bûtendoar is it in graad as seis, mar neffens de berjochten sil it in bytsje winterich wurde. Dat is moai, want dan kinne we wer wat fleuriger gesichten sjen yn dizze djiptryste perioade. Juster spruts ik mei immen dy’t fan bern ôf oan sjoernalist wurde woe en it ek wurden is. Op myn fraach oft er noch wolris nei syn âlde baas harke, wie it antwurd nee. ‘Oars wurd ik lilk en dat ha ik der net foar oer.’ It die my tinken oan it beslút dat ik in jier as wat lyn ek naam ha. Gjin talkshows mear, gjin jeuzeljende randstedelijke D66 NPO radio-babbelboksen. Fan de âld baas fan de sjoernalist hie ik yn 2017 al ôfskie naam. Ik ha in eed ôflein om nea te sizzen wêrom, dus dat doch ik ek net.   Mar as ik sa troch de wike wat om my hinne freegje, bin ik net de iennichste dy’t de brui der oan jûn hat. Sterker, ik moat stadichoan myn bêst dwaan om noch guon te finen dy’t noch wol de muoite nimme. De koers fan wat ea fielde as ‘fan ús’ is ferwurden ta in platprogramearre brij. De ma