Posts

Posts uit november, 2014 tonen

Fuck you yn de Grinzer Pein

Afbeelding
Wat is it in foarrjocht om ien kear yn de safolle tiid yn in sporthal te sitten dêr't se oan volleybal dogge. Beide dochters beoefenje dizze sport en dan moatte jo as heit ek wol ris mei te supporterjen. Hjoed wienen wy al aardich betiid foar op in sneon yn Grinzer Pein. Dêr wienen wy net allinnich, it tilde der al op fan klomjend folk dat eins de flappen wol efkes langer oer de eagen ha wollen hie, mar dus troch itselde plichtsgefoel yn in kantine plak naam. No is it echt prachtich om te sjen hoe't ien en oar ferrint. Sjoch, jo ha in leger oan frijwilligers noadich om dy sportboel draaiende te hâlden. Ik ha gut respekt foar dy minsken. Sy binne de driuwende krêften efter de breedtesporten yn Nederlân. Mar se binne dan soms ek net hielendal champions league weardich, wat fierder gjin weardeoardiel is, mar in konstatearring. Nochris, grut respekt foar dizze helden. Hjoed wie der in toernoai dêr't fan de ferienings ferwachte waard dat se in punteteller en/of skiedsrjochte

Faderpaard

Afbeelding
In healjier lyn moast ik nei de toskedokter en dy sei dat in renovaasje fan ien fan myn kiezzen net mear foar te kommen wie. Trou en braaf as wy grutbrocht binne ha ik daliks knikt en foardat ik it wist lei ik yn ûnmacht mei twa pratende mûlkapkes boppe my. Dat is al in stik better as eartiids, doe't we yn de toskedoktersbus by de legere skoalle yn de gouden etelaazje ofwol mûle fan de toskedokter opseagen. Freeslik. Hawar, de technyk stiet net stil, dus eartiids wie net alles better. Seker de toskedokter net. Om efkes yn de sfear te kommen in rekonstruksje fan it petear in healjier lyn, efter de mûlkapkes. 'Zie je dat?' 'Zo heee... dat zijn nog eens kieren...' 'Dat bedoel ik.' (jankende boar) 'Pompompom...' (jankende boar en slobberjend sûchding, 'grloglgrolggrolggrolggg...') 'Mag ik ... (folslein ûndúdlik wurd) van jou?' 'Deze?' 'Nee, die grote.' Al dy tiid lizze jo nei in berneskilderij te loeren dat

Mulder vs Ploeg, to be continued?

Afbeelding
Der stiene hjoed in oantal aardige saken yn de krante. Earst in moai wynmûnepark yn de Noardsee. Teminsten, de foto wie prachtich, lykas de namme fan de dame dy't se befregen: Didi te Gussinklo Ohmann. Dat is wer ris wat oars. Dan in treflik petear mei Haagse Anouk. In apart meubel fansels, mar op ien as oare wize mei ik wol oer har. Omdat se seit wat se tinkt? Hoe dan ek. Moai skreaun.   As lêste wie der in CDA stik skreaun troch in PvdAer. Altyd aardich as yn in opinystikje de rollen omdraaid wurde en de iene eks deputearre de oare omseamd mei stânpunten en dêr partijfrjemde bewurdingen by brûkt. Kabaret yn de krante, sûnder in oardiel te hawwen oer de ynhâld fyn ik de opset in moai gegeven. It wachtsjen is op de reaksje út De Wylgen, dizze korrespondinsje tusken de hearen Bertus Mulder en Jan Ploeg fertsjinnet in ferfolch. Einliks wer in item yn de krante dêr't je fan sizze: yes! Dus, kom op Jan Ploeg, nije wike sneon ferwachtsje wy in reaksje! Mulder Ploeg

Hoofdplaatszaken en de rest

In soad aardige reaksjes op myn foarrige bloch oer de iikhoarn. Tank dêrfoar. Sels eks klasgenoates dy't mei my op de legere lânbouskoalle sieten en net Frysktalich binne, ha it lêzen. Mochten jim it noch net sjoen ha, klik op  hjir . It docht dus bliken dat minsken histoarje moai fine. It sil mei emoasjes te krijen ha. Sjoch nei de ferkeap fan Speerstra syn lêste boek en jo witte dat ferhalen oer de doetiid it net sa min dogge. Dat soks net oeral goed falt is de skriuwer net oan te rekkenjen. Dy skriuwt, de minsken wolle it lêze. Gouden formule. De Indië tiid ha ik net meimakke, it seit my op ien as oare wize ek minder as bygelyks de oarloch yn Vietnam. Dat sil der mei te krijen ha dat dêr folle mear oer skreaun, musisearre en filme is, dus dan krije jo it as jongbaas ek mear mei. Dat wylst Nederlân dêr net folle mei te krijen hie en dat lei yn Indie fansels oars. In skriuwer skriuwt oer wat him dwaande hâldt, as je teminsten skriuwe omdat je it moai fine en net omdat it moa

Bôle en papieren boeken

Afbeelding
Doe't ik yn It Wâld opgroeide, wienen se der noch by it soad. Mar der hat in skoft west, eins miskien wol 20 jier lang, dat ik der hast nea mear ien seach. Doe't wy dit jier in dei as wat yn België wienen, skarrelen der ek in pear om. De lêste tiid is it hast net mear de fraach of, mar nei hoefolle tiid er him sjen lit. Ik sil it plakje net ferklappe, aanst ha wy in komplete tastream fan ferstedske betontoeristen dy't ek wolris 'een leuk wild diertje in de provincie' besjen wolle. Dus bliuw dêr mar, de kâns is dochs grut dat jim him net iens sjogge, jo moatte der each foar ha en hy is rap. Samar wer út it sicht. Ik ha der wille om. Alle kearen as ik him sjoch moat ik oan myn lytse kantoarke tinke, dêr hinget ien yn post terminale tastân oan de wand. Dea dus. Opstoppe. O sorry, efkes oersette. Een levenloos diertje conserveren en prepareren tot een tentoonstelbaar object. Hy wie net fluch genôch foar de swarte Opel Acona fan heit en mem, it earme bist. Sjoch

Drintske sutelaksje kommendewei

Afbeelding
Boarne: Dagblad van het Noorden

Tiid foar in nij Swarte Piet belied

Afbeelding
Je kinne der hast net omhinne. De diskusje oer Swarte Piet. Dy diskusje wurdt troch de media ta grutte hichten brocht. No, as se dat earne lêze of hearre, sille se by de radio, TV en kranten wol wer yn it ferhef komme. Folslein neffens protokol op harren lange teannen trape. Mar dat makket de redaksje fan Stikelstekker lekker neat út. De Wytgaarder Gleskegnuverpiet As de Sinteklaasboel aanst oer in pear jier ferwurden is ta in Pietebende mei tsiisopdruk en sjerpwafels is de media dêr foar it grut part ferantwurdlik foar. Dy ha in pear roppers en razers in ûnmjitlik grut poadium jûn om harren galle te spuien en op dy wize in stik ûnskuldich bernekultuerguod de nekke om te draaien. Lokwinske, soe ik sizze. As je it mar faak genôch werhelje leauwe minsken alles. Mar wy binne hjir tige progressyf by Stikelstekker, dus sille wy efkes foar de muzyk útdrave. Om dochs in stikje Fryske eigenheid te bewarjen as it om Sinteklaas giet, stelle wy it folgjende út. Hast alle doarpen yn Fry

Streektalen konferinsje yn Hoogeveen

De biblioteek fan Hoogeveen is grut en kreas, mei alle nijmoadrige eleminten der yn, sadat der op in sneontemoarn ek bern efter de kompjûterskermen sieten. Se sochten nei spannende boeken, sei ien tsjin my, wylst er in online game spile. Hy wie oan it skaken, dus dan is der noch hoop. It is oars net myn gewoante om op sneon nei Hoogeveen te riden om te sjen wa't der yn de lokale byb komme, mar hjoed moast dat al. Yn in seal fan dy byb wie in konferinsje oer streektaal- de kânsen en mooglikheden, en de organisaasje hie my frege oft ik wat oer de aksjes fan Stifting Tsjil fertelle woe en ek wat oer myn eigen skriuwerij. De moarn begûn mei kofje en waard dêrnei iepene troch de foarsitster fan it SND (Stichting Nederlandse dialecten) Veronique de Lier. Wat folge wienen moaie Drinske lieten en in pear gedichten troch Ballads2 en Suze Sanders. Doe kaam in petear fan Abel Darwinkel fan it Drinske Huus van de Toal mei de, kwa optredens, fierwei meast suksesfolle Fryske skriuwer fan d

Sonic Highways

Afbeelding
En einliks, dêr wie er dan! It nije album fan de Foo Fighters is ien om net samar te ferjitten. It hat in jier as wat duorre, mar de opfolger fan Wasting Light is in dei as wat lyn offisjeel út kaam. Dave Grohl en syn maten hienen der in komplete wike Dave Letterman (de Amerikaanske Jeroen Pauw) by betocht en dy wie net te beroerd om de grutste band fan dit stuit te gerieven. Sa koenen de fans harren hert ophelje. Foar de redaksje fan Stikelstekker wie it optreden mei Ann en Nancy Wilson fan Heart fansels it hichtepunt. Ann Wilson liket mei de jierren allinnich mar mear rock yn har stim te krijen en op suske Nancy hat de tiid net folle fet sa te sjen. De kommintaren ûnder it nije album op Youtube moatte jo fansels net lêze, want jittikmige is prachtich moai wurk, mar o sa maklik. Nee, sels harkje nei it album en dan sille jo der efter komme dat it net in logysk ferfolch op Wasting Light is. De mannen ha de hiele USA troch west om yn alle útbuorren ien nûmer op te nimmen. Dat ha

Fjouwer dagen Lord's en The Oval op de BBC

Afbeelding
Eartiids wie alles better. Foar guon dingen is dat fansels net sa, mar foar oaren wol. In jier as 15 lyn wie der teminsten nochris wat op TV. De BBC wie simmers in hearlike stjoerder om nei te sjen as ien as oare koloanje optrommele waard om nei de hillige fjilden fan de stiff upper lips te kommen om dêr de saneamde testwedstriden te spyljen. Soks begjint meastal op tongersdei. 'This mornings play,' ha se it dan oer. Twa oere middeis. Hearlik. Live cricket is tsien kear moaier as hokker sport dan ek, mar allinnich op de BBC. Spitich dat se de rjochten net mear ha, oan de oare kant is it mar goed ek, want as je der ien kear foar sitte is it ferslaavjender dan hokker drug ek. Fjouwer dagen efter elkoar. Sels rein is net slim, want dan komme der gewoan werhellings. Cricket is de meast nobele, saaie, flauwe, goare en geweldigste sport foar de leafhawwers. Goar omdat de bowler oars net docht as de bal oppoetse yn syn ljiskstreek, dus yn prinsipe hat er trije, fjouwer dagen lang

Nederlân is ryp foar it Indiase kasten systeem.

De basisbeurs is net mear fan dizze tiid, seit frou Jet Bussemaker. It systeem dat prima wurke hat, moat ferfongen wurde troch in lienstelsel. De falske meiregearpartijen D66 en Grienlofts soargje derfoar dat ek dizze fierdere ôfbraak fan in fatsoenlik lân troch de keamer komt. Oer de kadaverdissipline fan de regearpartijen sille wy it mar net iens mear ha. Ik wol leauwe dat as it fanwege de macht moast, de PvdA him braaf omdope liet yn VVD, oarsom is dat ek sa. Yn India ha se it kasten systeem. Minsken dy't as se in bern krije al witte wat dat bern syn as har foarlân is. Ha jo de fette pech dat jo as in yntelliginte poppe op de wrâld komme mar heit en mem komme út in legere kaste, is it jammer mar helaas. Mar sporadysk slagje guon der yn om harren ôfkomst te ûntflechtsjen. Meastal bedarje se krekt as heit en mem ûnder strieminne omstannichheden yn in koalemyn, meitsje it rioel skjin of dogge oar wurk dat folslein net by harren nivo past. Neffens my fynt de gemiddelde hardcore

Tastimming of gjin tastimming?

It is winter yn Fryslân, dus it bloch mar wat yn winterske kleuren. Wylst ik nei in konsert fan Gary Moore en de Midnight Blues Band út 1990 yn Montreux sit te harkjen (Gary is sûnt 2011 net mear by ús) en in resept foar Kapsalon besjoch, hearde ik in oerke lyn noch de bekende lûden fan meanmasines dy't in gazon millimeteren. It is 1 novimber. Earlik sein ha ik wol in aparte wike efter de rêch. En dêr fertel ik dus fierder ynhâldlik mar net al tefolle oer. Wol fyn ik it op syn plak om te fermelden dat ik bliid wie om immen op in gearsit oan te treffen wêrfan't ik tocht hie dat er der wolris net wêze koe. Tige. Foar it oare ha ik in soad heard, opskreaun, lêzen, flokt ha ik ek, it spyt my dat ik it sizze moat. Oan de oare kant ha ik ideeën opdien, al besteande plannen nochris yn my omgean litten, by in presintaasje west, fansels oan it wurk west, seis dagen dizze wike, moarn kollum skriuwe dus eins sân, mar dat is hobby sille jim sizze. Boppedat hat myn bledblazer in repar