Posts

Posts uit mei, 2022 tonen

Besunigje op kultuer, ja of nee?

Besunigings, wol as net terjochte?   It wachtsjen duorre mar in dei as twa, je koenen de klok der op gelyk sette. As ergens it wurd besunigings falt, is de oansprutsen sektor daliks ree om de oerheid oan te sprekken op it feit dat se no dochs wol hiel dom dwaande binne. De gebrûklike opmerkings komme foarby: ‘Dit komt hard aan’ ‘Onbegrijpelijke keuzes’ ‘Geschokte reakties’ ‘Verbijsterend’ ‘Een harde klap’ ‘Dieptriest’    Binne dy reaksjes terjochte? Ik neam even in foarbyld. Besunigje op de soarch is ien fan dy maatregels dêr’t Keamerbreed en yn alle kranten, praatprogramma’s en oare media steefêst fûl op reagearre wurdt. Is dat wol terjochte? Antwurd op dy fraach is nee. Want der is in wrâld te winnen as it op soarch oankomt. It jild giet foar in grut part nammentlik nei lagen yn de organisaasjes dêr’t lju wurkje dy’t út klearebare ferfeling neat oars witte te produsearjen as nije protokollen dêr’t ‘de handjes’ oan de bêden harren dan wer oan hâlde en yn byspikerje wurde moatt

Swarte snie

Afbeelding
  Op fiif maaie 2016 stapte ik op fleanfjild Domododevo yn in tastel fan Lufthansa. Op it momint dat we los fan de grûn kamen, wie der daliks it besef dat ik in ‘once in a lifetime’ reis meimakke hie. Dat ik nije freonen kennen learde, bliid wie mei it sjen fan in filiaal fan de Subway en dat ik yn itselde hotel sliept hie as de presidint fan Ruslân. Dat ik op plakken west hie dêr’t nea in Fries in stap sette sil. Dat der in fantastysk museum oan de igge fan de machtige Jenisej allinnich foar my de doarren iepen die en ik troch de direkteur fan de noardlikste iishal fan de wrâld as in freon ûntfongen waard en hy der op stie dat ik in iishockey-toernoai iepenje soe. Dat ik oardel kilometer ûnder de grûn mei eigen eagen de rykdom oan grûnstoffen seach dy’t geologen dêr jierren earder oantroffen. Dat der jûns snie foel dy’t de oare moarns swart wurden wie troch de útstjit fan de fabriken  dy’t de stêd ta ien fan de meast fersmoarge plakken op ierde makket. Dat ik yn de ferûnderstelling wi