Posts

Posts uit januari, 2023 tonen

Wêr is de humor yn Fryslân bleaun?

Afbeelding
  It wie oan de ein fan in waarme middei yn de neisimmer doe’t myn frou en ik fan it strân nei ús hotelkeamer rûnen. Flak foar it doarp stie oan de rjochterkant op in parkearplak in feesttinte. Doe’t wy der del kuieren, hearden wy it kraaiende lûd fan in frou dy’t hast net mear bykaam fan it laitsjen. It wurket mei laitsjen sa dat as je ien laitsjen hearre, josels faak ek in glimke net ûnderdrukke kinne. Sjoch mar ris nei filmkes fan laitsjende lytse poppen, it duorret mar even en jo laitsje mei. Dizze feesttinte stie oan de râne fan Nes, op it Amelân. It ûnmiskenbere stimlûd fan Lytse Teake wie troch de boksen te hearren en de oanwêzigen koenen syn humoristyske sketsjes wol wurdearje, ôfgeand op de respons. Humor as doel fan in moaie neimiddei. Kom dêr yn it tsjintwurdige Fryslân mar ris om. Is der noch humor yn Fryslân? Eartiids hienen je Akke Radsma, Rients Gratama en Lytse Teake dy’t de sealen yn de provinsje bespilen. Platspilen, moat ik sizze. Mei humor. Simpele humor, mei as