Posts

Posts uit augustus, 2021 tonen

Bruce Springsteen syn heidefjild

Afbeelding
  Bruce Springsteen syn heidefjild   Wat bloeit de heide oeral prachtich dit jier, sa lês ik yn de kranten. Moaie foto’s fan pears kleure fjilden der by. It komt omdat we dit jier wer in normale simmer ha mei in soad Hollânsk reinwetter. Heide, foar ús as lytse bern wie it symboal fan earmoede. Nea yn de hiele wrâld hie ik tocht dat op in stik lân dêr’t heit en mem de kij weidzje lieten, ea heide bloeie soe.   Mar tiden hawwe tiden. As je no de Marijkemuoiwei yn Oranjewâld delkomme, bloeit der heide. Pears. Der rinne wat skiep om de bjirken en oare opsjitters koart te hâlden. Op dat fjild lizze myn jeugdjierren. Blomryk lân mei Frysk reabûnt fee. Myn broer sei dizze wike dat de Van Limburg Stirums, dy’t yn de kelder op it hôf yn Brongergea bysetten binne, grif ek net tocht hienen dat der wer heide bloeie soe op de grûn dy’t sy ûntginne lieten.   Dize wike wie ik te rinnen. Ik ha net safolle mei Bruce Springsteen, mar it tafal (tafal bestiet net) woe, dat ik krekt it komboer

‘Had je misschien met me naar bed gewild?’

Afbeelding
  ‘Had je misschien met me naar bed gewild?’ ‘Had u het bonnetje mee gewild?’ 'Had u het bonnetje erbij gewild?'  Dit is tsjintwurdich in frij gebrûklike wize fan oansprekken as jo earne wat keapje. En ik fernuverje my der oer want it fielt hartstikkene fout. De fraach op dy manier stelle ymplisearret dat jo al net mear yn de winkel binne. It is achterôf freegje. Sa fan: ‘Jo binne al thús, mar hienen jo achternei ek in bontsje ha wollen?’ It is hiel bot yn de moade by jonge minsken dy’t ergens achter de kassa sitte Neffens immen dy’t der mear doel oer hat as de gemiddelden ûnder ús, is it in oerdreaune foarm fan fatsoen om it sa te freegjen. Minder direkt, mei fjouwer slaggen om de earm. Korrekt is: ‘Wilt u het bonnetje mee?’ Want jo steane der dochs, dus is it de goede tiid om soks te freegjen. Ik fyn dêr neat mis mei, mar blykber kin dat net mear. Miskien is it in moade-ding, krekt as it útsprekken fan KKKgggggooaaatsiejee, as je gewoan Kroatië bedoele. Noch in foarbyld