Posts

Posts uit februari, 2012 tonen

In muppet yn Pauw en Witteman

Afbeelding
It is in wike mei in soad reuring oer Pauw en Witteman. Earst de beskamsume wize wêrop't de beide hearen Nebahat Albayrak ûnderfregen. Wa? Ja, dat is dy dame dy't har as mooglik lieder fan de PvdA ferkiesber stelt hat. Wy (de sjoggers) kenne har as steatssikretaris fan it bluisterich skodzjen mei har foarkommen yn de Twadde keamer. Dyselde, ja. En dat wist Jeroen Pauw ek noch tige goed. Boppedat: in frou en fan Turkse komôf. Hakblok klear en los mar. Gjin sjoernalistyk fan in heech nivo. Juster wie it ek wer raak. Dizze kear kaam de eare ta oan ien fan de gasten, de ferneamde heechlearaar Kinneging, wa kend him net. Hy sjocht der út as in portier by in foute nachtklup, en docht my ek tinken oan ien fan de Muppets, en dat is dan dy mei de blauwe holle yn de efterste rige. Neffens my spile dy saksofoan yn de Muppets-band. Dizze man is de partner fan Buitenhof-columniste Naema Tahir. Dy fage de flier oan mei Rudger Castricum, de ferneamde PowNews pseudo-etterbak d

Tips foar brûkers fan de arke

Op de side fan Ensafh stie sa as elts jier de oprop foar skriuwers en oare oanhingers fan linkse hobbys om harren oan te melden foar in skoft retrête yn de Skriuwersarke op de Feanhoop. Soks is oan te rieden, mar yn it ramt fan de Arbo it folgjende. De ôfrûne hjerst bin ik ek in wike útfanhûs west op dizze lokaasje. Moai, hear. Kreas ding, dy Arke, jo binne neat brek. Nei twa dagen tsjin de muorren opfleanen ha 'k dêr in aardich stikje skreaun. Mar dy nachten... Yn de arke sit in sliepkeamer mei twa bêden. Guon mei stoute plannen kinne dy ek tsjinelkoar oanskowe. Goed, healwei de earste nacht mitere ik dus op de flier. Bats. Beautysliep nei de barbysjes. De twadde nacht ha 'k my sa krampeftich deljûn dat ik mei spierpine en pine yn de rêch wekker waard. Nuver. Lokkich kaam der besite, en dy kamen mei de oplossing.  De tredde nacht bin ik ferhuze nei it oare bêd. Dy arke hinget nammentlik sa bryk as in kroade. En doe wie it klear. Teminsten, ik lei stiif tsjin de bûtenmuor

Fryske boeken yn de ponnykantine

Sa sitte je yn de kantine by it ponnyriden, in pear tellen letter falle je mobyl middenyn in diskusje oer Fryske boeken. Dus de knibbels mar tsjin de radiator oan, want meastal waarmje distsoarte petearen je net daliks op ta koartsich hege temperatueren. En de kjeld lûkt faaks út de fuotten wei omheech. De konfersaasje gie oer sichtber wêzen fan útjouwers op de sosjale media, de oandacht (dy't der hast net is) foar nije útjeften, en sa mear. Ik neam gjin nammen, jim binne frij om sels in Facebook account oan te meitsjen en mei te feestboeken, dan is alles nei te lêzen. Der sil in wrâld foar jim iepengean, dat sis ik jim no al ta, de literêre diskusjes spatte faak fan it SyncMaster 923nw skerm ôf. Ferdivedaasje genôch foar de kommende grize weach oan potinsjeel Frysklêzers. Boartsjendewei krije jim de twadde rykstaal dan grif sa goed yn de macht dat je it beslút nimme om fia Bol.com de nije pak em beet roman fan skriuwer De Jong oan te skaffen. Je hoege der gjin stap foar te bûten

Ik niet snap #thialf

Lis my no ris út. Jo skowe in gebou plat, en bouwe der in nij ding op. Dat komt der op del dat der in folslein nij gebou stiet, dochs? Of ha ik it mis? Goed. Twadde foarbyld. Jo moatte in djoer stik grûn keapje, dêr sette jo in nij gebou op. Dan stiet der in nij gebou, dochs? Of ha ik it no wer mis? Neffens my kinne je beide kearen de nijste wize fan bouwen, mei dat freeslike wurd 'duurzaam' (ik moat der hast fan koarje) tapasse, dochs? Of net? It komt der op del dat it oeral yn de reedriderswrâld bûten Fryslân allinnich mar om byldfoarming giet. Mei grutte domme Doekle foarop te razen. Se freegje harren net ôf oft je miskien mei minder jild deselde resultaten helje kinne. Neffens my wit Doekle amper hoe't er yn It Feen komme moat. Mar wol daliks sizze dat wêr't se ek mar in nij stadion bouwe, se grutte kâns ha om de kampioens-riderijen binnen te heljen. Sels mei teigatten yn it iis, is it noch better as in folslein nije iishal op itselde plak yn It Feen. Snappe j

Thialf en it grutte jammerjen

Afbeelding
De marginale sport reedriden is grut yn hiel Nederlân. Dat is moai, want dan ha we hjir geregeld in feestje, as der wer in 'oranje-poadium' de folsleine 'konkurinsje' nei hûs riden hat.   Ik wit noch goed dat Thialf gjin dak hie. Op snein pykte ik faak út, fytste nei de iisbaan en slûpte de kantine yn. Net om nei de 400 meter preamkeskowerij te sjen, welnee. De oare kant fan de kantine, dy luts my oan. Dêr hongen swiere gerdinen foar, en dêr krûpte ik efter. Want dan koe ik fergees nei de Feenstra-Flyers sjen. Yn in dampende en stampfolle hal, dêr't je de reek snije koenen, spilen Jack de Heer, de mannen fan Nota út Sint Nyk, Larry van Wieren en Tony Collard. Doe kaam der in hoed oer de bûtenbaan. En it riden wie foargoed feroare. Gjin knipperjende Piet Kleine yn in sniebui mear, mar state of the art klimaatkontrolearre sporthallen. No skynt it dat dy hoed net mear fan dizze tiid is. Yn oaljelannen bouwe se nije, bettere stadions. En dat moat hjir ek. Shani Da