Posts

Posts uit april, 2021 tonen
  Lelylijn: Optimisme feroaret yn pine yn de holle   Optimisme is in moai wurd. Der sprekt hoop út. Optimisme makket ús dagen lichter en soarget foar in gefoel dat we dingen oankinne. In positive vibe, yn nijmoadrich jargon. Mar der is ien grutte útsûndering by it brûken fan it wurd optimisme. As je it yn hannen jouwe fan plannemakkers. Dan feroaret optimisme geregeld yn pine yn de holle. It is net al te dreech om in stik as wat foarbylden te neamen. It Saailân, dat mei Abe Bonnema syn legaat fan 18 miljoen úteinsette en by oplevering mear as 120 miljoen koste hat. It stille drama dat dêr plakfûn hat mei ûndernimmers yn de achterlizzende gebouwen dy’t jierren op tok hâlden binne en nea kompensearre. Nimmen hat it der oer, mar rin mar ris troch de kelder fan it Saailângebou. Hast gjin winkel mear te bekennen. Noch ien: It Polderhoofdkanaal. As je dat wurd yn de gemeentehûzen yn Drachten en Beetstersweach sizze, sjitte der noch altyd minsken spontaan yn de stress. Yn Drachten ha se n