Posts

Posts uit mei, 2014 tonen

PvdA ferkeapet syn siel oan de duvel

'Er moet wat gebeuren om in de toekomst goed onderwijs te kunnen blijven aanbieden.' Sokssawat sei minister Jet Bussemaker juster by Knevel en Van de Brink, de EO talkshow om 23.05 op Nederlân ien. De basisbeurs wurdt omruile foar in lienstelsel. De trochrinnende jildhonger en it útrûpeljen fan de gewoane man nimt no dochs echt skandalige foarmen oan. En foar wa is dat ûnderwiis dan, frou Bussemaker? Dit kabinet, mei in VVD dy't him al mar mear yn de hannen wriuwt en in PvdA dy't syn siel alle dagen mear oan de duvel ferkeapet, soarget mei de gong fan in sneltrein foar it ideale plaatsje fan liberaal Nederlân. Ald jild makket mear jild, de bern fan de regearjende elite krije folop kânsen om te studearjen en de gewoane boargers moatte harren de bek hâlde en belesting betelje. Dêr ha wy sels foar keazen, de VVD sa grut makke dat se dit belied stâl jaan kinne. Dat de PvdA him deryn luze litten hat en no de kloaten net hat om der út te stappen, seit wat oer hoe wanhop

Mienskipsjild brûke foar sport?

Wisten jim wol dat Icedome Almere ek op Facebook sit? It hiele spektakel sil oan de Elementendreef yn Almere Poort komme, sa is te lêzen. En op dy side wurde fragen steld oer hoe't it sit mei de plenning en sa. No wit ik net wa't efter dy side sit, hear. Mar it kommintaar is tige bernich. In spul fan lange teannen. Sa as dat yn it hiele ferhaal de reade tried is. Se ha dêr grutte plannen, as it my net mist sil Tom Mulder mei syn komplete kroech It Houtsje en it Reedridersmuseum út Hylpen der ek in plak yn krije. Ik ha der de gek wat mei, mar dat is ek net sa nuver. Noch gjin peal yn de grûn en al op Facebook. Dat is de nije tiid. Se soenen hjoed de krante ris lêze moatte. Of Stikelstekker folgje, mar dy Hollanners wolle fansels de twadde rykstaal net behearskje, de earste is al dreech genôch. Dêrom wolle se koste wat it kostet ek it reedriden út dat ferfelende Hearrenfean wei ha. 'Want hier spreken ze zo'n vreemd taaltje...' Net myn betinksel, mar in útspraak fan

Fryslân, in boarre yn de sinne

Afbeelding
Fryslân yn de simmer De kiezer hat sprutsen. En hoe. Yn Frankryk, Ingelân, Eastenryk en Denemarken, tafallich allegearre lannen flak om ús hinne, wurdt it anty Europeesk tinken troch it elektoraat helder nei foarren brocht. De PVV yn Nederlân wol yn Brussel en Straatsburg graach gearwurkje mei de winners fan de ferkiezings. As Wilders syn partij wat demokratysker ynelkoar sleutele hie, tink ik dat er hjir ek fierwei de grutste wurden wie. Wy meie dus bliid wêze mei de diktator Wilders, dy't mei sa'n opstelling nea grutter wurde sil as dat er no is, en dus 'behearskber' bliuwt. Wê'r't we de eagen net foar slute meie en kinne, is dat Europa net populêr is. Lannen dy't eartiids al graach harren sels as lieders fan de âlde wrâld seagen, Ingelân en Frankryk, sjogge net folle mear yn it jildferslinende gedrocht dat EU hjit. Dútslân is de grutte motor fan Europa en ek ús belangrykste hannelspartner. Rutte en co sille de ûntwikkelings by frou Merkel skerp yn

Neat op TV

Afbeelding
Hearlik, al dy ferhalen oer 'dit wie it bêste konsert ea..' De ien wol Queen de eare ta ha, de oare syn of har eigen favoryt. It makket ek neat út, oer smaak kinne je it in libbenlang ha. Dizze stiet yn elts gefal yn myn top 10. Der is dochs neat op TV, krij in goed glês wyn of wat oars en ik wik jim, dit is 1.23.39 tige goed bestege tiid. En noch wat, net te hurd meisjonge, want dat komt der efterwei. Ien fan de meast legendaryske konserten ea, Simon and Garfunkel yn Central Park. Hearlik foar in sneontejûn. In soad wille der mei.

Nederland doet gooi naar Songfestival 2030: Casper de Robles voorbeeld

Afbeelding
Replica Casper de Robles naar songfestival 2030 ‘Normale inzending niet kansrijk genoeg’ Van onze binnenlandredactie Hilversum- Het kabinet is bereid ver te gaan om na 55 jaar eindelijk het Eurovisie songfestival weer eens winnend af te sluiten. Dit blijkt uit een uiterst geheim rapport dat in bezit is van deze krant. Hierin wordt tot in detail beschreven welke revolutionaire plannen hiervoor gesmeed zijn. ‘De opvolger van Teach-In moet nu maar eens gestalte krijgen,’ lachte premier Rutte in Nieuwspoort toen hij werd geconfronteerd met het uitgelekte rapport.   Een aantal topmensen uit de neurologie en overige chirurgische sectoren hebben op last van Den Haag de koppen bij elkaar gestoken om tot een winnend format te komen. Hierbij worden heilige huisjes omver gelopen alsof ze er niet zijn. Het grote voorbeeld is het beeld van Casper de Robles, dat op de zeedijk bij het Friese Harlingen staat. In de volksmond heet het beeld De Steenen Man. Echter niet de naam,

Test

Afbeelding
Ik ha efkes in stille test dien. Foar de gemiddelde lêzer fan dizze Frysktalige side sil it net daliks yn it each springe. Mar dêrom is it ek in stille test. Eins ferwachtsje ik in minimale reaksje op dizze stille test. Ek in reaksje dêr't eins nimmen wekker fan lizze sil. Omdat it te bernich foar wurden is. De kâns is dan ek tige grut dat jim it net iens merke sille. Dat soe ek fierwei it bêste wêze.

Earnstich konflikt, minsken.

Afbeelding
Wy ha te krijen mei in earnstige konfliktsituaasje. Dat is in slimme saak. No't it waar sa opknapt dat je efkes op it terras jo stikje bôle opite kinne, as jo dat wolle, smyt dat piipjende protesten op. Wy binne freeslik fan de natuer, sis mar. Dat betsjut dat wy hjir en dêr nestkasten ophong ha, sadat de kat en oare predatoaren net by de jongen fan de sjongfûgels komme kinne. Op it terras hingje ek twa. Yn ien dêrfan binne in leaf steltsje blaukopkes lutsen. It kastje hinget flak njonken it rút en it is in aardichheid. Se fleane ôf en oan mei griene rûpen, dy't út de ikebeammen komme. De jongen meitsje ek al aardich leven, dat se sille ynkoarten wol útfleane. Mar wat is no it gefal? Ik mei graach op de stoel sitte dy't flak by dat hokje stiet. En dan mar net miene dat de âlden der yn wolle. Piipje as twa oaren en fan takke nei wynwizer hippe. Lûd protest. Dat ik ha myn board mar krigen en bin oan de oare kant fan de tafel sitten gien. Jo wolle net sa raar, dy jongen

De islam is krimineel

It folgjende berjocht komt fan teletekst. Wolle jim jimme efkes yn dat minske ferpleatse? En fertel my no never nea wer dat de islam in tolerante, leafhawwende religy is. Ik bin der wol klear mei. In Sudan is een 27-jarige vrouw ter dood veroordeeld omdat ze bekeerd is tot het christelijk geloof.Een rechter in de hoofdstad Khartoum heeft bepaald dat de vrouw moet worden opgehangen.De straf wordt ten uitvoer gebracht nadat ze van haar kind is bevallen.Ze is acht maanden zwanger en zit met haar zoon van bijna twee in de gevangenis. De vrouw is bovendien veroordeeld tot honderd zweepslagen wegens overspel met een christelijke man uit Zuid-Sudan. De Amerikaanse,Britse en Nederlandse ambassadeurs hebben protest aangetekend tegen het vonnis dat ze in strijd met de universele mensenrechten achten.

Gert Kruys soe ûntslein wurde moatte

Afbeelding
Stel: Jo binne proffuotballer. No binne dêr in soad fan en net al dy spilers kinne op in basisplakje rekkenje. Soms komme spiler en klup dan ta it ynsjoch dat it better foar de ûntwikkeling fan sa'n spiler is as er oan in oare klup ferhierd wurdt. Foar in skoftsje de fuotten by in oar ûnder de tafel is oeral goed foar. Meastal ferdwynt sa'n spiler nei in feriening dy't wat leger oanskreaun stiet. In spiler fan bygelyks Telstar dy't ferhierd wurdt, sil net daliks by Ajax yn de basis bedarje. Oant safier gjin nijs. Paul Gladon is sa'n spiler. Hy stiet ûnder kontrakt by Sparta, de twadde klup fan Rotterdam, dy't ôfsakke is nei de kelder fan de Jupiler league. Troch in wûnder mei Sparta meidwaan oan de neikompetysje en no giet it samar foar wûnder. Se meitsje sels kâns om te promovearjen. De fergeliking mei SC Hearrenfean syn promoasje wurdt al makke. Eartiids ek op in waardeloas plak eindige en troch in goede neikompetysje samar eredivyzje. It kin. Paul Gla

Bisten yn it nijs

Wy ha de list krigen mei alle partijen dêr't je op stimme kinne foar de Europeeske ferkiezings. Der wie ek in test dy't je dwaan koenen om út te finen wêr't je dan eins op stimme moatte soenen.  As je op in stik as wat fragen antwurd joegen kaam der samar fergees in opsje dy't by jo passe soe. Ik ha de test ek dien. Kaam in frijwat nuver resultaat út. Gean ik fierder net op yn, mar ik soe der net op stimme omdat ik net iens wist dat de klup bestie. Ien fan de fragen gie oer Israel. Doe hie ik myn nocht der al fan. Net in oar lân wurdt neamd, allinnich Israel. Fierder ek mar net op yngean, de teannen binne lang, no? Goed. Doe mar ris googele hokker stimwizers der noch mear binne. Aha, de boerestimwizer bestiet ek. Dy mar efkes dien. Kaam aardich better út wat ik tocht dat ik stimme soe. Jammer dat der net frege waard hokker bisten jo op dizze ierde wol misse koenen. Dan hie ik de oanfierders fan Boko Haram opskreaun.

Prachtige Amerikaanske wynmûne restaurearre

Afbeelding
As wy eartiids de kij weiden oan de Knypster kant, tsjin it kanaal fan Oranjewâld nei De Knipe oan, koenen wy him sjen. Ik ha it no oer 35 jier lyn of sa. Doe wie it al ien bonke rust en wurke er net mear. As ik oan it aaisykjen wie, koenen je der efkes tsjinoan hingje om de fûgels te bestudearjen, mear funksje hie er net mear. Earlik sein wie it gjin fersiering, mar it ding stie der no ien kear. It hearde der by. Krekt as de oare âlde mûnen, dy't soms gjiniens wjukken mear ha. (De Jouwer, Aldegea SM) Mar hjoed seach ik yn de krante dat se de Amerikaanske wynmotor oan de Wâldsterdyk wer hielendal opknapt ha! Prachtich moai! Hy is hast oantreklik troch syn ienfâld. Sjoch mar yn it artikel hjirûnder. Eins is it de Amerikaanske ferzje fan in tjasker sa as we dy hjir hienen en ha. In grut komplimint foar de minsken dy't harren hjirmei dwaande holden ha. In stik erfguod is bewarre bleaun en dat is yn de tsjintwurdige tiid it fermelden wurdich. Boppedat tsjinnet er no noch in oar do

Liverpool FC, wer krekt net

Afbeelding
En sa koe it nei 24 jier wer net echt feest wurde op Anfield Road, it romrofte stadion fan Liverpool FC. It twadde plak is it earste fan de ferliezers, sei in bekende fan my lêstendeis. Sa sil it by de Reds fan Merseyside ek fiele. Se wienen der sa ticht by. Op twa wedstriden foar de ein hienen se it yn eigen hân, mar ferspilen jammerlik punten en sa koe it idioat rike Manchester City himsels wer ta kening fan de Premier league kroane. Liverpool FC, foar my de moaiste klup yn Ingelân. Dat komt fansels omdat doe't ik my foar fuotbal begûn te bekroadzjen, de mannen út de treasteleaze havenstêd oan de westkust fan Ingelân, dêr't it altyd reint en mistich is, in klasse apart wienen. 1977, 1978, 1981 en 1984 wûnen se de Europacup 1, it gedrocht dat no Champions League hjit. Doe wienen der noch trije cups te ferdielen. De kampioenen plus de winner fan it foarrige jier om de EC1, de bekerwinners yn de EC2 en de EC3 foar oare heech eindige klups. Fiif kear wie Liverpool FC de

De ereksje fan de Topferkeaper

Afbeelding
It folgjende ferhaaltsje spilet him ôf yn in net neier te neamen showroom. Hjoed. In frijwat gewoan klaaide man rint de glimmende toanseal yn. Hy wit wat er moat. De man leveret de kaai yn oan de baly, de meiwurkster seit dat dit har twadde dei on the job is. Makket neat, se sil de monteurs ynseine dat de man syn auto efkes tuskentroch besjoen wurde moat. Yntiids hat de frijwat gewoan klaaide man al eachkontakt hân mei de man dy't gewoanwei efter de baly sit, dus jout er him gerêst del oan de ovale tafel. De kofje komt út de automaat, mar is fan redelike kwaliteit. Der sit noch immen oan de tafel, in man mei in smel snorke ûnder de noas bedriuwt de leafde mei syn iPad. It liket dat der neat oars op de wrâld bestiet as it skerm foar syn noas. De frijwat gewoan klaaide man giet sitten en nei trije werhellings fan it nijs slacht de iPad man syn eagen op as der bylden oer de fermiste famkes yn Nigeria op it breedbyldskerm komme. 'Net bêst,' seit de frijwat gewoan klaaide ma

Boekelist, better as jeuzelje

Treflik nijs hjoed. Wy moasten eartiids foar skoalle boeken lêze. Dan kamen je al gau by Het bittere kruid en mear fan soks út. Prima boeken, dêr net fan. Ik ha mei nocht de Max Havelaar lêzen. Doe't ik tsien wie... Tsjinwurdich kinne de learlingen dy boeken op ynternet al efkes foarselektearje. In koarte beskriuwing, ûnderfinings fan oare studinten, hokker nivo it boek hat en mear fan soks. Ideaal, dat ynternet. Hjoed kaam nei bûten dat op de webside Lezen voor de Lijst ek Frysk wurk komme sil. Njonken Nederlânsk en Dútsk komt by de te kiezen opsjes ek it kopke Frysk. Ynearsten komme der 30 titels op de list, letter út te wreidzjen nei 50. Babs Gezelle Meerburg fan de NHL fertelde der entûsjast oer yn Omrop Fryslân Aktueel. De klassikers fan foar de oarloch sille net ûntbrekke, mar ek modern proaza sil op de list komme. Op Ensafh.nl stienen ûnderoare Jetske Bilker, Marga Claus, Ate Grypstra, Hanneke de Jong, Auck Peanstra en Willem Schoorstra as skriuwers dy't yn de ben

Stil

Afbeelding
Hjoed is de earste fan twa dagen yn it jier dat by ús de Fryske flagge brûkt wurdt. Ik wit net wêrom, mar der binne saken dêr't ik tige prisipieel yn bin. Hjoeddedei is fjouwer maaie de betinking fan alle slachtoffers, mar foar my bliuwt it gewoan foar de 2e wrâldkriich. Makket ek net út, elts docht mar wat er goed tinkt. Wy binne ek altyd twa minuten stil. Eartiids, doe't ik noch yn ploegetsjinst yn in fabryk wurke, wie dat fansels not done. De stoere mannen hienen der neat mei. Seinen se. En dus de grutste bekken om acht oere hinne. Och wat stoer. Ik ha se der altyd om ferwinske. No noch. Meastal gie ik efkes nei bûten, of in slach troch it lawaai fan de fabryk. Mar ik wie stil, dus de herrie fan de masines koe my neat skele, dat wienen domme dingen, troch minsken oansetten. It gebral yn de kantine koe ik net oanhearre. Ek fyn ik dat alle minsken dy't op in dyk ride dêr't je wol efkes stopje kinne, dat dwaan moatte. Jim sille it âlderwetsk fine, mar sa tink ik der