Fryslân, in boarre yn de sinne

Fryslân yn de simmer
De kiezer hat sprutsen. En hoe. Yn Frankryk, Ingelân, Eastenryk en Denemarken, tafallich allegearre lannen flak om ús hinne, wurdt it anty Europeesk tinken troch it elektoraat helder nei foarren brocht. De PVV yn Nederlân wol yn Brussel en Straatsburg graach gearwurkje mei de winners fan de ferkiezings. As Wilders syn partij wat demokratysker ynelkoar sleutele hie, tink ik dat er hjir ek fierwei de grutste wurden wie.

Wy meie dus bliid wêze mei de diktator Wilders, dy't mei sa'n opstelling nea grutter wurde sil as dat er no is, en dus 'behearskber' bliuwt.

Wê'r't we de eagen net foar slute meie en kinne, is dat Europa net populêr is. Lannen dy't eartiids al graach harren sels as lieders fan de âlde wrâld seagen, Ingelân en Frankryk, sjogge net folle mear yn it jildferslinende gedrocht dat EU hjit. Dútslân is de grutte motor fan Europa en ek ús belangrykste hannelspartner. Rutte en co sille de ûntwikkelings by frou Merkel skerp yn de gaten hâlde, want as Dútslân skite moat, hat Den Haach it papier al beet.

En yn Fryslân? Ach, dêr wie it as altyd. Wol kinne wy stelle dat it CDA hjir út de jiske opstien is en fierwei de grutste partij wie. Opmerklik? Ja en nee. Dat de minsken harren nocht fan de lanlike PvdA ha, is helder. Mar yn it immer kalme Fryslân komt soks meastal wat efter de muzyk oan. No dus net?
Lykas it CDA mei harren flirt mei de PVV it skip yn gie, liket de VVD de moardner fan de PvdA te wurden.

En sa hobbelje we moai wat troch.

De neisoarch, it fierljeppen, sa no en dan in rampke, in fikse hagelbuie, in deputearre op in minikraantsje (mei helm, fansels), de fjouwer trûbadoers on tour mei twa Heidi's, nochris in fikse bui der op ta en dan is it hast tiid foar de PC. O, en in oantal festivals dêr't je Oerol wat oer lêze en hearre moatte, of je dat no wolle of net.

Fryslân yn de simmer. Krekt in reade boarre, langút yn de sinne, dy't suver wrantilich wurdt as je der in skaad oer falle litte.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen