Posts

Posts uit april, 2015 tonen

Nije webside

Bêste besikers fan Stikelstekker. Fan hjoed ôf hat Stikelstekker in nij plak op it www, mei de ekstinsje .frl Jim ha dit plak de ôfrûne jierren manmachtich besocht, dêrfoar in soad tank. Dit is myn lêste post op stikelsekker.blogspot.com. Klik op dizze link foar de nije Stikelstekker: http://stikelstekker.frl/

Rabiate flauwekul

Eugéne Roorda, Phillippus van der Meulen en Ernst Bruinsma yn it nijs Juster spruts ik mei immen dy't op myn fraach: 'It stie yn de krante, hast it ek lêzen?' sei: 'Ik lês in goede krante.' Der binne aardich wat definysjes fan rabiaat. It is leau ik gjin Frysk wurd, mar dat makket neat út. In pear betsjuttings: 1: Als je op een boze manier totaal door een idee of ideaal in beslag bent genomen 2: Fanatiek 3: Fel 4: Verwoed 5: Doldriftig 6: Woedend 7: Bezeten   8: Dolzinnig . 9: Dol De Ljouwerter Krante joech by de ynstjoerde stikken romte oan in eigen redakteur om oer de foars en foaral de tsjins fan it jaan fan Gryksk en Latynsk op it gymnasium te kedizen. Op himsels al in tige nuvere saak, want wêrom net yn in opinystik? In pear oeren letter waard LC redakteur Phillippus van der Meulen op Facebook al aardich troch de mangel helle troch Afûk útjouwer Ernst Bruinsma, dy't sei dat Van der Meulen mar better op in troch himsels oan

Tegeltjeswijsheden op moandei

Korte lijnen a.u.b 10.34 telefoan. 'Ja, jo prate mei ... Efkes oer de ôfspraak fan 11.00. Wy ha in ferkeard ûnderdiel krigen.' 'O, mar dat is al wat let om dat noch te melden... ik tink dat de frou al ûnderweis is.' 'Ha jo ek in mobyl nûmer fan jo frou?' 'Ja, mar foardat ik dat jo trochjûn ha en sa...' 'Hoe dan ek, ik ha net it goede ûnderdiel.' 'Leuk is dat. Wy ha der oars alles foar plend. 11.00 by jo, dêrnei de APK keuring omdat jo seinen dat er grif ôfkard wurde soe as er der sa foar kaam. En no belje jo goed 20 minuten foar de tiid alles ôf?' 'De auto kin in prinsipe wol foar de keuring...' 'O, no ynienen wol? Mar dat is pas oer twa oeren.' 'Hoe dan ek...' 'Ik sil besykje har te beljen.' 'Dan belje ik jo aanst wol wer ris werom oer in oare datum.' Toet..toet.. De nekhierren stienen dus al rjocht oerein. Jo binne sels op lokaasje, kinne der net folle oan dwaan.

Bracket

Afbeelding
Wy fan Stikelstekker binne folslein transparant, dus is it ek gjin probleem om de Stanley Cup Bracket Challenge hjir del te setten. It wurdt wolris wer tiid foar in Kanadeeske winner, Montreal liket my de iennichste dy't yn de buert komme kin. Wy sille sjen!

Frisselje

Afbeelding
Nei oanliding fan in lyts item dat ik hjoed fûn. It is in sturtlearke.  Soe it noch dien wurde? Foar ús wie it as bern de gewoanste saak fan de wrâld. Sturtfrisselje. Je namen in stik pickuptou, tearden it dûbel op in lingte fan in sentimeter as fjirtich, snien it tou troch mei de F. Herder dy't je standert yn de bûse hienen, fiken noch in selde stik tou ôf dat krekt wat langer wie en knopen dat yn de midden oan it oare sadat je trije toutsjes hienen dêr't je mei flechtsje koenen.  Dan namen je in part fan it hier fan de sturt fan in ko en begûnen te flechtsjen. By ien fan de toutsjes flochten jo it sturthier mei yn. As je hast oan de ein wienen, draaiden je it flochten tou ta in bol en setten der in dûbele knoop op. De einen op deselde lingte ôfsnije en: Klear.  Dêrnei koe it learke dat oan de sturtline siet oer de frissel hinne helle wurde. As ekstra koe der ek noch in knoop op it learke makke wurde sadat de sturt net maklik los kaam en yn de jarre lizze koe te g
Afbeelding

Langst

Bedoarne Hannel Nei oanlieding fan de ferline jier ferskynde roman Bedoarne Hannel naam beflein manager Nynke Andringa fan de biblioteek fan It Feen kontakt mei my op. 'Eins wol ik dêr wol in Fryske jûn omhinne organisearje,' sei se. Dan begjinne je nei te tinken oer hoe en wat. De tematyk yn it boek is swier, minskehannel. Mar moat it hjoed-de-dei allegearre mar lang leve de lol? Wat my oanbelanget net. It mei ek wolris wat minder fleurich. It boek sit oars genôch humor yn, mar it ûnderwerp is net sa om te laitsjen. Lokkich wienen der twa minsken daliks ree om op de jûn mei te wurkjen. Nicole de Boer fan Fier, it opfanghûs en folle mear fan froulju en jonges dy't op ien as oare wize yn it ferkearde miljeu kaam binne. Dêr flak njonken it plysjeburo yn Ljouwert dogge se dei oan dei goed wurk. Want der is in soad ellinde dy't jo en ik net alle dagen sjogge. Twongen prostitúsje op faak al jonge leeftyd, of op in oare wize misbrûkt, tramtearre of lamslein wurde