Posts

Posts uit april, 2011 tonen

Prostitúsje

Ira Judkovskaja en har selskip fersus 'ús' Halbe Zijlstra. Bilker pakt it net goed oan fansels, jo moatte de prostitúsje yn om te oerlibjen. Josels oanbiede binnen de Gooische Grachtengordel. Alle yngredienten binne der. Allochtoane artistyk lieder fan in noch folle allochtoaner selskip, út Fryslan nota bene. De lobby moat dus yn de rjochting fan De Wereld Draait Door. As it Bilker slagget om Ira dêr in kear as wat oan tafel te krijen, mei it fierders gjin probleem mear wêze. Miskien in petear yn Pauw en Witteman tusken de bedrige klup en Halbe, hilariteit alom, want allegearre ha se wat mei dat nuvere Frysk, dat is de goede rjochting. Dêr moat it hinne. Net lûdop raze yn de ferskuorrende stilte fan de provinsje, want dêr litte se je om sjippe gean om dêrnei te sizzen: dochs wol skande dat it der net mear is. It publyk efter jo krije, dêr giet it om. Want: Halbe sei: Gjin publyk? Gjin sinten. De simpele útlis fan in wrâldfrjemde sanearder.

Linda

It is maklik, seure oer de lintsjesrein, dat jou ik daliks ta. Mar yn de goedichheid, wêr hat Linda de Mol no in lintsje oan fertsjinne? Der stie yn de krante dat har glossy it bêst ferkeapjende blêd is. Dat foarseit net folle goeds. In wike of wat lyn, foel er op de matte, in trouwe folger fertelde my dat ik him fêst yn de postkoadelotterij wûn hie. Der stie neat yn dat blêd. Werklik hielendal neat. Dus dêr krije jo foar in part in lintsje foar? Dat hâldt yn dat it gros fan de lêzers dus it leafst neat lêst, mar swimeljend nei breameagere modellen en Italjaanske memmepopkes sjocht dy't in fleske rûkersguod troch in torso sûnder boarsthier oan de man-frou bringe wolle. Linda de Mol in lintsje, de wearde dêrfan sakket mei it jier.

Folgers

Al myn folgers binne fuort, ik sjoch se net mear. Neffens de trouwe oanhing fan Stikelstekker binne se by jimme thús wol te sjen. Dus, foar eltsenien: ik sjoch jimme net, mar wit dat jimme der binne. Snik, snik. (hjoed in soad lêzers, as it mar oer simmer en froulju giet, dan binne we paraat, no?) Oant moarn!

Sinnedepresje

As ik út it rút fan myn riante kantoar (lês hokje) sjoch, waait der fan alles foarby. De tichte, hege wyn nimt alle blossem mei. Dat is skande, want dy blomkes binne der noch mar krekt. Wy ha in pear fan dy sierbeamkes, freegje my net hoe't se hjitte, en dy sieten in dei as wat lyn noch stiiffol. No komme de blêden der troch en hup: fuort mei de blomkes. Minder as fjirtjin dagen is it libben fan in blomke oan in maitiidsbloeier. Yn de krante stie dat guon minksen lêst ha fan in sinnedepresje. Healbleate liven soargje derfoar dat se it leafst weikrûpe yn in skaadryk hoekje mei in boek. Dat lêste is fansels in goed ding, ik ha noch wol in titel dy't ik se oanriede kin, mar hawar. Ik kin my der wol yn fine. De sinne is der amper troch of je sjogge it ferskynsel, of je no wolle of net. En wêr ha ik it dan oer: âlde mantsjes dy't it bloeske útdogge en mei de bleate bast neist mem har blomkejurk fytsen gean. Werlik net om oan te sjen. Meastal sa brún as in neger (of mei dat wu

Heit en mem 50 jier

Afbeelding
En dêrfan it langste skoft op dizze pleats, dus.

Afonso Alves en de hear Spinder

Komt de namme jimme noch bekend foar? Superspits mei in grut probleem. Hy wie en is gjin baas oer himsels. Louche typkes om de man hinne bepale wat er wol en net dwaan mei. In moderne slaaf, sis mar. Doe´t er by Hearrenfean wei gie, bedarre er yn Ingelân, by Middlesbrough. Foar in dikke bak sinten yn de moanne fuotbalje op it nivo fan pak em beet De Graafschap, of sokssawat. Sympatike klup, mar hotseknots fuotbal. Neat foar Afonso, dy't op it Fean troch Sulemani en Pranjic op de heale meter betsjinne waard en dan dwaan koe dêr't er goed yn wie: goals meitsje. Hjir moast er mei fjouwerkante ferdigeners omwrotte. Eins spuide er derop, mar de sinten, no? Jo dogge wat. Dat waard dus neat, de djoerste oankeap yn de kluphistoarje mislearre. Dat wie net syn skuld, mar hy paste gewoan net. Doe kamen de aasgieren wer, en betochten wat se no mei him oan moasten. Yn de 'gewoane' fuotballannen wienen se benaud foar harren, útsein Riemer, dy slagge it wol om Afonso syn bloedhûne

De dag na morgen

Twadde peaskedei, moai waar. Wat dogge je dan? Dizze kear op oantrunen fan in goede bekende mar in boek lêze. Allan Folsom. Dy namme hat in heech Cash gehalte. In tsjok boekje, rûchwei 600 siden. Foar my is dat in middei en in jûn flink trochstampe, dan kin er wer yn de kast. De thriller fan de jierren 90, stekt Ludlum nei de kroan, sa stie op it omkaft. As earste: it lêst as in trein, oars hie ik it noch net út hân. In soad pesonaazjes, en, belangriker, hast op eltse side ien dy't om hals brocht wurdt. Op it lêst glimkje je deroer, trije siden sûnder in deade is bysûnder. Wa't der allegearre deagien binne? Ik ha gjin flau idee mear, en it is krekt tsien tellen lyn dat ik it út ha. Mar de dea slacht foar master op, sa is it wol. Folsom hat it plot flot skreaun, mar botte logysk en te leauwen is it net. In ploegje nazi's dy't stikem trochgean mei de opbou fan Dútslân neidat Hitler dea is, troch minsken dy't noch better en mear ferstân ha dan dêr't Adolf ea op r

Rendac up-to-date?

Afbeelding
'Verbetering dienstverlening Rendac' Dat stiet boppe it brief dat ik krige. Ik ha nea wat te kleien hân oer it Stjonkfabryk. Inkelt as it hiel damp waar is en de wyn út it noarden komt wol ik him wolris rûke, mong mei de lucht fan de gersdroegerij yn de Pein. Mar de service? Neat mis mei. No wurdt it dus noch better, hoera! Mar in ein fierder lês ik: 'Binnenkort worden de laadplaatsen waarop al langere tijd niet meer is gemeld uit het telefonische meldsysteem (VRS) verwijderd. Zo blijven onze systemen up-to-date.' Sjoch, dat is dan wer jammer. Ik bin wiis mei myn fee, en lit se by foarkar net deagean omdat ik dan it systeem fan de Rendac up-to-date hâld. No is Sytske, ús âldste geit, sa njonkenlytsen in jier as 11, dus stel hy soe de holle der bydel lizze. Ik mei hoopje dat ik dan net yn in callcentre bedarje omdat ik earst in nije account oanmeitsje moat. €0.10 sint de minút en folslein oerstallich. Wy steane no as net geregelde klant te boek by de Rendac, wat is

Alte Kameraden Marsch

Afbeelding
Ik koe it seniorenorkest net fine, dan dizze mar!

Wite maffia diel twa

En doe: Doe wie der samar in dokter. Doe hienen we samar in petear. Doe waarden de ûndersiken wol ferdjippe. Doe kamen der oarsaken oan it ljocht. Doe sieten we samar yn in kantoar. Doe waarden alle fragen wol netsjes beandere. Doe wie der in reele miening oer de foarútsjoggen. Wêrom moatte je earst lilk wurde? Fyn ik neat oan, mar holpen hat it al!

Wite maffia

Dizze dialooch wol neat sizze oer de kapasiteiten fan de suster, sy docht har bêst. 'Witte jo hoe't it mei him is?' 'Ik heb vandaag al met de eerste kontaktpersoon gesproken.' 'Dat soe bêst kinne, mar...' 'En ook met een broer?' 'Ek mooglik, mar ik bin hjir no, sjoch.' 'Misschien kunt u kontakt opnemen met...' 'Ik stean hjir, dêr leit er en ik wol graach witte hoe en wat!' 'U, eh, u klinkt behoorlijk, hoe zal ik het zeggen...' 'Kom ik der ek noch efter hoe't it mei him is?' 'Dokter komt morgenvroeg langs, dan weet u, eh, ik bedoel dan weet meneer meer.' 'Hy sit ûnder de morfine, as jo tsjin him sizze dat er no in sturt hat, leaut er it ek.' 'Mischien is het dan goed dat u er dan ook bent?' 'Okee, hoe let?' 'Rond acht uur.' 'Dan mei ik hjir net komme, dan is it gjin besitetiid, sa waard ik lêstendeis ôfpoeiere.' 'Ik zal kijken wat ik...'

Kont yn de broek

Nijsgjirrich ferhaal fan Teunis Piersma by de omrop. Hy fergelike it ôfbraakbelied fan de regearing mei de byldestoarm en de boekferbaarnings. No bin ik fansels poer op it lêste tsjin, teminsten, se meie se wol ferbaarne, as se earst mar kocht en betelle binne. Mar dat is eigenbelang. Kearn fan it ferhaal wie, dat je yn in jier ôfbrekke kinne wat jierren koste hat om op te bouwen. Ik moast efkes oan de sútelaksje tinke, sorry, koe ik neat oan dwaan. As ik my behein ta de boeken, hoopje ik dat de ynfloed fan de FNP yn it nije bestjoer fan Fryslân, hoe lyts miskien ek, dochs wat dwaan kin oan de ôfbraak fan stipe foar it útjaan fan Frysk wurk. De nije deputearre hat jammer genôch net kultuer krigen, dat doarde it CDA net oan, bin ik bang. De stipe foar Fryske (en streektaal) boeken fan de provinsje is yn jild útdrukt op de totale begrutting lytser as in bultsje miggestront op in wyt A4 papierke. It wie symboalpolityk om dêr oan te sitten. Twa ton by de ynrjochting fan bygelyks it Sa

Knyflok

Berjocht yn de LC fan sneon: Meiwurkers fleane elkoar oan. Wat is der oan de hân? It nije wurkjen hat nota bene yn Grins syn yntree dien. By de belêstingstjinst. Dêr sil ik fierders neat oer sizze, want dan smite se my noch mear fan dy blauwen yn de gong. It nije wurkjen dus. Ik sil jimme daliks sizze dat it my net goed taliket. Plan is, dat je eltse dei op in oar plak oan in buro oanskowe om je wurk te dwaan. Dêr sil grif yngreven en djoer ûndersyk nei dien wêze, mei dizze útkomst. Ik bin in praktysk minske, en wit dat feroarings tiid nedich ha om yn te slypjen. Dat is dus de earste oeren byprate oer wêr't se juster mei praat en njonken sitten ha. Oer de knyflok dy't de foarrige dei bedoarn hat, omdat de oerbuorman as in húskedobbe út de mûle stonk. En mear fan soks. As je moarns wekker wurde mei de wittenskip wat je dwaan moatte, hoe't jo wurkplak der út sjocht, wa't njonken jo sit en, belangryk, dat je daliks neidat de kompjûter oan stiet oan it wurk kinne, hat

Greidefûgels

Noflik hear, sa'n dei op it eilân. Wol frjemd, oan de seekant koest gjin hân foar eagen sjen, en de waadkant wie it ien stik sinne. Seedampen, soe Pyt sein ha. Der is my noch wat opfallen. Dat it droech wie, mar dat is it hjir ek. Nee, wy fytsten fan de Ballummerbocht nei Nes. Yn de loft boppe it waad skriezen, en oer de dyk saaide de iene nei de oare ljip. Dat ik oer it talúd hinne en oan de polderkant fierder. Ik seach my de eagen út. Hast op eltse eker siet in âld hij op wacht, wylst hjir yn de omkriten it fjild leech en dea is. Foar safier't ik wit ha se op Amelân gjin foksen, en ek it oantal swarte krieen liket lytser dan oan it fêste lân. Dy ljippen ha it dêr bêst. Rûge hynstedong en foaral, gjin foksen. De beskermhilligen fan Reintje soenen de situaasje dêr en hjir mar in kear tsjin it ljocht hâlde moatte. Want ek op it Amelân is jarre mei de nije metoades, en o skrik, dêr binne wol fûgels, hjir net. De foks en de swarte krie sille it fjild romje moatte, oars is Amelân

Offalputsje of Alaska

No, dêr binne we dan mar wer moai klear mei. It haadstik Magda Berndsen en de troch har sels wat oandikke leanstrookjes is noch net sletten, of we krije wer in preamkeskower. Immen dy't earst twittert en der dan efterkomt dat it dochs oars sit. Lokwinske Fryslân, wy ha der in nije topper by! Gerda Dijksman, se liket yn de fierte ek noch wat op Berndsen. Witte jimme hoe't har namme is op twitter? Grotedame . Sil ik dêr dan mar neat oer sizze? Yn frijwat minne films yn de USA wurde guon dy't der in soadsje fan meitsje gauris 'fuortpromovearre' nei Alaska. Dêr kin in blyn hynder gjin skea dwaan, sa is de útlis. Wurdt Fryslân it ôffalputsje fan Nederlân? Litte we ús dan mar Frylaska neame. De hynders binne der hast.

Djoere hobby

Witte jimme wat ien dei yn de finzenis kostet? En dan bedoel ik dus wat it de mienskip kostet: €180. Eins nuver, dat wy betelje moatte foar de sûnden dy't in oar dien hat. Dat ha we dus meielkoar sa regele. Sander de Rouwe wol no drankriders dy't in deadlik ûngemak feroarsaakje, foar sân jier opslute. Rekkenje dat ris út. 180 kear 365 kear 7. Myn bûsjapanner komt dan op €459.900. Tsja. 

Red Rum

Afbeelding
Ha jimme it ek sjoen? Ien kear yn it jier sit ik foar de tillevyzje om nei de Grand National te sjen. Flak by Liverpool leit it Aintree hynstesport sintrum, en dêr fleane in stik as fjirtich hynders oer hege hagen yn de langste koers fan it jier, mei de heechste hindernissen. Dit jier kamen der 19 oer de streek. It lot fan de oaren wie wikseljend. Twa dea, in rider yn coma en noch wat lek en brek. 250 miljoen Ingelske spikers waarden fergokt, yn ien middei. Dêr koe Wolvegea in jier as wat mei foarút. No rinne de emoasjes heech op, want de hynders waarden om twa hindernissen hinne laat. Efter dy obstakels leine nammentlik de kadavers fan de beide ûngelokkige bisten, ûnder in kleed. (ien de nekke brutsen, de oare de rêch) De BBC wurdt der no fan beskuldige dat se de race moaier yn byld bringe wolle dan dat it werklik is, mei deaden en ferwûnen. 33 deade hynders yn 11 jier. It is wêr't je fan hâlde. Wy ha hjir de Partij foar de bisten, mar yn Ingelân beskôgje se dat as in aai sûnde

Wyldspegels

In stikje nostalgy yn it nijs hjoed. Yn noardeast Fryslân komme wyldspegels by de dyk del. Dy dingen binne al hiel âld. Eartiids yn It Wâld stienen se ek al, en dan ha'k it wol oer tweintich jier tebek. Dat se net wetterticht wurk leverje kin ik sjen as ik oer it skouder sjoch. Yn myn riante kantoar (lês hokje) hinget in opstoppe bist. Ik bin net sa foar datsoarte saken, mar dizze mei bliuwe. It iikhoarntsje dat oan de wand hinget, ha'k sels deariden. Dus as in soarte fan trofee hinget er hjir no. It ferhaal derefter is sa: as je op it fuottenein wenje, is de bakker in ein fuort. Dus waard der wolris in fersyk dien oft ik bôle helje woe. Dat woe ik wol, mar dan yn de auto. Heit syn swarte Ascona. 16 jier, gjin papierke, machtich. Under melken hurd hinne-en-wer. No, toe dan mar, wie faaks de reaksje. En doe kaam ik him dus tsjin. Ik seach hoe't er ûnder de auto fleach. De learaar biology hat him opstoppe. Mar wat ik der mei sizze wol, wyldspegels keare wol wat, mar net al

Nije klassikers

Fansels falt oer smaak net te... Krekt. Mar as je de top 2000 fan de ôfrûne jierren trochrinne, falt it op dat der net folle nij wurk yn stiet. Dat kin mei de leeftyd fan de stimmers te meitsjen ha, mar ek mei wat sjoen wurdt as in klassiker. Resinte nûmers dy't it wol helle ha? Clocks fan Coldplay, Drops of Jupiter fan Train. Gjin Marianne Weber, Jannes, Auke, Bouke, Sjouke en wit ik hoe't al dat folk hjit tsjintwurdich. Kwaliteit yn nije musyk is faaks fier te sykjen. Mar ik foarsis jimme: we ha der wer ien. In nije klassiker. Al dy rappende jonges en al dy mei harren fleis skodzjende healbleate froulju wêrfan't de jeugd tinke moat dat dat de standert is, ha fette pech. Sy sille nea wer yn in list foarkomme. Mar dizze dame wol. Sy hat net de ideale maten fan MissDK, mar kin echt sjonge, boppedat makket se moaie nûmers. Ein desimber te hearren yn de top 2000, en heech ek noch.  

Adele - Set fire to the rain

Afbeelding

Kanon!

Blinder, it wie wer in spannend wykein foar de oardehânhavers. Se moatte wol tocht ha dat dy rednecks út de Wâlden rjochtdei hâlde woenen. Mei swier materieel op in paad yn Dokkum, Libie is der neat by. En alles neffens it boekje fansels: ien foar ien as makke skiep út de kroech komme graach, dan kinne wy jimme op bazoeka's kontrolearje. Skande, neat fûn. Maaaaar: doe kaam it. Yn in yn it kader fan it ûndersyk net neier te neamen fiertúch (wy neame dat auto) waard de fynst fan it jier dien. In Sinesappelkanon!!!! Daliks de terrorist yn de boeiens slein fansels, en mei grut fertoan fan macht opbrocht nei it buro. Dizze litte we net wer gean. En doe kamen se thús by moeder de frou. 'En? Hoe wie it op it wurk?' (Gewichtich gesicht) 'Drok.' 'Noch wat boeven oppakke kinnen?' (Se binne al in jier as wat by elkoar, mem snapt it hielendal) (Noch gewichtiger gesicht) 'Ien mei in kanon!' 'Soa, hokker kaliber?' (Mem moat ferplicht meisjen nei dy

Mos op de trekker

Moarns ha je sa jo rituelen. Ik rin meastal mei de earste peuk fan de dei (dat is de lekkerste!) in slach troch de skuorre, stek de holle efkes bûtendoar om te fielen oft de wintertrui noch oan moat. En doe seach ik it. Mos op de trekker! Sjoch, de ferhâldings binne helder: de auto stiet bûtendoar, mar myn trekker mei ûnder dak stean. Droech. Heartiids sieten der protters ûnder de pannen fan it foarhûs. Mar sûnt we in reade boarre ha, wolle se dat wol litte. Hy is der fûl op. Yn in pear tellen hipt er fan de grûn op de skutting en sit er yn de daksgoate. Dat is moai, want protters meie by my wol in nêst ha, mar leaver net boppe de sliepkeamers. Je krije bytiden gjin wink yn de eagen, sa'n lawaai ha dy kringen. No ha se ûntwyk socht by it ûleboerd, en rûgelje mei mos tusken it reid en de panlatten troch. Op myn trekker, dus. No, ja, lit se mar. It is foar harren te hoopjen dat de kat fan de buorren it net sjocht, dy is noch dryster as dy fan ús, en rint as in toudûnser oer de naald

Boekpresintaasje

Hoe faak ha jimme in lokwinsk krigen fan immen dy't der net mear is? It mocht my juster barre. Mei in print fan in útbloeide hynsteblom, dy't troch de wyn syn siedsjes foar in part kwyt is. Dy plúskes steane foar de boeken dy't útwaaie, en jo witte net wêrhinne. Dat immen dy't oan de ein fan syn libben wie, hjir noch oer neitocht en oan in famyljelid frege oft hy of sy dat op in kaart sette woe: bysûnder, en ik wie der efkes stil fan. Ik mocht de man graach, hjoed moatte wy him te hôf bringe. Dat is sa't it is. Juster is hjoed net. O, ja, de boekpresintaasje wie tige slagge, mar dat wie juster. Hjoed is Reinder syn dei. Rêst sêft.

Grutte wurden

Sitaat fan Robert Veenstra: 'Myn libben is Hearrenfean.' Bart van der Meer ferslokte him hast, hy soe krekt foar de safolste kear syn stopwurdsje 'úteinlik' útkreame, mar wie like ferbjustere as Simone. Dat binne grutte wurden, hear Veenstra. En miskien net hielendal trochtocht. As no moarn de ponge mei sinten fan in hege skoalle earne yn it lân by jo del komt, soenen jo dan net in lyts bytsje yn de ferlieding komme om... Ik wit it net. Mar om nei in pear jier al te sizzen dat jo libben neist in pear oerkes sliep allinnich mar út Hearrenfean bestiet. Dat komt op my wat iensidich oer. Ik ha no 27 jier in seisoenskaart, as ik goed rekkene ha. Mar myn libben is mear as de klup. Lokkich mar, oars hie ik op it stuit gjin libben. Der binne noch échte fans. Hear sels mar.

Herman van Veen Doelpunt (de voetbalsupporter)

Afbeelding

Hesjes generaasje

As it skimerich wurdt, sjogge jo se foar it ljocht kommen. Guon fleane mei maratonsnelhyd foarby, oaren skommelje as grouwe guozzen. Dy lêste groep mei bliid wêze dat it hast tsjuster is, meastal sjocht it der net út. Te strakke broekjes mei oerhingjende lovehandles. Mar se ha in doel: kilo's kwytreitsje, dus gjin ferkeard wurd dêroer. De hesjes generaasje. Jakjes, topkes? Ik neam it hesjes. Doe't we noch âld papier ophellen foar skoalle moast ik ek sa'n ding oan. Lokkich namen wy de rûte bûtenút, dat hy hong fluch oan de gemeenteauto. De sjauffeur sei der neat fan, ek net doe't ik in baarnende peuk yn de laadbak smiet. Ik ha der in hekel oan, hesjes.  Omdat it liif net tefolle útsakje moat, rin ik ek wolris in ein. Dan bejou ik my tusken de hesjes generaasje. Je sjogge se yn ferskate útfierings, mar se ha mar ien doel: opfalle foar de autobestjoerders dy't mei gong nei hûs of in fergadering ride. Ik rin yn myn brune learen jas, mei spikerbroek en swarte skuon. Ge

Moatte?

Der wie hjoed in wapene oerfal yn Stiens. Slim genôch, dêr net fan. De Omrop berjochte: 'As immen de man sjoen hat moatte jo mei de plysje belje.' Ein sitaat. Moatte? Hoesa? Wêr is de fatsoenlike fraach bleaun? Neffens my wie: 'As immen de man sjoen hat wurde jo frege om mei de plysje te beljen,' de júste wize west om ferslach te dwaan. We wurde yn dit lân brainwasht om alles wat we sjogge en dat neffens ús net goed is, daliks troch te jaan. Buorfrou dy't op snein neaken troch de tún rint en wy soene der argewaasje fan ha? Belje mei de plysje. Immen dy't de hûn útlit op it klaverblêd by it Hearrenfean? Belje de plysje. O, o, wat fiele we ús dan geweldich. 'Ik ha daliks belle! It moat net mâlder, wat miend sa'n fint wol net!' No, jimme binne helden, hear. Sûnder dizze maatskiplik korrekte figueren wie ús lân in ein minder ôf. It duorret net sa lang mear of de milieuplysje stiet op de stoepe as je winterdeis de auto fiif minuten rinne litte, omdat je

Geheimke

Noch in pear dagen, dan mei ik foar de twadde kear in roman presintearje. En dat soks altyd ferassings mei him mei bringt, kaam ik hjoed efter. De mistery guest wie by my op de kofje. No hie ik noch nea in wurd mei dizze persoan wiksele, dus dan is it ôfwachtsjen oft it wol klikt. Ik hie op in healoerke rekkene, mar it waard oardel oere, dus dat koe hinnebruie. Mar dat der hjir en dêr nuvere ferbinings blykten te wêzen, wist ik net. Ik krige der in kleur fan, mar it wie net slim, sei de persoan yn kwestje. Dus it kin oangean. En jimme witte folslein net wêr ik it no oer ha. En dat wol ik graach sa litte! Haha!

2-3

Op in gegeven stuit rekket it je net mear. 2-3 ferlern. No, en? Ik hie in applaus oer foar Geert Arend, dy't spile as in krante, mar wol twa yn in netsje skopte. En neffens my giet it dêr dochs om. It moaste momint fan de jûn wie doe't ik wer yn de auto siet. De wedstriid wie dien en de omrop starte in earste nûmer yn. Bytsje in grapke fan harren, mar wol terjochte: High time he went fan Renée. Opdonderje mei dy trener, fan it momint dat se him oanlutsen ha ik sein dat dizze man net by de SC hearde. Ik mei graach gelyk krije, mar dizze kear hie ik der gjin muoite mei hân as ik it net hie. Op it stuit stean 'we' 12de, mar ik vrees met grote vreze dat salang't dizze bêste man der noch is we gjin potsje mear winne. En wêrom net? Hy past hjir net. Punt. De seleksje is ek net je dat, mar se kinne grif better as hjoed. Dat hat alles te meitsjen mei dat se foar dizze trener gjin stap ekstra sette wolle. As er in keardel is seit er sels dat er it net mear sitten sjocht, mar

Ien april

Afbeelding
Ik jou ta, it is in gefaarlike datum, mar hjoed is it safier! Neist my stiet in doaze mei 15 boeken, en dy komme my bekend foar. Myn twadde roman sjocht hjoed it libbensljocht! Krapoan in jier nei Guozzeflecht komt It dak fan de wrâld út. Nije wike de presintaasje en dan mar wer sjen wat it docht. Ien april, gjin grap. Echt net. Sjoch mar. Moai, no?