Posts

Posts uit juli, 2014 tonen

Sturtwaskje

Afbeelding
Wy binne ein july. Hjoed belle ik efkes mei heit, niis wie op facebook in diskusje oer pakketpost op snein. Sa kaam ik dus op sturtwaskjen... Skriuwer moat hast wol in ekwivalint foar nuvere gedachtekronkelsbetinker(scrabble?) wêze. Goed, sturtwaskje dus. Ik gean efkes 25 jier werom yn de tiid. Of sa. Komt net op in jier oan. Hûnsdagen op Pauwenburg, oan de Marijkemuoiwei yn Brongergea, Oranjewâld. Broeisk waar, tusken de beamwallen. Tige geskikt foar pinken om stutsen te wurden en wrang op te rinnen. Wrang is, dit foar de net pinkehâldende Stikelstekkerlêzers, in ûntstekking oan it jaar. Meastal sa slim dat de F. Herder der oan te pas komme moast en it earme bist in oer ferspile. Aaklich wurk, jo rûnen de kâns om in flinke skop fan it bist te krijen, mar as de rommel der út koe, wie it in opluchting foar de pinke. Hûnsdagen, mei miggen dy't omraak stutsen. Net heit syn grutte freonen, dy miggen. Wy molken op stâl en dan wie de gewoante om de sturten fan de kij kreas oan de lin

Toskedokter

Afbeelding
En sa hingje jo om 08.14 yn ûnmacht. In skoftsje lyn hie der al kontrôle plakfûn, dêrút kaam dat der wat ferfongen wurde moast en de rest mocht wol efkes goed troch de waskstrjitte. Antical troch it sjipsop, sis mar. No smook ik al oardel jier net mear, mar de kofje kin ik mar min stean litte, dus sil der altyd wol wat kalk efterbliuwe. Dus wie de kombinaasje in goed plan. En skjinmeitsje en ien kies opnij behoffenje. Soks plenne jo om 08.10, omdat de kâns dat se dan al in oere útrinne aardich beheind is. En sa wie it ek. Fjouwer minuten kin hinnebruie. Earst nei de waskerij en kalkbikkerij. Frysktalich frommeske, dat is yn it mondaine Drachten al in bonus. Net dat je in soad beprate kinne, jo lizze mei de mûle iepen nei in plaat fan de Simsons te loeren en priuwe algedueren mear bloed yn de snappert, mar foar it gefoel is it krekt efkes oars. 'Jo meie de holle wol efkes nei my tadraaie,' en braaf dogge jo dat. In healoerke, doe glom alles wer. Wat der mei dat bekerke wette

Ferwizing: Nederlân is in bananerepublyk

It bloch fan hjoed stiet  hjir

Boek

Afbeelding
Ynkoarten yn de winkels

Maitsen en oar komkommernijs

Mei ik jim der efkes op wize dat de hûnsdagen begûn binne? Foar de wat jongere lêzers fan Stikelstekker, de hûnsdagen is in tiidrek dat fan 20 july oant 20 augustus duorret. It binne de dagen dat de griene kontener lûd jout. Dat komt troch de maitsen, dy't, as je goed harkje, al knisperjend dwaande binne om harren takomst as blauwe miggen ta te rieden. Se slikje yn slachoarder de binnenkant fan de kontener skjin. Jo kinne der tige mei te fiskjen, efkes de hân troch de kontener en je ha foar in dei genôch. It binne de dagen dat in stikje ham, dat oars wol in wike yn de kuolkast lizze kin, der nei fjouwer dagen sels út rinnen komt. De dagen dat alles bedoarn is foardat je it witte. Dy dagen ha ek as skaaimerk dat der nuvere berjochten yn de media komme. It saneamde komkommernijs. Dat der in Grinzer acht jier lang twa meter ûnder de grûn yn in bosk yn Drinte wenne hat of sa. Of dat Douwe Visser John Jorritsma in tút jout as er foar de 850e kear kampioen wurden is. Plat op de bek

Stifting Tsjil is der klear foar.

Afbeelding

Stevie Wonder ~ Superstition

The Great Gig In The Sky - Pink Floyd (Studio Version)

De macht fan de oargelist

Afbeelding
As je yn tsjerke sitte, wolle de gedachten noch wolris earne oars wêze of bedarje. Dat seit net daliks alles oer de preek, mar meastal mear oer jo eigen drokte yn de holle. Sa gienen fannemoarn myn tinzen efkes werom nei immen dy't der net mear is. Dat is spitich, want de persoan hie humor. Sjoch, as je as jong broekje fan in jier as 30 yn de tsjerkeried komme, binne jo debutant. Dat wit de oargelist fansels ek wol. En as je dan kollektearje moatte, is it foar sa'n oargelist hearlik narjen. Wat? No, as je wat mei de intro's fan gesangen op de hichte binne, meastal is de kollekte foar it slotlied en it slotlied is meastal in evergreen, bruts it swit my wolris út. Mei noch in stik as fiif rigen te gean, begûn de oargelist al in ein oan it foarspul te breidzjen. Hy hie de sport om de gemeente, krekt foardat ik klear en te plak stie, begjinne te litten mei de slotsang. Dat die er der om. Ik ha him der wolris oer oansprutsen. 'Dan moatst wat flugger kollektearje,'
Afbeelding

It spyt my

Afbeelding
Ja, leave blochside, do hast rjocht fan praten. Ik behannelje dy net mei respekt. Sterker, ik sjoch de lêste tiid amper nei dy om. Net omdat ik dy net mear leaf, aardich en belangryk fyn, mar gewoan omdat der de ôfrûne tiid tûzen oare dingen oan de oarder wienen. It wurk, in oantal nuveraardige saken op tv dy't him foaral op Nederlân 2 ôfspylje en dan noch de opstigings fan dyn baas dy't him ynlitten hat mei in stel tige aardige minsken mei deselde ôfwiking, nammentlik dat se wat ha mei Fryske boeken. O, en dan ferjit ik dy muzyk, it online jeuzeljen om neat en 25 oare dingen noch. Do hast dus wol troch dat dyn baas prioriteiten stelle moat, ien fan de saken dêr't er drastysk op besunige hat is spitigernôch it skriuwen by dy en it skriuwen yn it algemien. Dyn baas syn fingers dogge sear fan skamte as er dy dit fertelt, mar earlik duorret it langst, seit it sprekwurd, en dat sille se wol net samar betocht ha. No kin ik dy fan alles oan de noas besykje te hingjen oer it