Posts

Posts uit juni, 2023 tonen

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Afbeelding
Justerjûn yn Thialf frege immen my oft ik noch drok oan it skriuwen bin. Ik skodholle en moast tinke oan wat ik dêr oer skreaun ha. Dus eins skriuw ik soms noch wol wat.   De lêste tiid bekrûpt my mear en mear it gefoel dat wy live tsjûge binne fan it begjin fan de omkearde evolúsje. It sil net lang mear duorje, dan binne wy foar in part ôfhinklik fan A.I. omdat it minskdom sels net mear neitinke kin en eins ek net mear de lust hat om dat te dwaan. Reklame op TV ropt: ‘originality is overrated’. Dus orizjinaliteit wurdt oerskatten. Kopiearje is better, sa sizze de hippe marketeers fan Etoro . Mei oare wurden, tinkers, filosofen, frijbûtsers, keunstners en skriuwers dy’t sels mei oplossings komme binne net mear nedich. Nimmen giet der tsjinyn, nimmen klaget ditsoarte bedriuwen oan, alles wurdt mar gewoanwei foar wierheid oannaam. Gjin wûnder dat A.I. net folle tiid nedich ha sil om de toutsjes yn hannen te nimmen. O, A.I. stiet foar Artificial Intelligence, of wol keunstmjittige yntel