Posts

Posts uit september, 2011 tonen

Foppe

Foppe werom by It Feen. As dat mar goed giet. Ynearsten sil er him dwaande hâlde mei de jeugd. Mar sawol Foppe as Gertjan Verbeek binne baaskes. Dy't harren oeral tsjinoan bemoeie wolle. Op himsels neat mis mei, de boer moat sels de leie ha. Verbeek hat yn de pear moannen dat er yn Rotterdam wurke, de heale Kuip oars ynrjochte. Omdat hy dat woe. Moaie keardel mei in eigen idee oer prestearjen. Sa sit Foppe ek ynelkoar. Ik foarsis dat er him nei ferrin fan tiid oppenearje sil oer it earste âlvetal. As dy spylje as in krante, en hy fan miening is dat it better kin, is der fêst ien as oare sjoernalist dy't dat der út lûkt. En dan binne de rapen gear, om mar ris in Feanbyldspraak te brûken. Foppe hat safolle ûnderfining dat er him neffens my net deljaan kin yn de rol dy't er no oanmetten krijt. Dat skjirret en wrot en massearret krekt salang oant er de mûle net tichthâlde kin. En dus: Binnen no en oardel jier is Foppe wer 'gewoan' trener fan It Feen. Of technysk d

It pre Buddy Holly effekt

Afbeelding
It is fansels wol wat in sneu ferhaal. Sille je jo eigen ophâlden noch ien kear goed yn de merk sette, is der nimmen mear dy't der in bek opsette wol. Der binne foarbylden fan dat it wol goed gien is. Tina Turner hat in kear as seis in ôfskiedstour dien. Op himsels al knap. De Stones binne al sa'n tritich jier dwaande om der in ein oan te meitsjen. Slagget ek mar net. Nee, dan mar sa as Buddy. En in soad oaren. John Denderdel, dy't Leaving on my own jetplane wat te serieus naam. Snif en snuifje, kûgel en pillen. De rige is lang, hear. Cobain, Morrison, Bon Scott, om mar in pear te neamen. Bon Scott wie wol in pionier, dizze sjonger fan AC/DC. Hy sûpte himsels troch de koma hinne en gie dea. Echte trochsetter. Nea wer wat wurden, dat AC/DC. Dy keardel dy't se der no by ha te razen, klinkt as hat er in rôle sâlte drop opkôge en noch gjin gleske wetter hân. Cobain is wat in tryst ferhaal. Sjoch, dizze knaap koe echt wat. Prima songs skreaun. Ek wrange teksten, Polly b

Van de pot gerukt

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein in Redúster (20) oanhâlden yn Warkum, neidat er spul krigen hie mei in pear oaren. De Redúster wie yn syn auto oan it tútsjeboartsjen mei syn freondinne. In groepke manlju dy't ûnderweis wie nei de haven seach dat en makke der in opmerking oer. De Redúster stapte doe de auto út en sloech in man dy't syn auto hinne en wer skodde. It groepke manlju hâlde de Redúster doe fêst en warskôge de plysje. Dy naam de Redúster mei. (OF) It moat my dochs fan it hert. Ik soe it net dwaan, mar ja. Razend wurd ik fan ditsoarte berjochten. Wa moatte se yn dit gefal no oppakke? As je it oan in gewoane foarbygonger freegje, en dat ha ik dien, sizze se sûnder útsûndering: Dy manlju fansels.  En dêr bin ik it folslein mei iens. It moat net mâlder. Hoe is it mooglik dat dy Redúster de klos is! Fansels hat er in tik útdield, en dat mei net. Mar dit is wer sa'n gefal fan as der in ynbrekker by jo oer de flier komt, meie jo him freonlik freegje om fu

Sytske yt stoofpar, the movie

Stel: jo binne in wite Sanegeit fan 18 jier(!!!) âld. Jo wenje yn Boarnburgum. Dêr ha jo in eigen stikje greide. Allegearre leuk en aardich. Mar jo ha in probleem. Troch jo ultra hege leeftyd binne hast al jo tosken en kiezzen ferdwûn. Mar jo binne noch lang net fan doel om dea te gean. Sterker, jo nimme it noch fol fjoer op tsjin in lângeit mei in mânsk gewei op de kop, en slaan dan ek noch net iens in beroerd figuer. Jo binne selskipswiet as twa oaren. Jo libje op bôle, biks en wetter. En dogge dat sa fleurich as in bij. Dan wurdt it hjerst. En jo baaske wit dat jo gek op stoofparren binne. Here's what happend next: Starring SYTSKE.  Yn de blockbuster: SYTSKE YT STOOFPAR

Wol dwaan of net dwaan

Niis betrape ik my derop dat ik tagelyk oan it Facebooken, WhatsApp, Twitterjen, bloggen en mailen wie. En ik brûkte de SMS, en de gewoane tillefoan net iens. De TV stie oan en foar de feroaring wie de radio út. (Oars hast nea sa) It is fansels folslein idioat. Je wurde oan alle kanten oerspield mei ynfo. En njoggen fan de tsien kear is it kloaten fan de bok, waardeloas en soenen je der bêst sûnder kinne. Maaaar... De bern brûke al dy kanalen aanst ek. En om no foardat je pake en beppe wurde al de moed op te jaan om de jeugd noch in bytsje by te sloffen, no, nee. In papieren krante ha se net sa heech. Foar my noch altyd in ankerpunt oan de ein fan de middei. Kofje mei de krante. Mar dat is saai en âlderwetsk. Hawar, heit sil besykje de ûnearlike striid fol te hâlden. Mar ik sil jim sizze, Flickr, MySpace, Yahoo Messenger, Google Talk, Windows Live Messenger, AOL Instant Messenger en wit ik wat foar bagger der noch mear op dat mêd te krijen is, komt der by my net mear yn. Ik twitt

Ereksje yn de twadde fase

Afbeelding
Ja, minsken. Dat is in titel wêrfan't je tinke, wat soe er dêr no mei bedoele. Of mei wolle. Want wat ik dermei bedoel en wat it foarsteld, sille jim wol witte. It is hjoed in tryste dei. Dat hat neat mei de titel te meitsjen, hear. Nee, ik wol it oer ús nachtrêst ha. En dat hat dan yndirekt wol mei de titel te meitsjen. Net fuortzappe, it wurdt echt net plat, ik soe net doarre. As wy ús deljouwe en yn de sliep reitsje, bart der hiel wat. Jo sliepe yn fases. De twadde fase is dyselde wêryn't jo de measte oerienkomsten ha mei gewoan wekker wêze. Dat wol sizze dat de harsens dan fluch arbeidzje. Ynkopperke: der sille ek guon wêze dy't deis yn har dwaan en litten mear op de fjirde fase lykje, dat is de stadige sliepfase. Yn de twadde sliepfase ha jo it der dus mar drok mei. In oar wurd foar dit fenomeen is de REM sliep. It komt foar dat de man yn dit koarte skoft in ereksje krijt. Lokkich wit er dêr nei de oergeansfase en de stadige sliepfase neat mear fan. Wol is it sa

Brea-ite

Sit ik nei de algemiene skô... Nee, hear! Grapke. Wat is it moaiste en bêste fan in besite oan it Feriene Keninkryk? Krekt. It brea-iten. Lekker bakt aaike mei woarst en spek. Sjoch, dan ha je in daam yn it liif, en hoege de rest fan de dei neat mear. Dat ha se goed besjoen dêr, want dy fish and chips binne net yn te nimmen. No is der reboelje, want de sâltplysje wol dat dy Britten minder sâlt brea-ite. En daar denkt men het volgende op te hebben gevonden. Ferplichtsje de fabrikanten om minder sâlt yn it spek en de woarst te dwaan. Dan leare se it wol ôf. Typysk foarbyld fan in diskusje dy't him net op de wurkflier ôfspilet. Yn de algemiene skô... Ho, sorry, dat soe net. Dus, de fabrikant fan sâlt wriuwt him al yn de hannen. Dit wetsfoarstel moat der wat him oanbelanget daliks troch. Hy is al dwaande om de meast hippe en kekke sâltpotsjes te bestellen. En as mem of heit dan de knapperjende stikjes spek op it moarnsbrochje wipt, stean de bern al klear mei de sâltpot, beskild

Loaze romte

Okee, dit is de ienichste bydrage oer de algemiene skôgings fan dit jier. Ik sis jim ta dat dit alles is dat ik der oer melde sil: Dat wie it. Loaze romte.

Gjin kommentaar

Afbeelding
Heskes foar útdielen medisinen  19-09-2011 | 10:34 « foarige  |  folgjende » Ferpleechkundigen fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten hawwe tenei in spesjaal heske oan by it útdielen fan medisinen oan de pasjinten. Dêrmei moat de kâns op flaters ôfnimme. Op de achterkant fan de heskes stiet 'niet storen, ik deel medicijnen'.  It sikehûs ferwachtet dat troch de heskes de ferpleechkundigen minder faak steurd wurde. Ut lanlik ûndersyk hat bliken dien dat medikaasjeflaters it meast foarkomme ûnder it útdielen en tatsjinjen fan de genêsmiddels. (OF) Okee, sa wit ik der noch wol in pear! Premier Rutte moat ek sa'n heske. 'Niet storen, ik ben bezig mijn kant van het gelijk te bepleiten.' Minister De Jager: 'Niet storen, ik ben bezig jullie pensioenen aan de Grieken te verpatsen.' Trener Ron Jans: 'Niet storen, waarom weet ik niet.' Boargemaster Adema: 'Net steure, de Omrop kin elts momint belje foar myn jubileumynterview.

Not done, steltsje kultuerbarbaren!

Trije jongens, ûnder wa ien fan 19 jier út Ljouwert, binne sneontejûn om tsien oere yn Ljouwert mishandele mei in whiskyflesse.  (Omrop Fryslân) Der binne dingen dy't je net dogge. Not done, sizze se yn Ingelsk sprekkende lannen. In oantal foarbylden:  Je smite gjin rommel op iishockeyiis. Je rinne op de green net oer de tinkbyldige baan fan in golfbal. Yn in fergadering besykje jo it frijlitten fan lichemsgas sa beheind mooglik te hâlden. As je it net iens binne mei in oar, fege je der net daliks yn, mar besykje mei arguminten je gelyk te krijen.  En je misbrûke gjin whiskyflesse. Not done.  Doe't ik jierren lyn yn Skotlân in stokerij besocht, fielde ik de leafde fan de minsken foar it produkt dat se makken. It hie in soad wei fan religy. As ik der goed oer neitink, rûk ik noch de ikehouten fetten, rigen lang opsteapele, en foarsjoen fan jiertal fan produksje.  As der dan in pear domkoppen elkoar de harsens ynslaan wolle, moatte se dat sels witte, mar brûk dan in oare

Foto

Afbeelding
Moai hinnehok, net?

Beskôgjend stikje

Blinder, it is mar drok op myn bloch hjoed. Ik soe no in beskôgjend stik skriuwe moatte oer it boekefeest, juster yn de Hoofdplaats. Jammer, dat komt der net fan. It wie hjoed in dei as alle oaren, gewoan oan it wurk, dus. Mar no't ik it der dochs oer ha: it wie gesellich. Juster, bedoel ik. Hjoed net, deade boel, no?

Boekefeest

It liket sa maklik. Mar kom der mar ris! It wurde noch in pear hektyske oerkes, hear. It sit sa, junior moat earst noch ponyride, en dat is bêst, mar heit moat eins it seal der wol efkes oplizze. En oansingelje, want dat slagget noch net sa goed. Dan ha je de horde De Pein noch, want dêr is optocht. Dus it soe samar kinne dat we dêr in skoft nei de fersierde weinen steane te sjen, wylst de pony en it boekefeest wachtsje. De overall moat mar oer de kreaze klean hinne, en as it hynder mei junior op de rêch omhobbelet, mar op de wei ferstrûpe. Der soe dus hjir en dêr noch in flarde hynstelucht hingen bliuwe kinne, mar dat is dan mar sa. Klompen en skuon binne maklik te wikseljen, dus dat mei it probleem net wêze. Jim ha wol troch dat je de ein hast yn de bek ha foardat it feest begjint? Earst de brûs mar oer de lea, en dan ite. It is wat.

Masturbearjende Sint Nykster

Masturbearjende fytser oppakt! Je lêze ek de nuverste dingen op de side fan de Omrop. Dit slimme foarfal spile him ôf op de Gedempte Molenwijk yn It Feen. No ha ik dêr in soad omslein, want kafee De Breede Weg en disko Bacchus ha jierren in soad frijwillige bydrages fan my krigen. Ik wit dus, dat yn de Munniksteeg, de ferbining tusken de Dracht en de Gedempte Molenwijk, huizen van plezier wienen. En miskien noch wol binne, wy wenje no earne oars. Dêrmei is net sein dat ik in fêste klant wie, it is krekt as mei de measte minsken dy't yn Drachten by dy sekswinkel delrinne, efkes in skean each, no?  Mar dizze man fytst dus mei it spul út de broek oer de wei. Liket my op himsels al waardeloas. Dy hurdfytsers mige ek wolris fytsendewei, as de wyn ferkeard stiet, liket my dat in wiete boel. Hawar, de Sint Nykster hie, wylst er fytste, dus dúdlik oare gedachten. Miskien koe er in besite oan de dames fan lichte seden net betelje, en wie er dêr sa frustrearre oer dat er maling o

Brulloftsje

It siet der al in dei as wat oan te kommen, mar hjoed wie it safier. Omdat der nea oer skreaun wurdt, doch ik it lekker wol. It skythûs ferstoppe. No, dan wurde je bliid wekker. Efkes de details: De melding kaam, en de kofje wie noch net klear. Wol hast. Dus dan earst mar nei it hok om ark. Besykje in slange  om de hoeke te wrotten, en dan it wetter der op. Gjin resultaat. Dan mar kofje. Earst hânwaskje fansels, mar op in gegeven momint binne je der troch, krekt as yn it swimbad, en fiele en sjogge je neat mear. Mei blidens yn it húske omgraaie, wylst je sels eins ek wol sitting hâlde woenen, mar ja. Dy drompel is dochs wat heech. Al dizze faktoaren soargje derfoar dat it sin op de betide moarn net echt opknapt. It kaam der op del dat den pot fan den plaats moest worden geschroefd, en buiten de deur fierder operearre wurde moast. Rinne je dus foar njoggenen mei it húske ûnder de earm oer it hiem. Hiel bysûnder. Fansels skeat de slange út de pot, dus ek noch in straal wetter oer de

Periode van 'gewenning'

Leave lêzerkes, we belibje turbulente tiden. In lytse gearfetting: De NAVO smyt mei bommen. (Gaaaap) Troch it misbaksel dat Beurs hjit, is it pensjoenjild aanst op. (Fraach is: wêr is it blean?) Man pykt út, út in sletten ynrjochting. (Sprekt elkoar tsjin) En sa is der noch folle mear. Mar ien ding foel op: ús senatoren krije in iPad. Ja, echt wier. No hie ik fan de earste keamer altyd it idee dat se alle stikken yn grut lettertype oanlevere krigen. Mar sjoch no, se binne blykber ek by steat om in tablet te betsjinjen. Of... Sjoch, dat se gjin beammen mear omseagje hoege om al dy oerstallige nota's en moasjes út te printsjen, is fansels hartstikkene prima. (boarne: F de H te N.) Mar dy tabletten, dy sille se sels net betelje. En no is der ek noch in 'periode van gewenning' ôfkundige. Dus kostet it ús dûbel jild. Ik stel my sa foar dat de koerier, dy't al dy stikken altyd by de Leden der Eerste Kamer thúsbesoarge (!), no mei smart opwachte wurdt. Want se ha w

Steatslotterij

Juster wie it de 10e fan de moanne. In soad minsken sille dan in bytsje yn spanning sitte. Soe ik hjoed wat winne yn de steatslotterij? Ik net mear. Ik bin der hielendal lyk mei. Al jierren doch ik mei, en it kin lang net út. Sterker, der moat in bak jild efteroan. De ienichste reden wêrom't ik noch mei doch, is de fêste oertsjûging dat ik de haadpriis win, ien moanne neidat ik opsein ha. Eins wurdt ik dus gizele troch myn eigen tinken. En ik wol leauwe dat soks in grutte boarne fan ynkomsten is foar de steatslotterij. Se meitsje my net wiis dat it by it gros fan de dielnimmers wol út kin. Mar de gedachte fan: stel no... Meidwaan oan de steatslotterij is in gemiene, op emoasje basearre, ferslaavjende wize fan ekstra belesting betelje. Dus, ik sjoch net mear nei de útslaggen. Se kinne my wat. Hâld der dan mei op, hear ik jim sizzen. Ja, mar ik spylje automatysk mei, en hoe moatte je dat opsizze? Boppedat, stel no...

Utspraak

"In ootmoed achte de één de ander uitnemender dan zichzelf" Dat seit Paulus yn de brief oan de  Filippenzen 2:3. Moaie útspraak. Mar somtiden ha'k der wat muoite mei. Hjoed bygelyks. Lit ik it dêr mar by litte, oars komme der minder moaie teksten op it WWW.  Ien ding: Yn dit iene gefal achtsje ik mysels 'uitnemender' dan... Sa. 

Hy is wer lekker, hear!

Ha, ik ha wer in hearlik stikje opdûkele! Fan ien fan myn favorite siden, de onvolprezen hiemstek fan de gemeente Smellingerlân (sis mar net Drachten). Lees en huiver!!! Probleemstelling Projectbureau De centrale As heeft op 27 september 2010 namens het college van GS van provincie Fryslan, reeds een kapvergunning aangevraagd voor 4 bomen die worden verplant. De vergunning is destijds niet verleend omdat er nog aanvullende gegevens moesten worden verstrekt en het feit dat er begin 2011 schriftelijk is gevraagd de aanvraag "in de ijskast" te leggen, vanwege de schorsing van het Provinciale Inpassingsplan door de Raad van State. Hangende de schorsing wilden gedeputeerde staten geen vergunningen aanvragen die nog niet strikt noodzakelijk waren. Op 4 augustus is gevraagd de behandeling van de aanvraag weer voort te zetten en de kapvergunning zo spoedig mogelijk na 15 september te verlenen. Ook wordt er gevraagd af te zien van het verbinden van een voorwaarde van fe

Literatuer en stoofparren

Och heden. Ik seach ta myn skrik dat it al fjouwer dagen lyn is dat ik wat op myn webloch skreaun ha. Jim soenen wol tinke kinne dat der wat is, mar dat falt ta. It is krekt as wurde dy dagen al mar koarter... (sterke grap!) Hawar, ik moat wol efkes reagearje op Abe syn stik. Ik ha in stikje kopiearre, ik nim net oan dat er my dat kwea ôf nimt. Soe it foar in skriuwer net altyd en oeral gean moatte oer syn literatuer? Oer literêre teksten? Oer wat dêr allegear achter en ûnder en yn sit? (boarne: seedyksterfeartfisk) Nee. Ik bin it dêr net mei iens. It liket my dat as jo lêzers berikke wolle, it ek wol in kear net oer literatuer gean mei. Mar oer de kleur fan de stront fan de hûn, om mar in dwersstrjitte te neamen. Wat is dêr mis mei? Lêze moat willewurk wêze. Oars dogge je it net. En om altyd en oeral oer teksten en eftergrunen te skriuwen liket my sa saai as it mar kin. Hjoed begelyks sille we yn famyljeferbân stoofparren skile. De beam sit barstensfol en se binne lekker. No, le

Skriuwerswykein

Sa. Dat wie wer in waarm bad. In pear dagen op it eilân, dat ûntbruts der noch oan. Efkes de see sjen. Nuvere skytmerakels, mar dy frjemde kronkel ha ik no ienris. It is net fernijend, want je witte sa stadichoan alle brike tegels en eltse meter fytspaad út de holle, mar dy see, no? Dat is it. Dat rûzjen fan dy weagen, hearlik. Dat we kinne der wer in skoft tsjinoan. Tiisdei ris sjen wat de hearen Louwes en Kootstra yn it sin ha oer de Moanne fan it Fryske boek. Ik lift mei op de ûnderfining fan dizze betûfte artysten, en dan sjogge we it wol. It wurdt in drokke moanne. Komme we hjoed thús, lei der in útnoeging fan it Skriuwersboun foar in wykein Gasterlân. No lizze myn roots foar in part yn dat gea, dus dat soe de drompel net opsmite meie. Nee, it is it ferline dat my hjiryn wat pleaget. Ik wit net oft jimme wolris nei in wykein fan in OR west ha? Undernimmingsrie, júst, dyselde. Dat ha'k in kear as wat min ofte mear ûnder druk meimakke. En dat is my nea tafallen. Ik waard fa

Wilders en it keningshûs

Wilders wol de ynfloed fan de kening beheine.Ut it regear en allinnich noch mar lintsjes knippe. Ek de PVDA liket dy kant út te skaaien. Ik bin hjir poer op tsjin. Wêrom? Wy ha in keningshûs, dêr mei elts fan fine wat er wol. It kostet in slompe jild, dat is de meast populêre klacht. Amtners kostje ek bakken mei sinten, dêr hear ik nea immen oer. Hawar, dat is net de reden wêrom't ik it mei Wilders ûniens bin. It echte talint yn bestjoerssin sit yn it bedriuwslibben. Gewoan omdat dêr mear fertsjinne wurdt. Dus binne we foar it regear oanwiisd op populisten en twadderangs bestjoerders. It ien komt troch it oar. Je moatte der dochs net oan tinke dat dit lân noch mear breinroer rekket en massaal op in figuer as Wilders (en noch in pear oaren) stimme soe, dat der dat net mear in bytsje tsjinwicht is? Je meie fan Beatrix sizze wat je wolle, mar ik ha har miening seis kear yn de wike en twa kear op snein heger as dy fan Wilders. Allinnich dêrom al moat de situaasje sa bliuwe as dat