Wol dwaan of net dwaan

Niis betrape ik my derop dat ik tagelyk oan it Facebooken, WhatsApp, Twitterjen, bloggen en mailen wie. En ik brûkte de SMS, en de gewoane tillefoan net iens. De TV stie oan en foar de feroaring wie de radio út. (Oars hast nea sa)

It is fansels folslein idioat. Je wurde oan alle kanten oerspield mei ynfo. En njoggen fan de tsien kear is it kloaten fan de bok, waardeloas en soenen je der bêst sûnder kinne.

Maaaar... De bern brûke al dy kanalen aanst ek. En om no foardat je pake en beppe wurde al de moed op te jaan om de jeugd noch in bytsje by te sloffen, no, nee. In papieren krante ha se net sa heech. Foar my noch altyd in ankerpunt oan de ein fan de middei. Kofje mei de krante. Mar dat is saai en âlderwetsk.

Hawar, heit sil besykje de ûnearlike striid fol te hâlden. Mar ik sil jim sizze, Flickr, MySpace, Yahoo Messenger, Google Talk, Windows Live Messenger, AOL Instant Messenger en wit ik wat foar bagger der noch mear op dat mêd te krijen is, komt der by my net mear yn. Ik twitter, mail, sms, belje, bloch, whatsapp en facebook. Wa't dan gjin kontakt mei my krije kin, so be it. Dan is it fêst net belangryk.

En moarn komt de krante lekker betiid!!!  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen