Posts

Posts uit maart, 2012 tonen

Bloedfanatyk sirkulaasje-volleybal

Afbeelding
  It is in bjusterbaarlike dei. Healwei tsienen oanwêzich yn de sporthal om de skoalle te supporterjen. Volleybal. Mei ûnbegryplike spulregels. In seal fol mei kritende bern, en baltende âlden derop ta. Gewoanwei bin ik frijwat rêstich yn dizze omstannichheden. Jo moatte in natuerlik oerwicht útstriele, no? Mar doe't ik nei trije potsjes de regels yn it snotsje krige, seach ik grutte malversaasjes fan dyselde regels. Net troch de bern, mar troch de âlden. Alle steriotipen dy't yn de krante steane, binne wier. Se raze en dogge alles dat god ferbean hat om harren neiteam nei de oerwinning te manipulearjen. Tsja, dan wurdt it bloed dizze ymport wâldpyk sûpe. Jo wurde tige emosjoneel, en hippe suver op en del by elts behelle punt. Nei twa kear de lieding op in flater wiisd te hawwen, kamen der al wat gemiene blikken ûnder it net troch. Se hienen net tocht dat der noch immen de regels troch ha soe. De sfear waard broeierich, in inkeling fan de 'oaren' die al ris in