Bloedfanatyk sirkulaasje-volleybal

 


It is in bjusterbaarlike dei. Healwei tsienen oanwêzich yn de sporthal om de skoalle te supporterjen. Volleybal. Mei ûnbegryplike spulregels. In seal fol mei kritende bern, en baltende âlden derop ta.

Gewoanwei bin ik frijwat rêstich yn dizze omstannichheden. Jo moatte in natuerlik oerwicht útstriele, no? Mar doe't ik nei trije potsjes de regels yn it snotsje krige, seach ik grutte malversaasjes fan dyselde regels. Net troch de bern, mar troch de âlden. Alle steriotipen dy't yn de krante steane, binne wier. Se raze en dogge alles dat god ferbean hat om harren neiteam nei de oerwinning te manipulearjen. Tsja, dan wurdt it bloed dizze ymport wâldpyk sûpe.

Jo wurde tige emosjoneel, en hippe suver op en del by elts behelle punt. Nei twa kear de lieding op in flater wiisd te hawwen, kamen der al wat gemiene blikken ûnder it net troch. Se hienen net tocht dat der noch immen de regels troch ha soe.

De sfear waard broeierich, in inkeling fan de 'oaren' die al ris in slach om it fjild, krekt as woe er de omfang en sterkte fan de opposysje yn kaart bringe. Ik ha de keardel net wer sjoen. Blaaswei.

Us eigen leave pop helle de finale net, mar in oar tiim fan skoalle wol. En dy ha we mei syn allen nei de beker begelaat. Op in rêstige, elegante wize. Mei in soad oanwizings dêr't jierren erfaring út spruts. Mei oare wurden: like fanatyk as de sykte. Om eskalaasje te foarkommen ha wy ús by de priisútrikking net oerjûn oan al te hurd joechei roppen, der waard lofts en rjochts om ús hinne al ris yn 'e hannen flybke en sa raar wolle je no ek wer net op sneon.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen