Posts

Posts uit juli, 2011 tonen

crowded house four seasons in one day

Afbeelding

Split Enz op de skoaltas

Junior moast in skoalletas ha. Dat ha je as se grut wurde. It die my tinken oan de tas dy't ik eartiids hie. Dat wie in hiel o heden. Der waarden doe strange easken oan sa'n tas steld. Hy moast fan lear wêze, mei twa fan dy knipslotten der op en in riem mei gesp. En hy moast netsjes bliuwe. Alteast, yn de earste klasse. Healwei it jier skreanen we de tas fol mei swarte filtstift. Alle subkultueren waarden etalearre. En jo tilden dy tas net oan it hânsel, mar sa dat er nei oardel jier útskuorde. No wie ik yn dy tiid foar PSV, je ha sa jo jeugdsûnden. Dire Straits, Status Quo, The Cure en mear fan soks waard op myn tas kalke. Alles sa dat je net tefolle út de toan foelen. Mar ik hie der ek noch wat in frjemde bandnamme op stean: Split Enz. De bruorren Neil en Tim Finn út Nij Seelân. Doe't ik foar it earst I hope I never hearde wie ik ferkocht. Letter, doe't de Finn mannen Crowded House oprjochten en it prachtige album Woodface makken waard ik noch in grutter oanhinger.

Skûtsjepool

Eins hie ik him hjoed winne moatten. It Feen lei der prachtich by, mar ja. Dat se it noch oan it sânde plak ta brocht ha, jout betrouwen. Komt wol goed. Moandei starte fan it fiifde plak, no, as der in bytsje wyn is, kinne we dy 0.9 hast wol byskriuwe. As dit no de minste wedstriid wie, is der neat oan de hân. De fleur der mar wat ynhâlde. It wie oars in spul fan kâlde hannen dêr oan de Tynje. Nije wike simmer, de koarte broek oan en oan it ein fan de middei lek stutsen wurde troch de brimzen dy't de tongerbui ek oan kommen fiele. Fûgeltsjelân, no? SIMMER YN FRYSLÂN!!

Literatainment

In roman yn in tweet. Ien fan de ûnderwerpen út DWDD fan it ôfrûne jier. Miskien ha jimme it sjoen. De presintator frege him yn alle earnst ôf, oft je yn ien tweet in roman ferpakke koenen. En nei eltse bydrage fan oer it generaal jonge minsken, dy’t bliid wienen dat se ek efkes har moment of glory ha mochten, in daverjend applaus. En Jan Mulder mar knikke. De diskusje oer de literatuer moat ditsoarte ûntwikkelings net negearje. De tiid nimme om in stik te lêzen, en der dan ek noch wat fan fine, no, ik wit it net. Der sille altyd guon bliuwe dy’t dy ynteresse ha, mar de wrâld leit der wol wat oars hinne as foar it ynternet. Doe wienen kranten en boeken net wei te tinken, no leit dat wat oars. As ik sa om my hinne sjoch, binne der mear hûzen dêr’t de krantejonge oan foarbyfytst, dan dat er der in krante yn de bus smyt. De kompjûter stiet prominint yn de keamer, en is de hiele dei oan. Krekt as de TV. Bylden kinne hurder ferwurke wurde as teksten. It is makliker. Junior hat mar ien hân d

Embargo

Afbeelding
Hjoed krige ik de foto, makke op de Feanhoop. Fansels soe ik him graach oan jim sjen litte wolle, mar helaas. Oant 16 septimber leit der in swier embargo op. Hawar, moaie kâns om nochris skamteleas reklame te meitsjen foar:

Heart - Mistral Wind (live in Seattle, 2002)

Afbeelding
Mmmm. Se binne noch altyd on tour. Jûn te sjen yn Cincinnati, letter dit jier yn Nij Seelân en Australie, mei Def Leppard.

De Fryske Facebook Revolúsje

Afbeelding
Ja, der is wat geande minsken. Nei yngreven analisearjen fan in stikmannich opinystikken skreaun troch de crème de la crème fan de Fryske skriuwerij, bin ik om. Facebook is it nije biedwurd. Kranten en omroppen dogge te min oan reklame meitsjen, tiidskriften steane ûnder druk, dus dan sels mar los. Merkundersyk hat opsmiten dat je earst in soad freonen ha moatte, dit om it oaljeplak grutter te meitsjen. No hie ik in stik as 5000 minsken útnoege, mar doe sei Feestboek dat ik fan it net ôfmitere wurde soe as ik ek noch mar ien doarde oan te klikken. Dus pas op de plaats. Mar it begjin is der, en ik ha der grutte ferwachtings fan. Mei nei oanlieding fan al dy troch matsjedoaren opstelde stikken, fansels. Tank dêrfoar. De kommende tiid sil dizze foto dus geregeld te sjen wêze. Oer fierdere statezjy bin ik yn oerlis mei de meast snelle jonges dy't in pear miljard yn it jier omsette. De iene hjit B. Gates. Dat stie op syn kaartsje. Koe de man net, mar nei in bakje kofje mei in stik

Nei de H loere

Sa. Tiid foar in dreech stikje literêr kommentaar, want dêr is driuwend ferlet fan as ik de ferhalen op ynternet leauwe mei. Of nee, sorry, hjoed mar efkes net. Ha it nochal drok hân. Net mei skriuwen, saai, gewoan mei it wurk. Dus tiid foar eat dat better ferkeapet as alle Fryske boeken yn in kroade. Ja, bêste minsken, we moatte it der dochs mar oer ha, it Frysk nasjonalistyske orgasme komt der wer oan. Trije wiken lang, en it begjint yn ús Grou. Snik. Sjoch, dat se yn Frentsjer mei in baltsje hinne-en-wer slaan is ús hjir wol goed. Want wy ha Klaas. En dy sit yn de Woeste Pibe. Mei Sippy. En in net neier te neamen stjoerman. By dizze in oprop, doch dy man net langer tekoart, neam syn namme, wy wolle soks witte! Alles wolle we witte. Fan lummels, kloaten, knikken yn skoaten en starte fan de wâl. Fan boskjes, droechten, baren en stikkenfearne helmhouten. En ik? Myn beleving is nochal iensidich. Ik sjoch wêr't de H is. En as er net foaroan fart, ha ik de smoar yn. Want sjoch, al

Mark Knopfler - Telegraph Road - Live at Montreux 2010 (High Quality)

Afbeelding

Snieflokje

Gjin grutte oankeapen dit jier by Feyenoord. Dat snap ik, want de grutste opfretter stiet net yn it fjild, mar sit op de bank. Gjin neil om de kont te klauwen dêr yn Rotterdam, mar wol ien fan de djoerste treners oanstelle. Sil wol ien as oare havenbobo garant foar stean. Mar dat se him foar de groep sette begryp ik net. It is gjin skoalmaster sa as Foppe of Wiljan Vloet (en Jans). Koeman is der noch nea yn slagge in âlvetal better spylje te litten. Ja, hy is in kear as wat kampioen west en hat lofts en rjochts in pear skalen yn de kast stean, mar mei materiaal dêr't de gemiddelde trener fan in fiifde klasser it ek mei oprêden hie. As je mei   Zlatan Ibrahimović , Rafael van der Vaart , Ahmed Hossam , Hatem Trabelsi en Maxwell  gjin baas yn Nederlân binne, dogge je it net goed. Mar as coach fan Valencia, Benfica, AZ en PSV moast er bouwe oan in team. Dat kin er dus net. No moat er mei in drege groep oan it wurk yn Súd. In groep dy't bepaalt wa oft harren it balskoppen leare

Waarm

It hat in pear oerkes duorre, mar ik bin wer aardich op temperatuer. Meastal is in bak patat op it fuotbalfjild foldwaande, hjoed net. It wie stjerrende kâld yn Burgum. Hurde wyn en rein, it hat in kop sop en in pear gehaktballen koste om my wer by te waskjen. Der waard ek noch balskopt. Troch in stik as âlve eilânbewenners út Spanje. Tiktiktik, en frij foar de keeper. Leau net wat der yn de kranten komt. Se spilen op heale krêft, en dat wie rom tarikkend. Ik wie der al bang foar, it liket op it ôfrûne jier. Foppe en Riemer wienen der ek, ik wol net leauwe dat de mannen in leuke jûn hân ha. Sels de foarsitter wie der. Yn in kolbêrjaske. Dy sil no noch wol yn in hite tobbe sitte om te ferwurkjen wat er sjoen hat. Ik sil gjin nammen neame, mar it lofter rychje? Dat wurdt in hiele toer, sa is it al. En oan de manlju om my hinne te hearren bin ik net de iennichste dy't der sa oer tinkt. Leukste opmerking fan de jûn: De hear De Haan út Nes kaam foarby, ien fan de omstanners spruts de f

Verwerpelijke houding

Afbeelding
Bêste minsken, ha jimme dit berjocht juster yn de krante stean sjoen? Net bêst. En it wurdt noch slimmer. Evert de Jong kin him mar tariede op noch in klap yn it gesicht. Wêrom? Hjoed hat in dame út Jobbegea my op de foto set. Dêr hie ik it al earder oer: http://stikelstekker.blogspot.com/2011/07/portretfoto.html Leuke dame by the way, se smookte, en fûn krekt as ik dat je dan hast in paria binne. Hawar, it barren wie op de Feanhoop. Ja, OP de Feanhoop, frou S. En ik bin der yn in freeslike pose opkaam. Boppe-op in picknicktafel. Mei Sweedske klompen oan. Sa op it itersplak fan minsken dy't net witte dat ik dêr mei it gat sitten ha. Der wurde dêr gâns hûnen útlitten, mei wat pech hie ik ek noch in skamper stront oan de klompen. Dat ik wit net hoe't dit komme sil mei Evert en my. Koe wolris op in rjochtsaak útdraaie. Lokkich foarseit John Paulusma in soad wetter dit wykein, kin dy tafel moai skjinreine. It resultaat is 16 septimber te sjen by de iepening fan de moanne fan i

It Feen en It Fean

Winkels 't Fean enerzjysuniger. Kop fan in berjocht op de Omropside. Ik tocht, ris efkes lêze hoe't se dat dêr oan de Kolk oplosse wolle. Blykt it oer It Hearrenfean te gean. Dat is betiizjend. It Fryske Haachje, Et Vene yn it Stellingwerfsk, of It Feen. Niks It Fean. Dat is klaaiklutepraat. It Fean leit yn de wâlden, It Feen net. Yn it Fean wennet Joop Atsma, yn It Feen Tineke Huizinga. It Fean hat syn profronde en it fjildriden, It Feen hat De SC, Thialf en de Friesland Flyers. Yn It Fean prate se wâldfrysk, yn It Feen sille se sa njonkenlytsen wol meast Nederlânsk prate. Der bestiet wol in Feenster dialekt, mar dat is der al aardich útstoarn. Ik leau net dat de omlizzende doarpen benaud binne foar It Fean, hoe oars is dat mei It Feen. Se ha beide in sintrumfunksje, mei winkels en sa. It Feen is moaier as Drachten, dat sille se fan It Fean ek wol sizze. Dus, It Fean is It Feen net. En oarsom.

Oertinking

Wjukwapperjende gefjochten om koetsekralen yn divi-divi-beam. Houtdowen. Klapperjende putdeksels yn ratteldyk. Izeren klinkerts. Oerstekkende stikelbargen. Plat. Geiten, Griken en gekken. Blut.

Kreaker

Hjoed in besite brocht oan de kreaker, anneks manuele terapeut. Sa stiet er te boek. De âld rêch is wolris wat dwers, en strielet dan sinjalen út nei de lofterpoat, dat sadwaande. It is in gemien kring, dy terapeut, dat sil ik jim sizze. Hy hat wolris tsjin my sein dat er der mar neat oan fynt, op dy ZZPers omstrike. Want it liket hiel wat, mar se lizze der allegearre, hear. Ik kin der mei libje dat er leaver in kreas frommis mei lichte klachten befiele mei, mar om it dan sa plat te sizzen is ek wer net sa netsjes. Fierder kinne we it wol aardich roaie. Hawar, we wienen drok dwaande om Contador syn kâns op in oerwinning yn de Tour te bepraten. Samar jout er my in drukker op de rêchwervel, en KRAK. Ik tocht, dy is midstwa. 'Zo, dat zat wat scheef,' sei er. Naarling. Nije wike moat ik wer. As der ek mar wat ferbettering te fernimmen is, sis ik it ôf. Kin der yn myn plak in keardel fan twahûndertfyftich pûn ynplenne. Hat er wat.

Earste boek

Yn it ramt fan de moanne fan it Fryske boek 2011 kaam it fersyk om in stikje te skriuwen oer it earste Fryske boek dat ik lêzen ha. Klear, dogge we. Mar doe tocht ik, it earste wie net it moaiste. Net yn it Frysk, en net yn it Nederlânsk. As lytse jonge wie ik wei fan Arendsoog en Witte Veder. (it hynder hjitte Lightfeet?) P. Nowee, jim sille it wol witte. Pinkeltje, Kameleonboeken, De smokkelaars van de Schans, de scheepsjongens van de Bontekoe en Pietje Bell. Machtich. Mar doe krige ik it earste part fan de trilogy fan Thea Beckman yn hannen. Geef me de ruimte! Ik sloech hast efteroer, sa prachtich fûn ik it. Earst wist ik net dat it in rige fan trije wie, mar doe't ik dêr efterkaam wie de hikke fan de daam.Triomf van de verschroeide aarde as twadde part en Het rad van fortuin as tredde. Dizze boeken ha ik lêzen, wer lêzen en doe noch in kear as wat. Tsjokke boeken, foar ien fan acht, njoggen jier. Mar foar my de moaiste jeugdboeken ea skreaun. En it moaiste Fryske boek? Dêr mo

Ferslach

Moai.

SC Hearrenfean? Falske bestjoerders!

Koart krieme: ik bin net bliid mei de nije seisoenskaart fan de SC-Hearrenfean. 'Frysk bloed tsjoch op' stiet ûnder it klubembleem. Dat hie net moatten. De SC is de lêste jierren allinnich yn namme noch de folksklup dy't it wie doe't Riemer, Tjisse, Foppe, Henk en mear fan datsoarte minsken de septer swaaiden. As der eartiids wat wie, bellen je efkes nei de dame efter de baly en klear kaam it. Mar no liket it ferdacht folle op in bedriuw wêryn't de bestjoerders harren efter tsjokke doarren yn ergonomysk ferantwurde stuollen deljouwe, en gjin boadskip mear ha foar de minsken dy't dizze klup grut makke ha: it folk dat yn waar en wyn op de tribune sit. As Feanfan yn ieren en sinen wie ik fan doel om de presintaasje fan myn twadde boek, It dak fan de wrâld, yn it Abe Lenstrastadion te hâlden. Like my aardich. Mear as 20 jier in seisoenskaart, dat skept in bân. Boppedat woe de SC har yn it ferline graach as Fryske fuotbalferiening profilearje. Fotootsje yn de kra

Portretfoto

Afbeelding
Ha, dit is wer wat nijs! Niis waard ik belle troch in dame dy't fotograaf blykte te wêzen. It is wat. Wolle se myn kreaze kopke net op in portretfoto ha? Foar it argyf fan Tresoar. No, dat komt klear, as se him mar goed fier fuortstopje dan. De reden derfoar sjogge jim hjirûnder. En hjir hie ik in knappe dei, dus bergje jimme mar as it sin wat minder is. Lokaasje wurdt de Feanhoop, datum jou ik net wei. Ik stel foar dat se de omjouwing mar op de print set...

Droege bannen

Sa leare je dus eltse dei wer wat. Oanlieding foar al dy omfallende fytsers yn de Tour? De tuben binne net droech genôch. Droege woarst is my net gau te droech, mar tuben? Neffens it duo Michel Wuyts & José De Cauwer waarden eartiids de bannen fan de wichtige fytsers in jier as wat bewarre neidat se produsearre wienen. Dan koenen se droegje. Pas dan wienen se sa te montearjen dat it perfekt te plak siet. Hjoed-de-dei is dêr gjin tiid mear foar en dat is de hearen in gruwel. Der is noch earne in kelder yn België, (dêr krij ik dan wer nuvere assosjaasjes by) en yn dy kelder lizze noch moaie, ripe en goed te brûken bannen. Kulferhaal of echt wier? Eartiids wie alles better, dat ik twivelje. Soene der bylden fan dy kelder wêze?

First things first: morellen

Hoogerland. Cash. Nije wethâlders sykje yn komkommertiden. Springkessens dellizze foar in gek dy't graach op in skoarstien sitte mei. (stumper brekt de heup ek noch troch al dy ôflieding) De PVV wol fiskje. In pony op 'e rin. Foppe op 'e rin? (niis efkes sjoen, 28 graden yn it skaad, en gjin wolkje oan de loft yn de Pacific. Mmm) Miss Fryslân gjin miss Nederlân, no, it is wat. It is dus simmer. Echt nijs is der net, hoewol, lit ik in wichtige meidieling dwaan: de morellen binne ryp. En dat is betiid, hear. Se binne by it pearse ôf. En dan binne se wol te iten. As se noch read binne, lûkt de bek dy byelkoar, sa ferhipte soer kinne se wêze, mar no? Prima. De hiemklyster hat it ek troch, en we ha útwreiding, in houtekster komt ek in kear as wat yn de fiif minuten skeanoer. Drok op it hiem, dus. Wol is der noch in probleemke: de Frieslander earpels binne troch it net hinne waakst, en as ik dat no losskuor, wit ik net hoe't it komt. Dêr woe ik my de kommende dagen 

Sibe van Aangium en Kazachstan

Der is immen yn Kazachstan dy't myn bloch folget. No ha ik dêr by myn witten gjin kunde. Ik wit wol ien en oar oer Kazachstan. Yn Rusland voor gevorderden, ien fan de prachtige reisboeken fan Jelle Brandt Corstius, skriuwt er een haadstik oer dit ûnherberchsume oarde. Oer de iiskâlde wyn dy't oer steppe jaget, de korrupsje en oer 'gewoane' minsken. Prachtich, foar elts in oanrieder. Kleine landjes, it boek dat er dêrnei skreau, wie sa goed net, mar noch altyd de muoite wurdich. Immen dy't in foarleafde foar Ruslân hat, is in stekje oan los, sa seit er. No, dat wit ik dan ek wer. Altyd al tocht dat ik net hielendal fris yn de holle wie. Komt troch dy aaklige Russen, dus. Hoe reitsje je sa yn de besnijing fan sa'n lân? As ik myn (beheinde) geheugen der op neifreegje komt de namme Sibe van Aangium boppedriuwen. Ik tink dat hy it op syn gewisse hat. Seit jimme wol wat? Van Aangium? Skriuwer fan geweldige jeugdboeken, en foar my wiene De smokkelaars van de Schans d

Flaanderen

It hat foardielen, Flaanderen by Nederlân. De literêre prizen bliuwe yn eigen lân, we winne it Grut diktee wer in kear, de top trije fan it balskoppen wurdt samar top 6, mei Standard, Club Brugge en Anderlecht der by. Se kinne ús leare hoe't we klassikers op de fyts winne moatte, en it skynt dat se better itensiede kinne. Allegearre foardielen. Allinnich jammer dat it net barre sil. Se sille noch earder op harsels bliuwe. Se ha in hekel oan de grutte bekken fan de Nederlanners. Hoe't soks mei Friezen sit wit ik net. Wy hienen thús eartiids Bêd en Brochje, en dêr kamen ek wol Belgen op ôf. Neat mis mei, se fytsten en fûnen Fryslân wol wat op Flaanderen lykjen. Dat se hast troch it bêd hinne kakten wie ta dêr oan ta, mar it geëamel oer de patat, dat wie my neat. By ús yn de buert siet in knappe snack, dy koe goed patat bakke. Mar yn har eagen wie it neat. Dy tsjokke sloppe Flaamske brot, dat wie pas patat. No, lit se dêr dan mar bliuwe. Der binne hjir al genôch minsken dêr't

Tom Petty And The Heartbreakers - Mary Jane's Last Dance

Afbeelding
It is hjoed tiid foar in fleurich walske, it waar is goed en Ljouwert siket in nije wethâlder. Last dance with Florijn.

Oplossings?

Problemen binne der om oplost te wurden. Sa komt it nije Frysk museum der, omdat de boargemaster fan Ljouwert yn dy tiid, korrupt oant yn de teannen, yn it foar de útslach fan it referindum al wist. As der mear minsken tsjin as foar stimme, wat te ferwachtsjen wie, sizze we gewoan dat der gjin (en no begjin ik hast te koarjen) 'gekwalificeerde meerderheid' wie. Sa dogge je dat. Hjoed nijs oer de brânwacht. Te djoer, dus moat der ien en oar ticht. Mar, der is in noarm yn dit lân, dy't seit hoelang je der oer dwaan meie om by de fik te kommen. En leau my mar, de measte brânwachten binne heale pyromanen, dus dy wolle echt wol. Goed, as je yn bepaalde hoeken yn Fryslân de oanrydtiid net binnen de noarm helje? Jim fiele him al oankommen fansels. Juist, daar hadden we dus het volgende op gevonden: Wy ferromje de noarm. En dan wurdt it as bonus ek noch feiliger, want wy falle binnen alle noarmen! Briljant! Jou dy persoan dy't dit betocht hat in sigaar en lit him of har dire

Een tonnetje hier, een tonnetje daar...

Ha, dêr wie er wer, myn favorite side: de beslutenlist fan de gemeente Smellingerlân (sis mar net Drachten). Dizze kear binne se ta de konklúzje kaam dat de parkearmeters ferfongen wurde moatte. No ha ik noch nea murken dat dy dingen oan ein binne. Der komt altyd kreas in kaartsje út, mar jild moat rôlje, no? Okee, foar alle trouwe parkearders yn Drachten: Hjir giet jim parkearjild hinne. Lees en huiver. En besykje út te rekkenjen hoefolle auto's hjirfoar in healoerke parkearje moatte. Probleemstelling Voor het betaald parkeren in Drachten zijn in totaal 32 parkeerautomaten op straat aanwezig. De oudste is van 1993 en de nieuwste zijn in 2010 geplaatst in het kader van de uitbreiding van de zone betaald parkeren. Voor 2011 en 2012 staan respectievelijk 8 en 4 automaten van het oude type op de vervangingslijst. Deze 12 automaten zijn tussen 1993 en 2001 geplaatst en technisch aan vervanging toe. (O, ja?) Besluit 1. Er wordt een krediet beschikbaar gesteld van €161.680,-- voor de

De airco jonges en famkes fan de Omrop

'No, Pyt, ik soe sizze: einliks waarmte!' Ergernis! Dy hittepetitten en manlike seurpotten fan de Omrop dy't ferplicht in 'petear' mei de waarman oanknoopje moatte omdat it foaral 'leuk' wêze moat. En dat giet dan fansels oer it útbliuwen fan waarmte wêrfan't 90% fan de minsken hopet dat it net boppe de 30 graden wurde sil. Wat in dom gejeuzel. Se soenen in dei bûtendoar oan it wurk moatte. En dan bedoel ik ek oan it wurk, net mei in longdrink op it terras. Want it is om mislik fan te wurden. Moarns ride se mei har aircoautookes nei Ljouwert, ferdwine yn in aircostudiootsje en ride 8 oerkes letter mei datselde aircoautootsje wer nei hûs en ferwachtsje dan dat it noch 30 graden yn it skaad fan har mega parasol wêze moat. Omdat we dêr safierhinne dochs wol in bytsje rjocht op ha, no? Gjin idee fan wat gewoane minsken oerdei dogge, seker? Wylst it prachtich waar is, hast de hiele simmer al. Hjoed ek. En mar eamelje dat we de minsken graach wat moaier w

Buurtbarbeknoeie

No, we ha it wer hân. De romrofte buurtbarbekjû. Ik wit dat dit bloch lêzen wurdt troch in oantal buorlju, mei dat in reden wêze om minder kritysk te skriuwen? Nee dus. Net dat der in soad wie om jins galle oer kwyt te moatten, hear. Sterker, in wie mar wat tam juster. Ik persoanlik siet noch mei de Prednison yn de bealch, dus al te folle sop ha ik net ta my naam. Dat hat in oantal foardielen. Se hoege je net út de hage te fiskjen, en it liket oft je wat beskôgjender nei sa'n jûn sjen kinne. Hat dy wesp dochs noch wat goeds dien, it loeder. Hawar, op de sigerige wyn en de oerdoasis karaoke nei, wie it net sa min. It iten wie goed, mar de barbekjû ferhipte it om fatsoenlik te baarnen. En dat is no al in jier as wat sa. Sjoch, op it lêst is der gjin hin mear dy't sjocht oft de baarch no wol of net gear is. Rau fleis sakket ek maklik troch de hals, kôgje hoecht net. Dus oar jier graach de garânsje dat it kring goed waarm is, ik gean der fan út dat ik dan sûnder medisinen oa

La Grande Boucle

As slim gefal fan sportferdwaze allessjogger folgje ik de meast idioate sporten. Dus de Tour de France ek. Net dat it de moaiste tour is, dy yn Itaalje is folle better en dreger, mar de Tour hat no ien kear de namme. Eartiids wie it sa dat de measte etappes it oansjen wol wurdich wienen. Winnen tsjin Bernaudau en Pieter tsjin dy Dútser, datsoarte ritten. Ik ha it skema besjoen, de earste wike hoech ik net te sjen. As er goed is, wurdt dat de grutte Cavendish show. Dat is net om oan te sjen. Se litte in stel stumperts gean, dy meie in minút as tsien pakke, en dan jaget it peloton krekt sa hurd dat se trije kilometer foar de streek ynhelle wurde. Dan sette se Mark Renshaw as in om him hinne bitende hiemhûn foarop en de ein fan it sankje: Cavendish winner. En al dy tiid moatte je dat gejeuzel fan dy Drint mei 'de deskundige' oanhearre. 'Kijk dan! Kijk eens wat ze doen! Zo, dat is pas linkeballen, zeg!' Ik sjoch it net. De Tour fan ferline jier wie om krekt te wêzen twa mi