Kreaker

Hjoed in besite brocht oan de kreaker, anneks manuele terapeut. Sa stiet er te boek. De âld rêch is wolris wat dwers, en strielet dan sinjalen út nei de lofterpoat, dat sadwaande.
It is in gemien kring, dy terapeut, dat sil ik jim sizze. Hy hat wolris tsjin my sein dat er der mar neat oan fynt, op dy ZZPers omstrike. Want it liket hiel wat, mar se lizze der allegearre, hear. Ik kin der mei libje dat er leaver in kreas frommis mei lichte klachten befiele mei, mar om it dan sa plat te sizzen is ek wer net sa netsjes. Fierder kinne we it wol aardich roaie.
Hawar, we wienen drok dwaande om Contador syn kâns op in oerwinning yn de Tour te bepraten. Samar jout er my in drukker op de rêchwervel, en KRAK. Ik tocht, dy is midstwa. 'Zo, dat zat wat scheef,' sei er. Naarling.
Nije wike moat ik wer. As der ek mar wat ferbettering te fernimmen is, sis ik it ôf. Kin der yn myn plak in keardel fan twahûndertfyftich pûn ynplenne. Hat er wat.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen