Links en rjochts
Links en
rjochts
Stadichoan
begjin ik my mateleas te ergerjen oan it lân dêr’t wy yn wenje. It lân dêr’t wy
alle dagen de foardielen fan in folsleine demokrasy fiere meie, yn relative
frijheid. Dat relative kom ik daliks op werom.
Sûnt de lêste
twa ferkiezings wêryn’t de kiezer in helder antwurd jûn hat op wat se feroare
ha wolle, yn alle tinkbere demokratyske frijheid fan it stimhokje, lit it lân
him fan syn naarste kant sjen. It alâlde adagium fan it links en rjochts tinken
en wêzen hat yn jierren net sa skerp west. Teminsten, dat wolle de politike
brallers en razende media/kranten ús leauwe litte.
Mar is dat wol
sa? Ik bin nammentlik slim yn betizing. Dat wol ik graach mei in oantal
foarbylden taljochtsje.
Ik bin pasifist.
Anty oarloch. Bin ik dan links of rjochts?
Ik wol graach
dat wy goede soarch ha en hâlde. Bin ik dan links of rjochts?
Ik wol graach
dat de âlderein net troch in robot, mar troch in persoan fersoarge wurdt. Bin
ik dan links of rjochts?
Ik wol graach
dat wy sûn ite, leafst produkten fan eigen boaiem. Bin ik dan links of rjochts?
Ik wol graach dat
it winters winter is. Bin ik dan links of rjochts?
Ik wol graach
dat politisy nei it elektoraat harkje en dêr belied op meitsje. Bin ik dan
links of rjochts?
Ik wol graach
dat bern goed lêze en skriuwe kinne. Bin ik dan links of rjochts?
Ik wol graach
dat de asylproblematyk op in humane wize oanpakt wurdt. Bin ik dan links of
rjochts?
Ik wol graach
dat wy yn de Rânestêd begryp foar rurale saken ha en oarsom ek. Bin ik dan
links of rjochts?
Ik wol graach
dat oeral yn Fryslân Frysk praten wurde mei. Bin ik dan links of rjochts?
Ik wol graach dat boeren buorkje kinne en in protte greidefûgels yn it lân. Bin ik dan links of rjochts?
Ik wol graach
dat wy op in fatsoenlike wize nei duorsum regissearre wurde omdat de fossile
boarnen op de duer op reitsje. Bin ik dan links of rjochts?
Sa kin ik noch
wol even trochgean. Yn it ekstreem polarisearre klimaat wêryn’t Nederlân/Europa
op dit stuit wrakselt en partijen elkoar foar ferrotte fisk útmeitsje, bin ik
dan links of rjochts, as ik mei boppesteande punten iens bin? Of is elts
woltinkend minske it dêr mei iens? Lizze de stânpunten echt safier út elkoar of
giet it om hiele oare belangen? De âlde belangen fan jild en er foaral macht,
sa as troch de skiednis hinne?
Ik doch hjirby
in oprop oan (Fryske) kranten, media, politisy en opinymakkers om op te hâlden
mei dizze sinleaze wei. It sil it lân net helpe, de demokrasy is mei dy brij
fan soere stikken echt net holpen. En links en rjochts tinken is echt freeslik
âlderwetsk, sjoch mar nei boppesteande punten. Brek dy ferdomde politike/mediale
bubbels ôf en doch jim eigen eagen wer iepen. Links en rjochts bestiet net echt.
Dat tinke jim en libje dêr neffens, omdat it jim alle dagen yndruid wurdt. Dat
is dy relative frijheid. Troch dat domme links en rjocht tinken, binne jim net
sa frij as dat jim wêze koenen.
Neffens mij is de democratie oan ein fan siin bestean. Fer is ien noadig die ot de romte krijt om te sizzen sa dooge we en net oars. Elts en ien moat dan folgje, voor en tsjinstanners..
BeantwoordenVerwijderenDat is democratie en net dat oeneinige geauwehoer, troch pakke, oars giet alles nei de bliksem!
Investment is one of the best ways to achieve financial freedom. For a beginner there are so many challenges you face. It's hard to know how to get started. Trading on the Cryptocurrency market has really been a life changer for me. I almost gave up on crypto at some point not until saw a recommendation on Elon musk successfully success story and I got a proficient trader/broker Mr Bernie Doran , he gave me all the information required to succeed in trading. I made more profit than I could ever imagine. I'm not here to converse much but to share my testimony; I have made total profit returns of $20,500 from an investment of just $2000 within 1 week. Thanks to Mr Bernie I'm really grateful,I have been able to make a great returns trading with his signals and strategies .I urge anyone interested in INVESTMENT to take bold step in investing in the Cryptocurrency Market, he can also help you recover your lost funds, you can reach him on WhatsApp : +1(424) 285-0682 or his Gmail : BERNIEDORANSIGNALS@GMAIL.COM tell him I referred you
VerwijderenSa kin ik noch wol even trochgean. Yn it ekstreem polarisearre klimaat wêryn’t Nederlân/Europa op dit stuit wrakselt en partijen elkoar foar ferrotte fisk útmeitsje, bin ik dan links of rjochts, as ik mei boppesteande punten iens bin? Of is elts woltinkend minske it dêr mei iens? Lizze de stânpunten echt safier út elkoar of giet it om hiele oare belangen? De âlde belangen fan jild en er foaral macht, sa as troch de skiednis hinne?
No sa
BeantwoordenVerwijderenTsja mien dei begon al goed en no leas ik disse blog..en ja sa soe it allejer in soad mooier wease op use wrald..wie ha de measte kranten oane kant lein en de televisie de door ut dien en it is in stik mooier wurden ..al sjuche we wol wot der geande is en troch meielkoar ien ferbiening bliewe en ien gesprek don stjinne we net sa tsjin oerelkoar.....Tanke Ferdinand
BeantwoordenVerwijderenWat fynst hjir fan? https://x.com/terjehelland/status/1824192938152268014
BeantwoordenVerwijderenIt falt eins wol ta mei polarisaasje yn Nederlân. https://www.tilburguniversity.edu/nl/magazine/overzicht/het-valt-eigenlijk-wel-mee-met-polarisatie-nederland
BeantwoordenVerwijderen